Utslagen 26-1-2008

Seleksjes sneon 26-1
25 januari 2008
Weppers snein 27-1
27 januari 2008

Noch gjin folslein programma, mar in fersichtige start. Wij hope dat it allegear trochgiet en ferwachtsje fansels in protte nijs. Oan ’t no ta (13.45) hawwe wy noch gjin berjocht krigen dat der ek mar iets ôflast is.
Maile kin nei
dit adres

14:30 SDS 4 – Tzummarum 2  5-3
14:30 SDS A1 – RES A1  2-1
10:15 SDS B1 – Zeerobben B1  1-12
14:30 Wieringermeer 1 – SDS 1  3-4
14:30 Knickerbockers 3 – SDS 2  3-2
14:30 Franeker SC 8 – SDS 5  0-9
10:30 Franeker SC C5 – SDS C2  3-4


Futsal: SDS 1 pakt in puntsje
SDS 1 spile justerjûn mei 2-2 lyk tsjin Drs. Vijfje. De golas fan SDS waarden makke troch Harm en Feite. Der hie mear ynsitten, mar yn de lêste min’t slagge Skelte der krekt net yn in grutte kans yn de goal te skowen. SDS wie miskien oer de hiele wedtryd sjoen wat better, mar de Grinser studinten wisten harren 2 kansen ôf te meitsjen wêr ’t SDS te folle kansen lizze liet.

Wieringermeer 1 -SDS 1     3-4
Wij hawwe noch net ien troffen dy sei dat it echt fertsjinne wie. Krekt foar tiid stie SDS noch mei 3-2 efter. Doe kamen de mominten fan Harm Stremler. Hij skoarde twa kear. Dêrfoar hie Dirk de Jong de oare SDS doelpunten makke.

Knickerbockers 3 – SDS 2
We staan dan wel nergens tussen, maar SDS 2  heeft ook competitie gespeeld. Het team wat veel talenten heeft rondlopen, wat van belang is voor de toekomst van de club , krijgt misschien niet de aandacht zoals het misschien hoort .  We moesten naar de nummer 3 op de ranglijst nml. The Knickerbockers uit de stad Groningen. We hebben helaas met 3-2 verloren, wat tegen de verhouding in was. We hebben één van de betere wedstrijden van het seizoen gespeeld maar tegen twaalf man konden we net niet op.
We hebben met deze jonge groep geen punten gehaald vandaag maar wel enorm veel vertrouwen gekregen, wat weer perspectief  biedt voor de resterende wedstrijden. Vandaag waren er geen verplichtingen wat betreft de jeugdafdeling zodat Robert Hoekstra, die enorm gedreven en welwillend is, gelukkig mee kon als leider.  Robert heeft afspraken gemaakt over de jeugd van SDS en gaat mee met het tweede zolang dat elkaar niet kruist. Wat aangeeft hoe deze man in elkaar zit en waar we alleen maar respect voor kunnen hebben. Blijft over dat het tweede alleen maar een trainer heeft en dat ze hun verder maar moeten redden. Horen we nog ergens bij? Niet meer in de lijst van de wedstrijden en geen oplossing hoe het nu verder moet? SDS ONWAARDIG TOCH!!!
Groeten Hylke

SDS 4 – Tsjummearum 2 5-3
Krekt as sc Hearrenfean sûnder Alves kin, kin SDS 4 sûnder kluptopskoarder Gearard Posthumus. Doelpunten fan Rinse Joustra, Jort Strikwerda en Bas de Haan (3)

Franeker 8 – SDS 5
Oan de útslach te sjen moat it tige ferjonge SDS 5 in makkie hân hawwe. Doelpunten fan Sybren (2) Gerrit Flisijn (2) Pytrik (2) Ype, Durk, Eddy

SDS A1 – RES A1
In spannende wedstryd. SDS miste te folle opleine kânsen. Doelpunten fan Freek Tichelman en Sytze Kooistra

SDS B1 – Zeerobben B1
De jonge ‘hynsten’ fan SDS B1 koenen it hjoed net rede. Yn de hagelnije shirts, stipe troch R J Rienstra Handelsstal & Hengstenhouderij, waard ferlern fan Zeerobben B1 mei 1-12. We komme yn de 10e minút foar út in penalty skoart troch Andries, nei in oertreding op Doede. De earste helte giet it wol knap. We steane ûnder druk, mar witte Zeerobben aardich op te kearen. Ek al om’t Thor prima stiet te keepen. We geane de rêst yn mei 1-2. Wytse Lanting moat der út om de rêch en Elger kom der yn. 10 minúten yn de twadde helte moat Gert Jan Veenendaal opjaan mei in blessuer oan de ljisk. We ha gjin wiksels mear… Wiebe Jan siik, Christiaan blessearre, Wytse Hein en Ronald ha we net sjoen…
Komplimenten foar de earste helte. Ek foar de twadde, mar dan mear oer dat se trochsetten ha.
Groetnis, Klaas
PS: Yn it wiidweidige ferslach noch wat opmerkings oer it trainen fan B1. Dat is bedoeld as positive krytyk!

Franeker C5 – SDS C2
Nei in rêst fan njoggen wike moasten wy hjoed sûnder mar ien training  út nei Frjentsjer. It wie wol te sjen dat der gjin wedstriidritme mear yn siet. Der waard net genôch neitocht en combineerd mar ûntank alles binne der trije punten fergarre.
Doelpunten binne makke troch: Christian, Jurjen 2x, en Feiko (gastspiler) C1.
Jaap Z