Útslaggen 28-3

Tydlike oplossing trainingsfjild!
26 maart 2015
Weppers snein 29-3
29 maart 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

09:00 SDS D1 Workum D1  2-6
09:00 Minileague    
09:00 SDS E1 Workum E1  3-5
10:10 SDS E4 SWZ  Sneek E7  3-6
10:20 SDS F2 IJVC F2  2-3
10:30 SDS B1 Hardegarijp B1  7-1
11:20 SDS B2 Zeerobben B3  1-2
12:20 SDS C2 SC Bolsward C3  4-5
13:10 SDS MD2 Zeerobben MD2  1-2
13:10 SDS VR2 Zeerobben VR2  g.n.t.
14:30 SDS 5 HJSC 3  2-1
14:30 SDS VR1 QVC VR1  3-3
09:00 Makkum E3 SDS E5  3-2
09:00 Nijland F1 SDS F1  1-6
10:15 SWZ Boso Sneek E2 SDS E2  9-0
10:30 AVC D1 SDS D2  6-1
10:30 LSC 1890 F7 SDS F3G  0-6
10:30 Dronrijp/Foarut MD1 SDS MD1  1-2
11:00 Scharnegoutum C1 SDS C1  1-1
12:15 SC Bolsward 2 SDS 2  3-1
12:30 AVC 3 SDS 4  3-2
14:30 NOK 1 SDS 1  2-2
14:30 Annaparochie St. A1 SDS A1  5-1


NOK 1 – SDS 1 2-2
SDS 1 kaam mei 1-0 foar troch in knappe pegel fan 45 meter ôf fan Erik Haitsma. Neidat Hendrik de Jong in reade kaart krige en it 1-1 waard like ien punt maksimaal, mar troch in ûnmooglike goal fan Jelmer Posthumus (8 man foarby spylje en dan skore) liken der dochs 3 punten yn te sitten. Spitich genôch waard it yn de 97e minút dochs noch 2-2.
Erik Haitsma krige in giele kaart en Hendrik dus read en binne beide sneon skorst.

SC Bolsward 2 – SDS 2
SDS 2 hie alle fertrouen nei de winst fan ferline wike, mar dat wie al gau fuort doe ’t SC Bolsward op 1-0 kaam. SDS makke foar de rêst noch knap 1-1 troch Feite, mar SC Bolward wûn úteinlik terjochte mei 3-1

AVC 3 – SDS 4 3-2
SDS 4 hie in drege dobber tsjin de nûmer 1 en ferlear krekt. Jan-Simon en Wichard makken de goals foar SDS.

SDS D1 – Workum  D1   2     6
SDS D1 hat in swiere kompetysje. Sa moast der hjoed spyle wurde tsjin mede koprinner Workum. Mei 3 punten ut 3 wedstriiden, moast der hjoed minimaal 1 punt pakt wurde. De earste helte begie striemin. Troch in flater op us middenfjild stie it nei 1 minut al 1 – 0 foar Workum. Mar geandewei de earste helte kamen wy wat better yn ‘e wedstryd. Workum wie de bettere ploech, mar dochs kamen we op 1 – 1,  troch in ofstanskot fan Sander. Foar rest kamen we sels ek noch op foarsprong troch in goal fan Luka (penalty). Al gau yn ‘e twadde helte waard it 2 – 2. Dernei wie der noch mar 1 ploeg die fuotbalde en dat wie Workum. De skoare waard troch Workum opfierd nei  2 – 6. In terjochte oerwinning foar Workum. We binne hjoed op alle fronten oftroef, mear kin ik der einliks net fan meitsje. Nye wike wer nye kansen, we sille it dan opnimme yn en tsjin Heech.
Theo.

Makkum E3 – SDS E5 3-2
Op televysje komme tiidens in wedstriid altyd de statestieken fan balbesit en doelpogingen yn byld. Dat wie by ús de earste helte hjoed tink ik wol sa’n 90% foar SDS tsjin 10% foar Makkum. Effectief besjoen wie de ferhâlding krekt oars om want folledig tsjin de ferhâlding yn makke Makkum flak foar rust de earste goal fan de wedstriid. Terwyl wy wit ik hoe faak it de keeper fan Makkum lestich makken. Foar de wedstriid hie ik sein dat wy sa faak mooglik op de goal sjitte moasten en dat d’r dan fansels wol inkele doelpunten út roegelje soene. En dat diene wy. D’r waard goed fuotballe en lekker faak op de goal sketten.

Mar de keeper fan Makkum stie enorm knap te keepen en wist de earste helte de goal skjin te hâlden. No ja, ien kear skoarden wy wol út in korner, mar die keurde de skeids ôf omdat neffens him de korner te snel naam waard. Makkum hie ek wol inkele gefaarlike mominten mar ek ús keeper stie in goeie wedstriid te keepen en hie betiiden goeie rêdingen.

Yn de twadde helte waard al frij gau troch Makkum skoart en dat hie syn útwurking op de spilers fan SDS. Sa hurd wurkje en dan toch nog hieltiid tsjin de ferhâlding ien achter stean, knaagde oan de spilers fan SDS. It spul waard wat grimmiger en de spilers fan Makkum waarden wat gemener en ferbaal frij irritant. Ek yn de twadde helte wie de skeids net foar ús want in knap skot fan Elbrich belâne folgens de measte spilers (sels inkelen fan makkum) achter de doelline. Mar ek hjir joeg de skeids gjin gehoor oan. Toch wisten wy mei trochsetten nei 20 minuten spieljen nog op 2-2 te kommen en lonkte in oerwinning. Mar die gedachte waard al frij gau om sjippe holpen troch in bytsje  “lucky” goal fan Makkum. In heech skot belâne krekt achter ús keeper. Hy stie krekt wat te fier út syn goal en koe d’r krekt net by. Helaas! Al mei al in moaie wedstriid mei goed fuotbal. Jammer dat de skeids, yn myn eagen, net hielendal frij wie fan partijdighied. Okay, it binne frijwilligers wer’t je net sûnder kinne en dy’t ek hun bêst dogge. Op dit niveau wurde d’r faak skiedsrjochters ynsetten dy’t ek nog in protte leare moatte, dat snap ik. Mar ferjit net dat foar dizze bern hun wedstriid op dat momint de belangrykste fan de hiele wrâld is. En dan is partijdighied absoluut net op syn plak en dogge jo de bern tekoart. 

Herman

SDS F2 – IJVC F2

SDS sette útein mei de wyn yn de rêch en makke der goed gebrûk fan troch YVC ûnder druk te setten. YVc slofte in pear keer goed mei skotten op de peal en krekt nêst troch SDS.  Dêrnei krige YVC wat grip op de wedstriid en kwam sels foar troch in goede aksje fan achterút troch har lêste man Donald van Walraven. Hjirnei naam SDS it oer en liet de fûleindige Larissa Eupe de mantsjes fan YVC sjen dat se snel is en goed fuotbalje kin troch 2 kear efterinoar te skoaren.

Lykwols kwam YVC krekt foar rêst noch gelyk troch in goede aksje fan Thys Bos wêrút Robert Keuning skoarde.  Nei it skoft hie YVC foar de wyn en kwam SDS der hast net mear út. It skot yn de hoeke troch Tigo lâns allegearre fuotten wie beslissend foar de einstân fan 2-3.

De wedstriid stie ûnder treflike leiding fan Auke Eringa. 

in gast ferslachjouwer.