Seleksjes sneon 16 febr.
14 februari 2008Weppers snein 17-2
16 februari 20086 wedstriden stienen der op it programma. Wij binne benijd at nei dizze winterske nacht alles troch giet. Hawwe jim wat te melden oer dizze wedstriden mail it nei dizze adressen.
Der steane hjoed inkelde wichtige wedstriden op it programma. SDS 1 kin goeie saken dwaan yn de race om de 2e perioade. As sy winne fan Trynwâldster Boys dan komme sy 3 punten foar te stean op Broekster Boys en hawwe sy in better doelsaldo. Folgende wike is de lêste wedstryd fan de 2e perioade. Dan moat SDS út tsjin…… Broekster Boys.
Foar SDS 2 stiet hjoed ek in wichtige wedstryd op it programma. (giet net troch) SDS 2 spilet thús tsjin de Leeuwarder Zwaluwen, de nije klup fan trainer Hylke Schrale nei dit seizoen. Der is Hylke dus hiel wat oan lein om dizze wedstryd te winnen. Út wûn SDS 2 noch mei 2-0. Dat wie oan it begjin fan it seizoen en neffens doe is der hiel wat feroare. SDS moat der omtinke net te ticht by de ûnderste plakken te kommen en Leeuwarder Zwaluwen skarrelt omheech foar it kampioenskip. Sy wolle graach omheech. No ’t Leeuwarder Zwaluwen 1 hjoed frij is sille sy dan ek wol mei in knappe seleksje komme.
Moarns spylje SDS C1 en C2. (giet net troch)
SDS C1 kin mei winst op Heeg C1 de kopposysje wer oernimme fan Nijland C1 yn de 3e-Klasse.
SDS C2 sil in swiere dobber hawwe oan de nûmer 2 Sneek-Wit-Zwart C3. SDS C2 stiet sels yn de middenmoat.
Genôch reden dus om hjoed efkes op it fuotbalfjild te sjen liket ús.
Ferjit net om hjoed foar 19.00 je team foar de SDS League yn te leverjen!!
útslach | ||
14:30 | SDS 1 – Trynwaldster Boys 1 | oflast |
12:00 | SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 2 | oflast |
10:15 | SDS C1 – Heeg C1 | oflast |
11:30 | SDS C2 – SneekWitZwart C3 | oflast |
14:30 | AVC 2 – SDS 3 | 2-0 |
13:30 | Oeverzwaluwen 4 – SDS 4 | 4-1 |
AVC 2 – SDS 3
It tredde hie net folle oer de wedstryd te melden. Neffens de stân moast SDS it winne kinne. It gie oars. Gewoan 2-0.
Oeverzwaluwen 4 – SDS 4
Oeverzwaluwen wûn mei 4-1. Sy kamen mei 2-0 foar en út in pingel fan Johan Delfsma waard it 2-1. SDS 4 krige kansen op 2-2 mar der waard net skoord. Úteinlik koe Oeverzwaluwen útrinne tot 4-1. Man fan de wedstryd wie SDS-keeper Jaap Boekholt.