Wa wint de SDS EK-League?

Prizen SDS EK-League 2024
14 juli 2024

It EK 2024 yn Dútslân sit der op en dat betsjut dat wy de einstân fan de SDS EK-League opmeitsje kinne.
Noch net in makkelijk putsje, want it blykt wat yngewikkeld mei it tal giele kaarten dy’t der fallen binne.
Binne it der no 224, 226, 227 of 228?
Normaal sprutsen net sa ’n probleem, mar Eeltje Postma hat 222 giele kaarten foarsein. Hy mei der 5 ôf sitte en dy 50 punten soenen him dan krekt de titel opleverje kinne.

Spanje Europees Kampioen

Mar 2 dielnimmers oan de SDS EK-League hawwe de Europees Kampioen goed foarsein. Dat binne Redmer en Harmen en Auke Eringa. Dizze 50 punten kinne sy moai byskriuwe. 10 dielnimmers gienen foar Ingelân as Europees Kampioen.

Topskoorder

Gakpo, Musiala, Kane, Mikautadze, Schranz en Olmo waarden allegear topskoorder fan it EK 2024. Lolke Hofstra, Wiebe Heeres, Paul Reitsma ,Grietzen Broersma, Jelmer de Groot, Bas Postma, Jelte-Pieter Dijkstra, Marc Hoekstra, Seriette Strikwerda, Erik Haitsma, Jaap Toering, Lourens van der Pol, Eeltje Postma, Folkert en Tjerk van der Werf en Willem Wijnia gienen allegear foar Harry Kane en pakke sa 50 punten.

Mar 3 goals

Dat de topskoorders mar 3 goals meitsje soenen hie net ien dielnimmer tocht. Neffens de SDS EK-League dielnimmers soe de topskoorder yn elts gefal 5 goals meitsje. Foar gjin ien punten dus.

Mar 2 reade kaarten

Samme Overal en Eeltje Postma hienen der wol op rekkene dat der dit EK mar 2 direkte reade kaarten jaan wurde soenen. Dy 50 punten hawwe je mar moai te pakken.

Hoefolle giele kaarten?

It liket net sa dreech om it tal giele kaarten op it EK by te hâlden…………. Ammehoela!
It docht bliken dat de iene wol de giele kaarten telt dy’t oan bankspilers of nei de wedstriid joen binne en de oare net.
Wy hawwe oanholden wat de webside fan ESPN oanjout.
Hjir binne 224 giele kaarten joen op it EK.
Eeltje Postma hie 222 foarsein en dat betsjut nochris 50 punten foar him om’t hy der 5 neist sitte mocht. Frans-Pyter Terpstra kaam noch in bytsje yn de kuert mei 215 kaarten en Brent en Syb mei 204, mar de rest siet der allegear fier ûnder.

Eeltsje Postma wint de SDS EK-League!

De 150 bonuspunten leverje Eeltje Postma úteinlik de haadpriis op. Hie Ingelân Europees kampioen wurden dan hie hy der nochris 50 by hân. It ferskil mei nûmer 2, Auke Eringa, is mar 5 puntsjes. Wa hie dit betinke kinnen?
Wiebe Heeres hat hast de hiele SDS EK-League boppe-yn meidien en dat levert him úteinlik in knap 3e plakje op.
Bas Postma is de winner fan Skylge mei in 4e plakje.
Johan Delfsma wurdt 5e, mar dat hie noch wol oars kinnen. Ien reade kaart der by en winst foar Ingelân yn de finale hie him noch wat mear opleverje kinnen, mar hy wie altiten ûnder Eeltje eindige.
De jeugd hat it mar knap dien. Brent (fan Brent en Syb) wurdt 6e en Lisa Hoekstra tegeare mei Redmer en Harmen 10e. Marc Hoekstra falt krekt bûten de top 10, mar wurdt dochs knap 13e.

Rinse Joustra pakt de poedelpriis!

It siet der al wat oan te kommen, mar fiskfegetariër Rinse Joustra pakt de poedelpriis. Yn 2022 wûn hy noch in SDS-paraplu as poedelpriis yn de SDS WK-League en no krijt hy in weardebon foar 50 euro fisk te besteden by fiskhannel van Dijk op Skylge. Mei tank oan Samme Overal.

Rinse Joustra mei 50 euries oan fisk. As fisk-fegetariër is hy hjir fêst wiis mei. 

Stân Alde stân Prizen
1 7 Eeltje Postma Wommels 1245 100
2 1 Auke Eringa Wommels 1240 80
3 3 Wiebe Heeres Wommels 1185 60
4 5 Bas Postma Landerum 1170 50
5 2 Johan Delfsma Wommels 1140 40
6 4 Brent en Syb Easterein 1125 35
7 6 Annejan Hallema Wommels 1095 30
8 8 Hendrik de Jong Wommels 1095 25
9 11 Lolke Hofstra Wommels 1090 20
10 9 Lisa Hoekstra Easterein 1085 5
11 13 Redmer en Harmen Easterein 1085 5
12 10 Hendrik Eringa Spannum 1080
13 15 Marc Hoekstra Easterein 1075
14 12 Jelmer Hanenburg Spannum 1035
15 21 Jelte-Pieter Dijkstra Wommels 1030
16 14 Tom Wijnia Wommels 1030
17 22 Erik Haitsma Wommels 1025
18 23 Folkert en Tjerk van der Werf Reahûs 1020
19 16 Melle de Boer Wommels 1020
20 17 Jelmer Posthumus Wommels 1010
21 28 Willem Wijnia Wommels 1010
22 18 Jelke van der Werf Wommels 1005
23 29 Lourens van der Pol Easterein 1005
24 31 Samme Overal Terschelling 1000
25 19 Ate Feike de Boer Wommels 995
26 20 Bote Strikwerda Wommels 995
27 32 Paul Reitsma Wommels 995
28 33 Seriette Strikwerda Spannum 995
29 34 Jelmer de Groot Hoorn (Skylge) 990
30 24 Pieter Sijtsma Wommels 970
31 25 Pieter Wijnia Wommels 970
32 26 Jens Overal Terschelling 965
33 27 Jildert van der Werf Wommels 965
34 30 Aant Hofstra Wommels 950
35 40 Jaap Toering Wommels 950
36 42 Grietzen Broersma Ljouwert 945
37 35 Margit Cnossen Spannum 940
38 36 Jan-Friso Bruinsma Wommels 930
39 37 Hessel Hek Hoorn (Skylge) 925
40 38 Jelle Wiersma Wommels 910
41 39 Pieter en Benthe Kamstra Easterein 910
42 41 Frans-Pyter Terpstra Wommels 895
43 43 Rudmer Jesse Joustra Wommels 870
44 44 Anne Torensma Midsland 845
45 45 Eeltsje Bootsma Ljouwert 840
46 46 Teade de Boer Wommels 830
47 47 Gerbrand en Douwe Jan Wommels 760
48 48 Brend Toering Wommels 755
49 49 Rinse Joustra Wommels 730 Poedelpriis

De kosten foar de SDS EK-League wurde sa gau as mooglik ôfskreaun fan jim rekken en it prizenjild sa gau as mooglik oermakke.


Auke 2, Eeltje 1 en Wiebe nûmer 3.