Wepperkes

Nije trainer (5)
28 november 2003
SDS 1 seal fan kop ôf.
28 november 2003

Nû 14

 

Johan Cruyff, de man dy’t ús op dit stuit tige ienfâldich útleit hoe’t in wedstriid taktysk yn elkoar sit, fuotballe foarhinne ûnder nr 14.

Dat is dêrom in legendarysk sifer yn it fuotbalwrâldsje.

By SDS is nû 14 itselde as in straf.

It belied fan SDS is dat der alle wiken in 14de man op de bank sit dy’t “selektearre” wurdt fanút SDS 2.

De spilers fan SDS 2 sitte tongersdeitejûn nei de training dan ek yn tûzen noeden te wachtsjen op de komst fan Anne Brouwer. Hy moat de deadlike wurden útsprekke: “lokwinske, do bist de sigaar”.

Mei dizze wurden waard ek Willem Wijnia oanwezen foar de wedstriid tsjin Bolswardia.

Gelokkich fongen de omstanners him goed op. Sy joegen gelyk wat tips om dit leed goed drage te kinnen.

Willem mei in laptop op de skurte neist Kees Jansen op de bank levert fansels in prachtich ferslach op. Trefferkes út de klaaiboks binne út de earste hân.

Neidat de mooglikheden allegear trochrûn wiene, sette Willem dochs wol optein fuort. “Der binne dus dochs wol mooglikheden om dy 86 minuten goed troch te kommen”sa tocht Willem.

Wylst Willem syn Richt it blide nijs fertelde, waard it komitee “Stypje Willem”oprjochte.

Mei faasje waard er tocht oan spandoeken mei teksten as:

Willem net laptoppe, mar ballen skoppe

Willem net skriuwe, mar der yn leauwe

Neat gjin getyp, set Willem op kyp

We binne benijd at de spandoeken der ek hingje, want yn de regel is it sa dat je maten mear wurden hawwe dan dieden. (by Feyenoord is dat ek sa op dit stuit)

 

 

Nije lid

 

Op de training fan SDS 3,4 en 5 melde him tongersdei in nij lid. Piet Kemper wennet sûnt koart yn Easterein en hat syn skuon wer út de wylgen helle. Hy hat net folle ambysje mear, hy is dan ek al 43. Yn de sânflakte hat hy kennis makke mei de trainingsbisten fan SDS 3,4 en 5 en yn de kantine mei de bierbisten fan SDS 2.

Ferslach fan SDS 4

SDS 4 hat in fêste verslachjouwer. Evert en Dieuwke Tanja fersoagje tegearre de ferslachjouwing. Krekt as ek fan oare alvetallen kinne jim de ferslaggen fine by de rubryk senioren – wedstrijdverslagen.

Neikommen ferslach fan SDS E4

By E4 sitte fêst talinten. Wat it skriuwen oangiet is dat seker. Sy soargje foar kopy út de jeugd en dat stelle wy tige op priis. Gjin lange ferslaggen, gjin geeamel, mar koarte leuke ferslaggen

4okt   SDS e4 -Oudehaske e4
 
 
We begonnen te voetballen.
Oudehaske maakte eerst een goal.
Jan Friso maaktehet gelijk.
Weer Jan Friso 2-1 toen maakte Oudehaske weer een goal 2-2
SDS maakte 3-2
rust.
Oudehaske maakte er 3-3 van.
Dirk maakte het laatste doelpunt voor SDS.
Oudehaske maakte er nog even 4-5 van.
En toen floot de scheidsrechter af.
De eindstand is 4-5.
 
 Gerrit Tessemaker