Werom út Liverpool!
18 maart 2006Wepperkes -snein-
18 maart 2006SDS 1
SDS 1 ferlear de oefenwedstryd tsjin Wykels/Hallum mei 3-1. André Polet wie wer ris de grutte man by de read-gelen. Hy makke alle 3 doelpunten. Foar SDS 1 skoorde Feite de Haan út in penalty.
SDS 2
Sij hiene graach fuotballe wold tsjin Genemuiden, mar de tsjinstanner bellet ôf. Hopenlik dat de KNVB optreed tsjin sokke ploegen dy’t no al foar de twadde kear ôfbellet.
SDS 2 hat hjoed al efkes oefene tsjin SDS A1. SDS 2 wûn dit mei 5-1 troch goals fan Bote, Stefan, Pieter en Willem(2x). Foar SDS A1 skoorde Paul.
SDS 3
SDS 3 hat mei 4-2 ferlern. Sy lykje nei dit ferlies ôf te heakjen foar it kampioenskip. Wichard makke beide doelpunten.
SDS 4
Friso Albada wie nei lang blessureleed werom yn de basis yn de wedstryd tsjin Roodgeel.. Hij spile de hiele wedstryd en skoorde sels it ienige doelpunt fan de wedstryd út in prachtige frije traap. Boekholt jr. wie de doelman
SDS 5
It giet hieltyd better mei SDS 5. De trainingsoeren betelje harren út. Want Pieter Groenveld hold de nul en dat is noch net faak bard, Jacob Sjirk Joustra skoorde en Bas de Haan skoorde sels 2 kear. It lêste doelpunt nei oanjaan fan syn trainingsmaat Rinse Joustra. Einstân tsjin WWS 3 wie 3-0
De útslaggen
|
Letter mear.