Veteranen ferlieze

ONS geeft SDS oplawaai?
18 augustus 2003
Marten Sijszeling Starttournooi
20 augustus 2003

De veteranen fan SDS koene yn harren thúswedstriid tsjin Skearnegoutum de winst net pakke. Mei 2-3 waard de earste bekerwedstriid ôfsluten.

It begie oars prima. Nei in pear minuten lei de bal efter dedoelman fan Skearnegoutum. Willem Tjalsma skoorde nei oanjaan fan Eddy de Boer. De gasten kamen op gelikense hichte troch in swypend ôfstansskot. Hoewol SDS it yn de earste helte dreech hie makke Ype Tiemersma dochs de 2-1. Noch foar de thee makke Skearnegoutum gelyk.

Nei de thee waarden der wat omsettingen dien 4-3-3 waard 4-4-2) en SDS hearske op it middenfjild. Kansen wiene der ek. Goeie kansen mar skoord waard der net. It liket der dan ek op dat skiedsrochter Marko Hoekstra dizze wedstriid op 2-2 ofslute koe. Krekt foar tiid konterde Slkearnegoutum nei de oerwinning. It ferlies foar SDS wie seker net fertsjinne.

Nije wike tiisdei moat Eanjum(út) bestriden wurde.