Vr1 yn Schagen

Efkes Balje
5 juni 2015
SDS 4 slút seizoen ôf
7 juni 2015

VR1 op toernooi

SDS VR 1 hat juster meidien op in fuotbaltoernooi yn Schagen (Noard Hollân). Fia twitter hold Jacomien Heeres ús sawat streekrjocht op de hichte.
De feiten fan juster wiene:
1ste wedstriid waard mei 2-0 wûn fan sc Kleine Sluis Vr1,
de twadde tsjin Medenblik bleau 0-0,
de tredde tsjin Heerenveen VR2 wûn mei 1-0
en de lêste waard ferlern mei 2-0 fan de gastfrouen út Schagen.

Ien fan de doelpunten kinne jim sjen yn dit filmke. “Nei binnen, nei binnen” ropt koach Paul en de topskoarster fan SDS yn it seizoen 2014-2015 harket der nei en skoart…



It resultaat fan al dizze ynspanningen wie in prachtich twadde plakje, sadat de prizenkast fan SDS wer opsierd wurde kinne mei in dikfertsjinne beker behelle ynh it fiere Noard Hollân.