Utslaggen 28 april.

Seleksjes 28 april
27 april 2007
Wepperkes -snein-
28 april 2007

Utslaggen, nijtsjes, doelpuntenmakkers, prachtige aksjes , bysûndere reddingen en koarte ferslaggen stelle wij tige op priis.
Maile kin nei
dizze adressen

 

 

 

 

Tijd

THUIS-Wedstrijden

Uitsl.

14:30

SDS 2 – Rouveen SC 2

 1-2

14:30

SDS A1-OeverzwaluwenA1

 4-2

12:15

SDS B1 – Balk B1

 6-0

10:30

SDS C1 – Geel Wit C1

 1-1

9:00

SDS D2 – Oosterlittens D3

 2-2

9:00

SDS E1 – Joure SC E2

 4-4

9:00

SDS E3 – Rood Geel E4

 3-2

10:00

SDS F1 – CVVO F2

 1-3

10:00

SDS F2 – RES F2

 1-10

 

 

 

Tijd

UIT-wedstrijden

Uitsl.

14:30

Fean’58 1- SDS 1

 1-2

14:30

BCV 3 – SDS 3

 1-2

9:00

Workum E2 – SDS E2

 2-0

Bij de wedstriden 

’t Fean 1 58 – SDS 1
De earste helte wie foar ’t Fean, de twadde foar SDS. ’t Fean kaam mei 1-0 foar mar SDS wûn úteinlik mei 2-1. It wie Wesley Hoitinga dy ’t it ferskil makke. Anne Stenekes en Robert Sybesma makken de goals foar SDS.

SDS 2 – SC Rouveen 2
SDS 2 begie goed oan de wedstryd en wie it earste heal oere seker better. Dochs bleaun it 0-0 oan de rust. de twadde helte wie foar Rouveen. Sy makken 1-0 en liken de wedstryd ûnder kontrole te hawwen. It like derop dat Jan-Simon Jelsma der dochs noch in puntsje útslepe soe foar SDS 2. 2 minuten foar tiid kopte hy de 1-1 yn nei in knappe foarset fan Arjen Posthumus. Rouveen sette noch ien kear oan en makke dochs noch de winnende goal: 1-2 foar Rouveen. De ôftraap hoechde net mear nommen te wurden.
SDS 2 kin him klearmeitsje foar de neikompetysje. 

BCV 3 – SDS 3
SDS 3 wûn mei 2-1 by BCV. Gerlof en Bote makken de goals foar SDS 3. Opmerklikste momint yn de wedstryd wie in aksje fan Wichard Deinum. Lykas Lionel Messi fan Barcelona foarige wike gie hy 7 man foarby. By de keeper oankaam fergeat hy te skoren……….. Hy skopte syn skoen fier yn de grûn.

SDS A1 – Oeverzwaluwen A1
SDS A1 pakte in regelmatige oerwinning tsjin de nije ploech fan Klaas Okkema en wûn mei 4-2. Jelmer(2x), Feiko en Sietse makken de goals.
SDS A1 sil fia de neikompetysje noch probearje te promoferen.

SDS B1 – Balk B1

Sels wie ik der hjoed net by, mar ha wol de útslach.

Yn de leste wedstriid wûn SDS B1 fan Balk B1 mei 7-0.

Balk wie al degradearre en wy wienen al behâlden foar de 1e klasse. Jacob van Wieren makke hjoed 5 goals en is dermei topskoarder fan B1 mei 16 goals!

Wytze Lanting hat 9 en Andries Brinksma 7.

Letter folget noch in ferslach en noch letter in ferslach fan it seizoen.

We binne eindige op it 7e plak mei 26 punten, 51 foar en 52 tsjin.

En Tamme wie hjoed wat min…(ha ik heard…)

Groetnis,

Klaas

Noch in lytse oanfulling
It wie 6-0. Jacob skoarde wol 5 kear en Elger trape de bal fanôf de middelline oer de leste man hinne.

Doe de keeper mistrape wie it in goal.

Di krige ik noch troch fan Johan die noch efkes lâns kaam nei in gesellige neisit…

Klaas

SDS C1 – Geel/Wit C1
Een foarutgang, de foarige wedstriid tjin GeelWit wie 10-1. Toch hienen we winne moatten, Maar mei een punt binne we tevreden. Lêste pear sekonden nog een wereldkans, Jan die allinich foar de goal stûn, maar die meters nest sjitte
De goal wie makke troch Jan de Boer.
Sicco


SDS D2 – Oosterlittens D3
SDS D2 spile mei 2-2 lyk tsjin Oosterlittens D3 en pakte hjirmei syn earste punt fan it seizoen. Fan herte lokwinske hjirmei!