Efkes Balje

SC Heerenveen-MVV freed 17 july yn Easterein!
5 juni 2015
Vr1 yn Schagen
7 juni 2015

Efkes Balje
At it KNMI al koade giele oanjout foardat it moaie waar der is, dan binne wij sa stadichoan wol hiel frjemd dwaande. Genietsje fan it moaie sit er dan net mear yn, omdat de driging fan in “buike” je eangstfallich yn de greep hat.
De koade giel soarge foar in oantal ôfsizzingen. Wouter wie alfêst mar op fakânsje gien,

Johan Heerma wie nei Mallorca flechten


en Tjerk van der Pol fangt de heilstienen leaver op de boat as op it lân.

It is mar moai dat se yn Hinnaard-sintrum, Hinnaard-East en Itens-East hiel traach ynternet ha, sadat se middeis tsjin seizen de bylden fan Buienradar fan moarns binnen krije. Dy mannen (Chiel, Ferrie, Harrie) wiene der dus en mei in 6 tal út Wommels, dy’t wol wisten dat it min wurde koe, mar net fan sâlt en/of sûker binne, koe it gewoan los. It spul flitste wer as fan âlds hinne en wer mar doe’t  der omraak foto’s makke waarden mei de flits wie de aardichheid der efkes ôf, want de mannen hawwe in hekel om yn it fuotljocht te stean.
Efkes skûlje bij de buorlju tsjin in bui en fansels de goeie kontakten op peil hâlde. Neffens Chiel en Theo sieten de stuollen hearlik.

Neidat de paparazzi (FK te I) noch in lêste echte foto meitsje mocht, de tonger fuort sette, koe it wer los. In spannend potsje dat noch opfrist waard mei hiele hurde rein en sêfte heilstiennen.
Net in droege trie op de ein, mar net in fuotballer dy’t seurde. Fanwege it reglemint kinne wij  ek melde dat wij gewoan om 20.30 foar de lêste twa doelpunten gyngen en de beslissende waard makke troch de oaren.
De oaren wiene: Chiel, Douwe Jan, Theo en Harrie en wij wiene: Klaas, Pieter, Ferrie, Folkert en
Aant