Okkema’s hawwe measte kransen
20 juli 2004Nije teamyndielingen senioren
22 juli 2004Teamyndielingen
De teamyndielingen fan de senioaren binne bekend. Ik hoopje moarn tiid te hawwen om se op ynternet te setten. Jûn wurdt it neat. Om klear te wêzen foar de 1e training fan folgende wike moat der jûn wer efkes fuotballe wurde. It begjint jûn om 19.30 oere op it fuotbalfjild fan Wommels. As der genôch plak is tenminste.
Nije trainingsfjild
Sa as jimme lêze koenen haw ik it drok. De foto’s fan it nije trainingsfjild komme dus wierskynlik pas moarn op it ynternet.
Kransen oan de muorre
De famylje Haitsma hat tige sportyf reageerd op it feit dat de famylje Okkema it earste plak oernommen hat. Jacob Klaas lit ús witte dat hy de famylje Okkema fan herte lokwinsket mei dit tydlik earste plakje mar dat sy kommend wykein hurd fan harren ofslaan sille. It hat kans dat Hilda en Drees ek ynsetten wurde om it oantal kransen nei in heech peil te bringen is grut. Mooglik dat se jûn harren earste training krije op it fjild yn Wommels.
Alvetalyndieling
De rubryk Aldfivepraat sil kommend jier net mear yn de Treffer komme. Dat is it resultaat fan de alvetalyndieling sa’t dy hjoed of moarn op dizze side komt te stean. SDS 5 is takem jier SDS 4 en dat komt fansels troch it kampioenskip.
SDS 4 op trainingskamp
Heerenveen gie nei Amelân op trainingskamp. It nije SDS 4 giet nei Skylge. Ein augustus sille se dêr mei dwaan oan in ferneamd toernooi foar feteranen.
Sibe op fekansje
Sibe de Seefûgel hat ek efkes fekansje holden. In fekansje dy’t dit jier yn it teken stie fan in útstapke nei ien fan de grutste seefûgelkoloonjes yn de Noordzee.
50 kilometer foar dútske Bocht leit it rotseilân Helgolân.
In opperflakte fan 1,7 km fjouwerkante kilometer en 1650 ynwenners. Wat it eilân sa bysûnder makket is dat der tûzenden seefûgels húsmanje omdat it tsjin de rotsen oan in prachtich plak is om de jonge seefûgels grut te bringen.
It eilân is ek bysûnder omdat it op syn heechste punt 63 meter heech is en dus fier boppe de see útstekt.
Der komme simmers tal fan toeristen om dizze bysûndere erfaring te ûndergean. At je boppe op de rots steane dan sjogge echt oars net as wetter en je hearre oars net as seefûgels en je rûke dat safolle seefûgels meielkoar ferskuorrend stjonke kinne.
Foar Sibe wie dit fansels in prachtich plak om efkes mei syn soartgenoaten om te gean.
Mochten jim ien dizze dagen in seefûgel slingerjend fleanen sjen, mei in geur fan parfum en in sjekkie yn syn bek dan kinne wy jim sizze dat is Sibe. Hy koe belestingfrij ynkeapje op Helgolân.
Noch in pear kykjes fan Sibe
Fansels seach Sibe ek efkes by it fuotbalfjild.Hy moast konstateare dat it út sjoch geweldich wie.
Tûzenden seefûgels sieten op de rots en soargen foar mear lawaai as it hiel stadion Heerenveen fans.