Wepperkes

Hoe giet it yn oare Leagues?(3)
25 juni 2004
SDS EK-League: stân bliuwt lyk.
26 juni 2004

Fuotbal.

At je fan fuotbal hâlde hawwe je in gouden tiid op dit momint. Sels sûnder foarpraat en nei-eamelje hâlde se ús soms mear as twa oeren foar de buis.

Mar der is fansels mear as fuotbal. Wat?

 

Eastereinders feesten.

It hie sa moai wêze kind, 2 kear in grut feest yn Easterein yn koarte tiid. Gjin Eastereinder dy’t tsjin dizze dagen oanseach. De waargoden lykwols seagen it allegear wat oars. Sy fûnen dat se Easterein wat minder bediele moasten.

Undanks it iets mindere waar wie der dochs in optocht. At je der net west hawwe, dan is dat net slim. Op de side fan Jaring Rispens in folslein byldferslach. Wy herkenne hiel wat SDS-ers yn in oare rol. Marco Reynhoudt, Enne Jehannes en Klaas Okkema as in Idol, Gerlof Gerlofsma en Floris Hiemstra as “funny walkers” en Freddy Scheltema  en Chris Houtsma dy’t it by P1 op de Slachte allegear regelje. En sa’t Wommels de famylje Flodder hie mei Willem, hie Easterein de famylje Vinkenslag ek mei in Willem. En dan wiene der noch in oantal weinen mei jongelju en reade of griene kratsjes.

Sjoch foar in byldferslach op:

https://camjomedia.nl/

 

Jeu de Pelote

Ungemurken wie it hast foarby gien. It iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens. Ek Easterein hat dit jier wer mei dien, mar sneuvele yn in spannende wedstriid tsjin Easterlittens. Dat selde Littens sit mei Winsum, Frjentsjer en Ljouwert yn de heale finale. Kommende moandei om 7 oere wurde dy spile. Tiisdei is de finale. Der is gjin fuotbal op dizze dagen dus in ritsje nei Littens om te sjen wa’t it pealtsje fan Easterlittens wint is in opsje.

 

Keatse

Snein keatse de earste klassers harren lêste wedstriid fan it Arcadis klassemint yn Reahûs. Dêr wurdt útmakke hokker partoeren nei de haadklasse geane. Tagelyk wurdt yn Berltsum beslist wa’t fan de haadklassers degradeare.

 

Lifte

Op 1 jannewaris is der altiten in liftwedstriid fanút Wommels. Yn de simmer is der in lannelike liftwedstriid fanút Uden. Dit jier docht Tsjeard Hofstra ek wer mei. Hy sil in koppel foarmje mei Sjoukje Koudenburg út Goenga. By  ús ûnderwilens bekind as ien fan de Koudenburgjes dy’t ûnderoan yn de leaugue steane. Wy hoopje dat it mei it liften nei Courmayeur better giet. Mear nijs hjir oer op : http://www.liftwedstrijd.com/teams.asp

 

Is der oars noch wat te dwaan?

Ja, der is sneon 50 + keatsen yn Wommels. It begjint om 10 oere.Wy witte immen dy’t dêr noch krekt te jong is.

Ja, der is skûtsjesilen yn Starum. In soarte mei oefenwedstriid foar it echte SKS kampioenskip. Dat begjint om 14.00 oere.