Utslaggen 17-10

Weppers freed 17-10
16 oktober 2008
Weppers snein 19-10
18 oktober 2008

Mail de útslach, in koart ferslach en oare bijsûnderheden nei dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 5 – Rood Geel 4  11-1
12:00 SDS C2 – Akkrum C2  3-2
9:00 SDS D1 – Sparta’59 D1  2-8
14:30 SDS DA1 – Blauw Wit ’34 DA2  4-1
9:00 Oosterlittens D4 – SDS D2
10:00 Robur F1 – SDS F1 (beker)  7-0

Ferslaggen

SDS Da 1 – Blauw-Wit ’34 Da 2 4-1
Mei in bult taskôgers oan de kant wûnen de SDS-froulju hjoed foar it earst dit seizoen. Mei in miks fan SDS-famkes en -froulju kaam Blauw-Wit der net oan te pas. It ferslach fan ien fan de fammen.

It is kertier foar twaen  at Feike Jorritsma(ús koach foar hjoed) de box in komt rinnen mei de meidieling dat hij leaver flagget en mar efkes wat fersterking ynskeakele hat.  Efter him rinne Dirk Yde en Tsjipke, ús trainers. Best genôch Feike, goed regele tinke de dames.  Neidat de heren us allegear yndield hiene kamen se ek nog mei de meidieling dat we mar efkes op it haadfjild spylje moatte hjoed . Dus dames aantrede en op nei it haadfjild!!
De oftraap waard naam, gelyk de goeie kant út. Hup op nei it doel.  We wiene net mear bij it doel wei te slaan. Nei it hânsbal fan in blauw witter, krigen we in penalty. Die waard prachtich benut troch Sieta Tessemaker. Super 1-0. Genôch kansen kreeert, helaas net allegear goed benutten. Machtichg publyk oan de kant, echte oanmoedigers. Krekt foar it skoft foel dan úteindelijk ek de 2-0. Makke troch Jitske Plantinga.
Nei de thee gongen we wer frolik fjirder. Folle moed, we soene en moesten dit winne. Bal besit wie eins altiid foar ús.  Toen waad it tiid foar de 3-0 die waard makke troch Anne-Marije Hofstra. Nog sa’n 20 minuten te gean, wer folop bal besit mei alwer in doelpunt, dizze kear wie it Marije Hiemstra die de bal tusken de pealen krige. 4-0 alwer.  Dit koe net mear misgean. Yn de leste minuut makken de blauw witters toch nog in doelpunt, 4-1!!  Foardat de bal yn it midden ôftrape koe wurde fluite de skeids ôf. Yesssss we ha wûn.  Alwer 3 punten  derbij dy we ek seker fertsjinne ha.
Giet goed sa, op nei folgende wieke.
Bedankt DYS en TSJIP!
AMH

SDS 5- Rood Geel 4      11-1
De konkurrinsje bij SDS 5 is sa grut, dat de resultaten hast net útbliuwe kinne. In wiidweidich ferslach hjir ûnder. Opfallende doelpuntenmakkers dat kinne wij wol fêststelle.

Koach Eddy de Boer naam in grut risiko troch tongersdeitejûn syn topskoarder Harm Auke ôf te beljen. Der wiene te folle minsken en der wie nimmen dy’t yn de tún woe, nei de stêd woe of in oare ûnsinnige bezichheid úthelje op sneontemiddei. Sa wiene der allinne fan SDS 5 al 20 man oan de kant.
Mar Eddy hie genôch fertrouwen yn de ploech dy’t der stean moast. En se stiene der:  de nije doelpuntenmakkers fan Eddy:
Jappie Wijnia, trije kear mei de kop en ien kear mei de foet.
Gerrit Terpstra: hielendal werom en syn strakke foarsetten fanôf rjochts wiene meast assisten en hij skoorde ek noch.
Ype Tiemersma, noch net skoord dit jier mar hij like befrijd. In prachtige yntikker wie syn diel.
Bertus Bootsma giet altyd mei in protte enersjy mei nei foaren en koe no in kear yn de lange hoek úthelje.
Klaas Kamstra skoarde mei pet op fanôf 11 meter. Hij glundere nei ôfrin as in snoekbears.
Klaas Visser skoorde twa kear en dat wie logysk. Hij hie al 14 doelpogingen dien en it moast in kear en noch in kear ta doelpunten komme.
Aant Hofstra die elkenien fersteld stean, mar hij wie sels net ferbaasd. Hij poeierde snoeihurd yn it dak fan it doel en dit wie sûnt 2003 dat hij net puntere (neffens oaren)
En fierders wie Johnny ticht bij in doelpunt, hie Jelle him op de skoech, kopte Jacob snoeihurd yn en ek Marco kopte hast rekke.
Efter siet it goed ynelkoar. Tjeerd joech lieding en dan witte je it wol.
Ah

Nijland E3- SDS E3
It earste ferslach al binnen? Nee, it is it lêste ferslach fan ferline wike.
Zaterdag moesten wij een uit-wedstrijd spelen in Nijland. Het was mooi weer om te spelen. We hebben helaas verloren met 14-1, maar de tegenpartij was dan ook ouder dan ons. Na de wedstrijd werd mij gevraagd een stukje te schrijven over deze wedstrijd, omdat ze vonden dat ik hard gewerkt had. Het ging er soms hard aan toe, enkelen werden goed onderuitgehaald of kregen de bal hard op het lijf.
Ik vond het jammer dat we met zo veel verloren hebben, maar Rients heeft een mooie goal gemaakt.
groeten, Simeon Sijbesma

Beker Robur F1 – S.D.S. F1 
Voor de derde keer uit naar Harlingen. Zeerobben, Harlingen en nu voor de beker tegen Robur. Wel de eerste keer op kunstgras en daar moesten wij aan wennen. De bal rolde veel harder en stuiterde veel hoger. De wedstrijd was nog maar net begonnen en wij stonden al met 2-0 achter. Het was maar goed dat Jan S. op goal stond. Kunstgras is leuk, maar als je valt dan doet dat zeer. De eerste helft werd het 4-0. De tweede helft speelden wij bijna allemaal in onze training broek en toen ging het een stuk beter. Wij hebben met 7-0 verloren. Volgende week uit naar Achlum. Altijd lastig. 
Groetjes  Jeska

Futsal: SDS 2 – Blauw-Wit ’34 14
Wy krigen ek noch in ferslach fan André Bons oer de futsalwedstryd fan SDS 2 fan ôfrûne woansdei:
Helaas een nipte nederlaag van 3-4 ,deze was bij rust al bereikt. Doelpuntenmakers : Johan 2x en klaas 1x
André