Wepperkes -freed-
7 juli 2006WK mei noch 1 wedstryd te gean.
9 juli 2006Wa giet de SDS WK-League winnen?
Wint Aant Hofstra it? Hy hat it meast boppe-oan stien, mar dat is fansels gjin garansje. Wy sil sjen wa ’t de measte kâns makket.
De top 10 sjocht der no sa út:
Naam | Poule | 8e finale | ¼ finale | ½ finale | finale | Punten | |
1 | Aant Hofstra | 200 | 350 | 350 | 75 | 100 | 1075 |
2 | Willem Wijnia | 215 | 325 | 350 | 75 | 100 | 1065 |
3 | Lolke Hofstra | 215 | 350 | 250 | 150 | 100 | 1065 |
4 | Ate Feike de Boer | 145 | 325 | 300 | 150 | 100 | 1020 |
5 | Jan Simon Jelsma | 190 | 325 | 250 | 150 | 100 | 1015 |
6 | Peter Sijbesma | 215 | 375 | 250 | 75 | 100 | 1015 |
7 | Ruurd Boorsma | 245 | 325 | 250 | 75 | 100 | 995 |
8 | Jacob Plantinga | 220 | 250 | 300 | 225 | 0 | 995 |
9 | Ids de Boer | 210 | 275 | 250 | 150 | 100 | 985 |
10 | Minne Bonnema | 215 | 325 | 250 | 75 | 100 | 965 |
Hoefolle punten binne der noch te ferjaan?
Foar de bonusfragen binne der max. 250 punten te heljen. Foar elk goed antwurd 50 punten. Hawwe je de wereldkampioen goed dan krije je dus 50 punten.
Ek de Toto telt noch by de lêste 2 wedstriden. Hjir kinne je dus noch maximaal 20 punten fertsjinje.
Wa wurdt der wereldkampioen?
Dit wurdt Frankryk of Italië. Aant giet noch altiten foar Nederlân. Dit kin him de kop wolris kosten gean. Willem Wijnia(2e), Ate Feike de Boer(4e), Gerlof-Jan Hofstra(11e) en Kees Adema(12e) geane foar Italië. Mocht Frankryk winne dan komme Jan Simon Jelsma(5e) en Ruurd Boorsma(7e) hiel tichtby. Sy hawwe (tegeare mei Namkje Koudenburg) Frankryk op winst.
Hoefolle giele kaarten?
Dit hat net ien goed. Wy sitte no 336 giele kaarten. Namkje Koudenburg komt it tichtste by mei 304.
Hoefolle reade kaarten?
Wa ’t de reglementen goed lêzen hat dy hat sjoen dat allinne de reade kaarten telle dy ’t yn ien kear jûn binne. Twa kear giel telt dus net as read, mar gewoan as twa gielen. Oan ’t no ta binne der 7 direkte reade kaarten fallen. Ate Feike de Boer(4e) gokte op 7 lykas Sjoerd Postma en Feite de Haan.
Wa wurdt topskoorder?
Heechstwierskynlik wurdt Miroslav Klose topskoorder fan it WK. Dit hat net ien foarspeld.
Henry(no 3 goals) makket noch in lytse kans op dizze titel. Ruurd Boorsma(7e), Lolke Hofstra(3e), Minne Bonnema(10e), Ids de Boer en Johan Delfsma hawwe harren jild op Henry setten.
Toni(no 2 goals) moat in hiele goeie dei hawwe om topskoorder te wurden. Willem Wijnia(2e) en Dirk de Jong hawwe keazen foar dizze opsje. Aant Hofstra sit hielendal mis mei Ruud van Nistelrooij as topskoorder.
Hoefolle goals makket de topskoorder?
De topskoorde(Miroslav Klose) hat oan ’t no ta 5 makke. Feite de Haan, Jan Strikwerda(ûnderste), Sybren Wesselius en Rinse Joustra foarspelden dit ek. Mocht Klose hjoed noch ien meitsje dan gean de punten nei:
Jacob Plantinga |
AnneMarie Wijnia |
Frouke Bleeker |
Skelte Anema |
Freddy Scheltema |
Sytze Jorritsma |
Jeroen Brouwer |
Willem Wijnia |
Tsjerk van der Pol |
Margje Koudenburg |
Aant Hofstra |
Marco Hoekstra |
Peter Sijbesma |
Gerrit Koudenburg |
Wybren Jorritsma |
Dirk de Jong |
It kin dus noch alle kanten op.
It prizenjild wurdt as folgt ferdield:
1e priis: €100,-
2e priis: € 75,-
3e priis: € 50,-
Lêste: Poedelpriis.