Seleksjes 24-3
22 maart 2012Weppers snein 25-3
25 maart 2012De ûndersteande wedstriden sille sneon spile wurde.
útslach | ||
8:45 | SDS D1 – Makkum D1 | 0-4 |
9:00 | SDS E1 – LSC 1890 E2 | 6-0 |
9:00 | SDS E2 – Scharnegoutum’70 E2 | 5-1 |
10:00 | SDS C1 – Harlingen C1 | 13-0 |
10:05 | SDS F1 – DWP F1 | 1-0 |
10:05 | SDS F3 – J V Bolsward F5M | 6-2 |
11:00 | SDS F4 – CVVO F8 | 3-3 |
11:25 | SDS D2 – FVC D2 | 3-1 |
12:00 | SDS A1 – Scharnegoutum’70 A1 | 1-1 |
12:45 | SDS D3 – Joure SC D5 | 1-3 |
14:00 | SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 2 | 2-2 |
14:30 | SDS 1 – Broekster Boys 1 | 2-8 |
Tijd | Wedstrijden-UIT | |
9:00 | NOK E2G – SDS E5 | 0-1 |
9:00 | Renado/VVI F1 – SDS F2 | 14-1 |
10:00 | EBC/Delfstrahuizen B1 – SDS B1 | 3-1 |
10:00 | OudegaHJSC E4 – SDS E3 | |
10:15 | JV Bolsward E7 – SDS E4 | 2-2 |
11:30 | Udiros F3 – SDS F6 | 2-1 |
11:30 | Berlikum SC MD1 – SDS D4 | 0-2 |
12:15 | Bolswardia 2 – SDS 3 | 3-1 |
12:15 | Mulier DA1 – SDS DA1 | 5-1 |
13:40 | JV Bolsward F10 – SDS F5 | |
14:00 | Robur DA1 – SDS DA2 | 3-0 |
14:30 | TOP’63 3 – SDS 4 | 3-2 |
14:30 | Holwerd 3 – SDS 5 | 4-3 |
SDS 1 – Broekster Boys 1 2-8
De Broekster Boys hawwe it altiten dreech yn Easterein. Dat wie sneon oan de einstân te sjen net sa. Mar wie it ek echt sa maklik?
De earste helte wie in iepen wedstriid mei kânsen oan beide kanten. De Boys kamen dan wol op 0-2 mar SDS wist foar it skoft lânside te kommen. Skelte Anema skoarde twa kear.
Nei it skoft gyngen beide ploegen foar de winst. Nei in kertier yn de twadde helte moast SDS mei 10 man fierder, omdat Skelte syn twadde giele kaart krige.
In geweldige kâns foar SDS waard troch de doelman fan Broekster Boys super keard en dat wie it omslach punt. De Boys makken oan de oare kant de 2-3 en dêrnei wie it priissjitten. Elke kâns waard in doelpunt en bij elk doelpunt gyngen der wer 10 supporters nei hûs of de kantine yn. Nei 90 minuten stie der in 2-8 skoare op it boerd en stiene allinne de Broekster Boys supporters harren de eagen noch út te sjen.
SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 2 2-2
De útslach en de doelpuntenmakkers binne ús bekend, mar der sil fêst ien wêze dy’t yn in moaie folsin de analyse fan dizze wedstriid omskriuwe kin.
Robert Sijbesma en Jort Strikwerda skoarden.
Bolswardia 2 – SDS 3 3-1
Doelpuntenmakker Stefan van Krimpen en in fertsjinne oerwinning fan Bolswardia, want se wiene better.
TOP 63 3 – SDS 4 3-2
Doelpuntenmakkers Broer Jacob Greidanus en Steffen Bruinsma
Holwert 3 – SDS 5 4-3
Mulier Da1 – SDS Da1 5-1
In doelpunt fan Jitske Plantinga wie it ienige wat lieder Pieter Veenje der oer sizze woe en koe.
Robur Da1 – SDS Da2 3-0
It ferskil siet him yn de breedte fan de froulju.
