Waarm waar Wepperkes

Nei-PC-wepperkes
5 augustus 2004
SDS 1 wint earste oefenwedstriid
7 augustus 2004

De nije SDS-League
De kommende dagen kinne jimme hjir ek alwer de nije ynskriuwformulieren foar de nije SDS-League fine. Tink der dus mar fêst oer nei wa as jimme yn jimme teams hawwe wolle.

SDS 1 oefent
Hjoed (sneon 7 augustus) oefent SDS 1 jûns om 6 oere tsjin Blauw Wit út Ljouwert. Dat sil in drege klus wurde want fanôf middeis 13.00 oere is der in trainingsmiddei. Ek sil it wol wer waarm waar wurde. Blauw Wit is ek in twadde klasser wurden. Trainer is Ronny Kramer, dy’t foarhinne trainer wie bij Oranje Nassau Groningen. Opfallende namme by Blauw-Wit is Dennis Dijkstra(?!) Soe hy syn nocht hân hawwe by SDS?

Kransenkompetysje
De striid giet nei in hichtepunt ta. It binne net allinne de echte dielnimmers dy’t dêr mei dwaande binne mar ek oare belangstellenden. Sa bliuwt er grut misbegryp oer de krâns dy’t Petra Wijnia sneon yn Wommels wûn. Dat se in krâns wûn hat stiet fêst, mar wêr’t dy bleaun is, is de fraach. Hy hinget neffens kransenkontroleur/jurylid Wichard Deinum net oan de muorre yn Lollum. Der dogge no allegear spekulaasjes de rûnte. Wy wolle hjir net oanmeidwaan, want wy kinne ús net foarstelle dat Jacob Klaas de krâns opkocht hat. Dêrom bliuwt foar ús de fraach: wêr is de krâns? Dat er dit wykein in feroaring yn de stân komt is neffens Freddy Scheltema dúdlik: Der komme twa kransen by op it Heechhiem.

Foto
De foto op de begjinside de ôfrûne wike is net mear aktueel. De bulten op it trainingsfjild binne plat. De ôfrûne wike hat leanbedriuw Okkema de drainaazje oanbrocht en it sân plat riden. Nije wike de modder der oerhinne en it gerssie deryn. Tenminste at it waar it ta lit.

Keatsers op de PC.
Der binne in oantal reaksje binnen kommen op ús húskeamerfraach fan dizze wike: Wat binne de lêste 3 (âld) SDS-ers dy’t meidien hawwe op de PC?

In húskeamerfraach betsjut dat je it antwurd feitlik gelyk yn de keamer betinke moatte sûnder dat je ynternet ôfsneupe of boeken troch wrakseljen gean. Derom jouwe wy no de reaksjes dy’t binnen kommen binne. Der kamen reaksjes binnen fan Willem, Wichard, Klaas en Fred.
2004: Mannes van Weert
2002: Herman Vijlbrief
2000: Sjoerd Boonstra
1999: Klaas Westra
1997: GertJan Hiemstra
De kuolkast hie nei Willem gien , at hy net webmaster
west hie.

Bewarnûmer Treffer
Wy binne drok dwaande mei it bewarnûmer fan de Treffer. Mocht ien noch wat hawwe foar dizze edysje, mail dat dan efkes nei
detreffer@vv-sds.nl

Krans
Der is in kâns dat Jacob Klaas Haitsma dit wykein wer in krâns hellet. Snein is der útnoegingsparty yn Boalsert. Jacob Klaas is by de PC winner fan 2004 Johan Abma en de PC winner fan 2003 Folkert van der Wey.
At dat gjin krans opleveret!

Kompetysjeprogramma’s jeugd
Wy hawwe drok oan ‘e gong west om alle kompetysjeprogramma’s fan alle jeugdteams op ynternet te setten. Dit is oan ’t no ta oan ’t en mei D2 lukt. De rest komt de kommende dagen.

LC Coach
De Ljouwerter Krante hat it kommend jier ek wer it spultsje Coach fan it jier. Je kinne dêr oan mei dwaan foar in lyts bedrachje. Je hawwe yn dat spul in protte tsjinstanners mar kinne ek yn in sub-kompetysje meidwaan. Wy hawwe al fêst SDS Easterein oanmelden foar in eigen kompetysje. Wa’t mei dwaan wol yn dy kompetysje, moat him sa gau mooglik opjaan by
LC Coach. En fansels dan oanjaan dat je meidogge yn de SDS kompetysje. Sibe hat him al oanmelden mei syn Skrokkers. Net folle konkurrinsje oan ’t no ta want hy is noch altiten de ienige. Je kinne je oanmelde oan ’t 12 augustus.

Diskwalificeert
Gearard van Asselt is diskwalifiseare yn de striid om de measte krânsen. It die bliken dat alle krânsen dy ’t hy om ‘e nekke hie, op de foto dy ’t jimme hjir sjen koenen, net allegear troch himsels wûn hienen. Doe ’t Gearard syn  buorman de foto op dizze webside seach herkende dy inkelde krânsen. Lokkich genôch fatte hy it sportyf op en hat der de krânsen net om Gearard hinne fout.

Gearard mei de krânsen fan ‘e buorman.
(Mei tank oan
www.dophok.nl)