Wepperkes

Fragen
10 februari 2004
De nije SDS League
11 februari 2004

Oefenje
At it waar it no talit dan sil SDS D1 sneon eindliks ris oefenje. Sy sille dit dwaan tsjin LSC út Snits.

Koken mei Kapitein Henk
Foar de Treffer kinne wy mar dreech minsken fine mei nuvere hobby’s nêst it fuotbaljen. At je dan ris wat strúne op it ynternet komme je dochs wolris in SDS’er tsjin mei in aparte hobby. Sa bliket Henk Postma fan SDS 1 in kookrubriek te hawwen op ynternet. Dizze rubryk stiet op de webside www.sabetocht.nl en hyt; Koken met de Kapitein. Hjir kinne jimme wat fan him lêse: Koken met de Kapitein Doch jim foardiel dermei.

Wêr fisket Samme?
Yn de Treffer fan desimber die Samme Overal (dy fan dy mâle snoek) út de doeken wat syn favoryte stekkie wie om te fiskjen. Foar him wie dit de Kleasterfeart. Dit is neffens him in moaie brede sleat mei in lege wal en wat bochtig. Dizze wike hawwe de kamera’s fan SDS Samme hiel ergens oars betrape. En it kloppe, ek hjir wie it bochtig en eins hielendal gjin wal. De sleat wie net al te breed.

Samme fisket oeral.

Giet it sneon troch?
Is it winterskoft no sneon eindliks ris dien? Wy hoopje it. At wy fine dat Teletekst betroubaar is (mear as Pyt P.), dan liket it foar sneon net sa gek, want dan hoege wy gjin rein mear te ferwachtsjen en krije wy moai rêstich waar.

Bron: Teletekst