Wepperkes -freed-

De SDS-jeugd yn aksje!
17 maart 2006
Werom út Liverpool!
18 maart 2006

Giet it troch?
De fjilden yn Easterein lizze der knap by. De ferwachting is dan ek dat sneon de wedstriden yn Easterein allegear trochgean.

Oefenje
SDS 1 hat sneon gjin kompetysjewedstryd. Sy oefenje yn en tsjin Wykels/Hallum. Mocht it fjild dêr te min wêze dan wurdt der útweken nei it kuenstgêrs fan Zeerobben.

Gjin grap
De wedstryd fan sneon 1 april tusken BCV 1 en SDS 1 begjint net om 14.30 mar om 18.30. Dit is wier gjin 1 april grap. Fanút Burgum wurdt der melden dat dizze tiid de sponsors better útkomt. Dus ek yn de 1e-Klasse wurdt der al swichten foar de kommersje. Wy hâlde it der op dat it iets mei de kninegatten te meitsjen hat………..

Tillefoannûmer
Mochten der klups wêze dy ’t ris tsjin SDS 1 oefenje wolle dan kinne sy altiten de leider fan SDS 1 Anne Brouwer skilje. Syn tillefoannûmer is 0515-331836

Traine
Undanks de kjeld wiene der juster dochs wer 12 man op de training fan SDS 4 en SDS 5. Opfallende trainingsbisten binne de lêste wiken Bas de Haan en Rinse Joustra fan SDS 5. Sûnt sij beide yn de sportyfste wyk (stjitte) fan Wommels wenje, slane se gjin training mear oer. Se hawwe harren dus goed oanpast.

Oefenje of net?
SDS 3 moat sneon foar de kompetysje út nei Blauw-Wit ’34. Dizze wedstryd stiet al foar de safolste kear op it programma. SDS 3 hâldt der dan ek swier rekken mei dat it net trochgiet. Sy sille dan oefenje tsjin Trynwâldster Boys yn Oentsjerk op kuenstgêrs. Opfallend is dat dizze kear Age Tigchelaar net op it programma stiet as skiedsrjochter………Dan sil it no wol trochgean?

Ynhelje
No ’t der de lêste wiken safolle wedstriden ôflast binne komt de KNVB wat yn ‘e knoop mei it kompetysje-programma. Sy litte witte dat der Peaskemoandei yn elts gefal net fuotballe wurdt(y.f.m. Aaipop?) mar dat der op (Peaske)tiisdei 18 april jûns wierskynlik al ynhelle wurde moat troch inkelde teams. Ek wurdt de kompetysje mei in wike ferlengd(nei 13 maaie). Foar de jeugd sil de kompetysje 2 wiken langer trochrinne(nei 27 maaie).
Hjir sil de Skoalleseize net sa wiis mei wêze….

Nei Burgum mei??
Der is al in hiel aardige reaksje binnen kommen fan immen dy’t rie jout oan Marcel hokker spilers hij meinimme moat nei Burgum yn ferbân mei de kninepleach op it fjild dêr. Lit jim kreative geast efkes wurkje en jou rie oan ús trainer. Mail nei info@vv-sds.nl!


Klean oer?
Jos Zonderland wie foar 2 wiken werom net al te lokkich. Nêst syn appartemint wie der op in nacht in flink brântsje west. Syn appartemint hie lokkich genôch net folle skea al is alles yn ‘e hûs goed ferrikke. Fan de gerdinen oan ’t de ûnderbroeken rûkt alle nei reek. Jos syn klean bin by syn mem yn de wosk en hy rint no al 2 wiken yn de klean fan syn swager. Om ’t der no syn nocht wol hat fan de Donald Duck-ûnderbroeken en de Jantje Smit T-sjurts wolle wy SDS’ers oproppe om klean foar Jos te regeljen. Dus wa ’t klean lizzen hat dy ’t Jos passet nim it dan sneon efkes mei!!

Ah ha…..
Mark Postma en Rudy Dijkstra binne al inkelde jierren dwaande mei harren webside Sabetocht.nl. No hawwe sy it yn ‘e holle krigen om fan harren hobby lyk harren wurk ek mar te meitsjen en hawwe sy in V.O.F. stichten. Sy binne fan doel in soad jild hjirmei te fertsjinjen. Oan de nammen fan de websides sil it yn elts gefal net lizze:
www.concordia-design.nl
www.ienmiljoeneuro.nl

WK-voetbalpoule
Om alfêst yn de stimming fan it WK Fuotbal te kommen kin je alfêst oan in poultsje meidwaan. Op dizze webside kin je alfêst in gokje weagje. It kostet neat en der binne leuke prizen te winnen.

Letter fêst noch mear!