SDS C1 – Harlingen C1 13 – 0
En daar was de revanche op vorige week. De boys lieten met rustig spel, doeltreffende acties en plezier zien dat ze wel degelijk kunnen voetballen. Zo hoort het mannen! Hoewel wij niet verder kwamen dan 12 goals, had André 13 streepjes in zijn boekje en ja, wie zijn wij om André tegen te spreken? Doelpuntenmakers: Watze J. Pranjic, ‘Man of the Match’ Pieter (3), Assist-king Wiebe, Header-Cassie, Frankie ‘Simons’, ‘Ballotelli’ Lourens (4) en Piter van la Polla. Wie de dertiende maakte blijft voor altijd een goed bewaard geheim…
Tjerk
SDS D1 – Makkum D1 0-4
In primeur foar D1. Mei ferslachjouwer Sytze Kooistra oan de kant in twitter ferslach. En live foto’s fansels.
SDS E2 – Scharnegoutum E2
Sneon 24 maart een prachtige dei de sinne heech oan de himmel en it gers wiet fan de dau, dus ideale omstannigheden foar een mooie fuotbalmoarn.De jonges hienen der ek echt sin oan, want forige wyke wienen se oflast om dat TOP 63 te min spielers hie. Om precies 9.00 gongen we fan start mei de wedstriid,en wij lieten al gou sjen wa de baas wie op it fjilt en dat wie net
de tsjinstander.
Mei eachstrieljend fuotbal [der waard mar raak combineerd] kreearden we kans op kans, op de peal rjocht op de keeper en gean sa mar troch. En ja tot Stan hem foar de fuoten kriig nei alwer in flitsende oanfal en dat wie de 1-0 en ek de 2-0 foar rust kaam op Stan syn namme.
Nei de rust wie it al wer Stan die ek de 3-0 oantekende,de 4-0 wie foar Tjitse en ien utfal foar Scharnegoutum wie de 4-1 mar dat koenen us net mear deare wan`t it waard selfs nog 5-1 troch een goal fan Jurjen.
Jonges in skitterende pot fuotbal hjoed, myn complimenten. Ik sil de spilers efkes foarstelje:
Kevin in goeie keeper die syn mantsje stjit, Aiso in opkommende rjochtsback die snel omskeakele kin,
Gerhard in beste leste man die verdigjend goed syn mantsje stie , Lars in opkommende loftsback
die in soart rin fermogen had, Anco in loftsmid mei de punt nei foaren die soms wol rs wat te gretig is,
Tjitse op de midmid een stevige jonge die in goed oersicht had en regelmjittig mei passen strooit,
Stan yn de spits die regelmjittig syn doelpuntsje mei nimt en in goeie yndifuele aksje had,
en dan ha we Jurjen nog in echte spits mei in noas foar de goal en ek allinig each foar de goal. Folgjende wike ha we de ynhaal tsjin TOP 63 dan sille we sjen of we dit folhalde kinne, 2 wedstriiden 6 punten een mooi begjin sjoen nei foarich seisoen.
Auke
Udiros F7 – SDS F6
Goed spylje mar toch gjin punten….
Nei ús earste útwedstriid yn Munnikebuorren 2 wike lyn koe de tom-tom no ynstelt wurde op Nijhoarne. Wy leare net allinne fuotbaljen, mar ek Fryslân…
De grutte thusnederlaag fan foarige wike wiene we hast alwer ferjitten en fol goede moed soene we der hjoed wer foar gean.We begonnen sterk en krigen ek in oantal goeie kansen. Healwei de earste helte wie it Redmer die sich sels nog even op een jierdei kadootsje traktearre en nei in moaie aksje de 0-1 binnen knalde. Krekt 1 dei 7 jier en fuort alwer in goal op je namme, best genôch! Nei 20 minuten fuotbaljen wiene we ta oan limonade en dat smakket lekker mei in 0-1 foarsprong.
Dat de limonade Udiros (Ús Doarp Is Ryk Oan Sport) ek goed dien hie die blyken yn de 2e helft. De druk op ús keeper Jort waard steeds grutter, mar troch geweldich wurk fan him koene we lang de 0 hâlde. Fiif minuten foar it einde wie “ de pijp leech” (as it fjild te grut) by de mannen fan SDS en rolde de bal ut in hiel klút bern uiteindelijk yn it goal. 1-1. Yn blessueretiid besliste Udiros de partij mei 2-1.
Spitich genôch gjin punten mei nei Easterein, mar wol goed en spannend fuotballe kearels en dame fan F6!
Liesbeth Bootsma