Wepperkes -tongersdei-
22 augustus 2007Easterein wint
24 augustus 2007Easterein – Wommels
It beloofd jûn in grut spektakel te wurden yn Easterein. Wier de muoite wurdich om efkes del te kommen. Wy wolle hjir noch net sizze wat der allegear barren giet. It moat in ferrassing bliuwe. Allegear komme dus!! Soargje derfoar dat je der rûn 18.30 binne dan misse je neat!
Klear?
It liket derop dat Wommels klear is foar jûn(klik hjir).
Noch net útskeakele
SDS 1 hat ien kear wûn en ien kear ferlern yn it bekertoernooi. Meastal betsjut dat útskeakeling. No lykwols net. Sjoch de stân en konkludear mei ús dat er noch best wat mooglik is at oaren ploegen wat meiwurkje wolle.
Gjin seleksjes fan sneon
Torch it 60-jierrich jubileum fan SDS is, binne der sneon gjin offisjele wedstriden. Dêrom binne der ek gjin seleksjes.
Wol…net…wol
Juster krigen wij it berjocht dat SDS 5 nije wike net bekert tsjin Zeerobben. Hjoed krije wij it berjocht dat it wol troch giet. De wedstriid koe net yn Easterein plakfine omdat der gjin fjild beskikber is. De rigels sizze dan dat de wedstryd bij de oare klup spile wurde moat. Dus sette de feteranen tiisdeitejûn om 18.00 oere (en net in minút letter) ôf nei Harns om 18.45 te fuotbaljen.
Untfiering foarkommen
Ut tige betroubere boarne hawwe wij heard dat der in poging west hat Ate Vellinga, de materiaalman fan de Wommelser ploech, te ûntfieren. De AWTB (Algemiene Wommelser Tafersjoch Brigade) wie alle lange tiid op de hichte fan de plannen. Neffens net befestige berjochten sit de ERB (Easterender Radikale Bende) der efter. Sij wiene mei dizze ûntfiering fan doel de komst fan de Wommelser bussen en limousine op te kearen om sa de Wommelser fuotballers út de konsintraasje te heljen.
Ate Vellinga hiene se dêrbij nedich om de brêge omheech te draaien omdat der net in diplomearre brêgewipper yn Easterein is.
Kommentaar fan Ate: “Ik lit mij net gek meitsje troch sokke aksjes”
Arbitrale trio
De wedstriid Wommels- Easterein stiet jûn ûnder lieding fan Jelle de Boer, Ienser fan komôf en no Skrokbewenner.
Syn assistenten binne Klaas Overal en Daan Boersma.
At er ek in fjirde man oanwêzen is, is ús net bekind.
Oefenje
SDS 2 wol graach op sneon 1 septimber efkes oefenje. Mocht der in klup wêze dy ’t hjir belangstelling foar hat dan kin dy kontakt opnimme mei Hylke Schrale(klik hjir).
Aktie by Aktiesport
It nije damesteam fan SDS sil moarn tusken 16.00 en 17.30 fuotbalklean helje by Aktiesport yn Ljouwert. Sy krije dêr 20% koarting op it hiele assortiment. De froulju hawwe lyk bedongen dat dit foar alle SDS’ers jild. Kom dus moarn nei Aktiesport! (as je net hoefe te fuotbaljen).
Juiche!!
Mocht der jûn skoord wurde dan binne wy benijd hoe ’t der juicht wurde sil(klik hjir).
Mixtoernoai
Dit is de lêste list (bywurke oant tongersdeitejûn 22.30 oere). Der binne in pear spilers ôffallen en der binne der in pear bykommen. Sa as it no stiet dogge der 66 spilers mei (6 teams fan 8 spilers en 2 teams fan njoggen spilers). Der is noch romte foar 6 spilers. Belje of mail Meinte (meintewesselius@hetnet.nl, till. 332431).
naam voornaam Anema Skelte Bervoets Remco Boekholt Jaap Boekholt Korné Boer Ewoud de Boer Ids de Boer Paul de Boer Erwin de Boer Douwe de Boersma Ids Bouma Stoffel Broersma Feiko ? Bruinsma Steffen Deinum Wichard Dijkstra Dennis Dijkstra Harm Auke Faber Marten Feyten Andrew Halbersma Tsjeard Hallema Arjen Hiemstra Floris Hoek Kasper Hoekstra Robert Hoekstra Marco Hofstra Aant Hofstra Gerlof Jan Hoitinga Wesley Hylkema Jildert Hylkema Wouter Jelsma Jan Simon Jong Hendrik de Kamstra Pieter Kooistra Doede Kooistra Sytze Krimpen Stefan van Los Arjen Molenmaker Klaas ? Okkema Donny Okkema Durk Okkema Tjerk ? Okkema Tsjipke Klaas Okkema Klaas Overal Samme Overal Syb Piek Remco Plantinga Jacob Plantinga Bauke Jan Pompstra Jarco Posthumus Arjen Posthumus Gearard Rispens Sjoerd Ruiter Hjalmar Stenekes Anne Stenekes Jan Stremler Harm Strikwerda Bote Stuiver Peter Sybesma Robert Tichelman Freek Toering Jaap Vermeulen Tiemen Wariman Ralph Wesselius Sybren Wieren Jacob van Wijnia Jappie Wijnia Willem
Letter hjoed mear