Wepperkes -freed-

It sykjen nei nij talint!
22 februari 2006
Wepperkes -sneon-
25 februari 2006

Parsefoarljochter
Marcel Frankena soe graach ien hawwe wolle dy ’t op sneon foar him de krante te wurd stean wol. Wa hat hjir belangstelling foar? Mail ús!

Fuotbaldagen
Alle jierren organiseart de KNVB fuotbaldagen foar de jeugd. Ek dit jier binne der wer mooglikheden om dêr oan mei te dwaan. Sjoch bijgeand
artikel.

Reklamebuorden ophingje
Wa ’t moarn tiid hat mei Enne Jehannes wol efkes helpe om wat reklamebuorden op te hingjen. Hy begjint om 8 oere. Graach in boor meinimme sûnder triid en boorkes fan 10 of 12mm. Alfêst tige tank.

Programma sneon
Der is moarn in ynhelprogramma foar de ferskillende alvetallen. Allinne de veteranen fan SDS moatte foar de bekerstriid thús oantrede tsjin Anjum. Sjoch foar it komplete programma
hjir.

Ôflast
De wedstryd fan SDS 3 tsjin Leeuwarder Zwaluwen giet moarn net troch. De spilers waaie út oer SDS. Sa gean der 4 mei de 35+ mei en 4 mei SDS 2. Sjoerd van Beem kin moarn eindliks wer ris yn de tún oan ‘e gong(sjoch hjir).

Begjintiid
SDS 1 moat moarn nei Grins foar de striid tsjin Oranje Nassau. De wedstryd begjint om 15.00 oere.

Kat en mûs?
Hoe liket it moarn mei de kânsen fan SDS 1 tsjin Oranje Nassau? Wurdt it in spultsje kat en mûs? Lês hjir hoe ’t Topamateurvoetbal.nl der oer tinkt.

SDS’ers der net op út?
It liket derop dat it útsje fan Robert, Durk, Jan-Simon en Marco yn it wetter falt. De wedstryd fan Liverpool tsjin Fulham is fersetten fan Peaskemoandei nei 15 maart.

Rabje
Juster hearden wy yn de kantine in nijtsje. De geruchten geane dat de fanatykste Heerenveen-supporter en Nieuw-Noorder Gearard Posthumus in stadionferbod krigen hat by SC Heerenveen. Dit wol ús eins net oan. Wy ferwachtsje hjir hjoed noch in reaksje op fan Gearard sels. Mail mar nei ús.

Spiler fan ’t jier
Dirk-Yde stiet wer boppe-oan yn de stân fan de spiler fan ’t jier. Sjoch hjir foar de hiele stân.

Letter hjoed mear

Hawwe jim noch nijs, mail it nei ús!