Seleksjes -sneon-
6 oktober 2006Wepperkes -sneon-
6 oktober 2006Undanks in protte reinwetter de lêste twa dagen is hast alles trochgien hjoed. De fjilden yn Easterein wiene prima.
útslach | ||
14:30 | SDS 2 – Knickerbockers The 3 | 2-2 |
12:45 | SDS 6 – Walde De 3 | 2-4 |
14:30 | SDS A1 – Sweach De A1 | 3-2 |
12:15 | SDS B1 – SVM B1 | 0-3 |
11:00 | SDS B2 – Leeuwarden B2 | 6-2 |
9:00 | SDS D1 – Oudega D1 | 3-3 |
10:30 | SDS D2 – Harlingen D2 | 6-1 |
9:00 | SDS E1 – JV Bolsward E1 | 0-3 |
9:00 | SDS E2 – LSC 1890 E2 | 2-1 |
10:00 | SDS F1 – Sneek F1 | 2-8 |
10:00 | SDS F4 – Waterpoort Boys F2 | 2-1 |
14:30 | BCV 1 (zat) – SDS 1 (zat) | 4-1 |
12:15 | Berlikum SC 2 (zat) – SDS 3 (zat) | 1-7 |
14:30 | TOP’63 3 (zat) – SDS 5 (zat) | ôflast |
9:30 | Hardegarijp C1 – SDS C1 | 4-2 |
10:00 | Oosterlittens E3 – SDS E3 | 4-2 |
10:15 | WZS E2 – SDS E4 | 0-3 |
11:45 | GAVC F4 – SDS F2 | 2-3 |
10:30 | GAVC F7 – SDS F3 | 1-6 |
By de wedstriden
BCV 1 – SDS 1 4-1
SDS kaam op alle fronten te koart tsjin BCV. It ferslach fan de wedstryd kinne jim hjir lêze.
Klik hjir foar mear foto’s fan Henk Bootsma.
SDS 2- Knickerbockers 3 2-2
SDS 2 koe de punten al brûke. Tsjin nûmer lêst Knickerbockers moast dan ek wûn wurde. It rûn allegear wat oars. De Grinsers wienen de earste helte better en stie by de rêst terjochte mei 0-1 foar. Doe ’t it yn de twadde helte ek noch 0-2 waard like de wedstryd spile. Lokkich genôch krige SDS 2 hjirnei de smaak te pakken. De goal fan de Knickerbockers waard bestookt mei foarsetten. Dit levere úteinlik 2 goals op fan Johannes Tichelman en Pieter Kamstra. Hjirnei liken beide ploegen it wol genôch te finen.
Gerrit Terpstra krige yn ‘e slotsekonden noch in reade kaart.
Klik hjir foar alle útslagen en de stân by SDS 2.
Berlikum 2 – SDS 3 1-7
4 doelunten fan Wichard Deinum, 2 fan Bote en 1 fan Gerlof.
SDS 6 – de Wâlde 3 2-4
Doelpunten fan Hampie en Rinse.
SDS A1 – de Sweach A1
Doelpunten fan Feiko en Jelmer Posthumus 2
SDS B1 – SVM B1
Nei de moaie oerwinning fan foarige wike Op Urk, wie it hjoed ferlies tsjin SVM, ek út de polder. De 0-3 útslach joech de ferhâlding yn it fjild wol aardich oan. We koenen gjin fûst meitsje tsjin it knappe spul fan SVM. Der waard, foaral de 2e helte, wol wer hurd wurke, mar we moasten dit ferlies waard akseptearre.
In oar ferlies wie der foar Doede dy útfoel mei op’e nij de blessuer oan de ljisk. We winskje him betterskip.
Sneon 14 oktober út nei NOK. Sneon 21 oktober 12.30 thús oefenje mei SDS A1.
Ut namme fan spilers en lieders fan B1 wolle we Klaas Okkema tige tank sizze foar it fersoargjen fan de trainingen oante mei 4 oktober.
We koenen him hjoed gjin oerwinning oanbiede om te betanken, mar hawar…hartstikke bedankt!
Tagelyk winskje we Wichard Deinum in soad sukses mei de training fan B1 op woansdei!
It ferslach
Jacob Kooistra
SDS D1 – Oudega D1 3-3
In drege earste helte wêrby it middenfjild te passyf wie at der in tsjinoanfal kaam. Nei dit in de rêst besprutsen te hawwen, waard der een folle sterkere twadde helte spile. Moai wurk fan de mannen dy’t hjirmei sjen litte dat se wol wat kinne. Schiedsrjochter Stoffel liedde in prima wedstriid.
De doelpunten binne makke troch Christian, Pieter en Jan Friso (kopbal).
SDS E2 – jv LSC 1890 E2 2-1
Bij E2 wiene se nei ôfrin tige lokkich.Want de earste oerwinning fan it seizoen waard helle. It winnende doelpunten wie fan Jan Thomas Faber.
VVO E3 – SDS E3 4-2
4-2 helaas.
0-0 bij rust en tot halverwege de 2e helft gelijk op maar toen liep VVO snel uit.
SDS doelpunten van Rémon en Casper.
Groeten
Richard Oukes.
SDS F4 – Waterpoort Boys F2 2-1
De mannen fan lieders Ronald Postma en Eddy de Boer spilen in prima wedstryd. It wie wol hiel fol yn it fjild want der stiene twa alvetallen tsjin oerelkoar.
De ploech is wer op de foto kommen omdat se nije sponser sjurts oanhiene: Pippi’s kinderopvang.
Fan de webmasters
Wij wolle de útslaggen fan alle wedstriden graach fermelde. Foar útwedstriden is dat noch wolris in probleem.
Dus in fersyk oan lieders (of oaren) om ek de útslach op it boerd yn de kantine te fermelden of ús te mailen. Dat kin nei dit adres. At er wat ôflast is heare wij it graach ek.