Alde spilerskaarten
10 november 2006Wepperkes -snein-
12 november 2006Dit wienen de wedstriden fan hjoed:
utslach | ||
14:30 | SDS 2 – Zeerobben 2 | 3-5 |
12:45 | SDS 6 – Joure SC 6 | 1-6 |
14:30 | SDS A1 – CVVO A1 | 5-1 |
12:15 | SDS B1 – Zeerobben B1 | 1-1 |
11:00 | SDS B2 – ONSTOP63 B3 | 2-3 |
10:00 | SDS F2 – Makkum F2 | 1-5 |
14:30 | Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 | 1-0 |
12:30 | IJVC 2 – SDS 3 | 1-1 |
12:45 | Tzum 3 (zat) – SDS 5 (zat) | 2-1 |
9:00 | CSL C1 – SDS C1 | 4-3 |
Witte jim noch in útslach dy’t er net opstiet, mail it ús. Maile kin nei dizze adressen.
Ek doelpuntenmakkers en opmerklike feiten krije wij graach troch
Bij de wedstriden:
Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 1-0
SDS 1 gie hjoed mei 1-0 ûnderút.
Klik hjir foar de foto’s fan Henk Bootsma.
SDS 2 – Zeerobben 2 3-5
SDS hie de earste 5 minuten twa grutte kânsen om foar te kommen. Dizze waarden beide mist en dan falt der meastentiids op de oare kant. Dit wie dan ek it gefal. Bote Strikwerda makke nei 13 minuten mei de holle knap de 1-1 nei in knappe foarset fan Sybren Nauta. Nei 25 minuten kaam Zeerobben wer foar. De bal waard net goed ferwurke efteryn en mei in lob oer de keeper waard it 1-2. De twadde helte kaam SDS 2 op likense hichte troch Pieter Kamstra. Dit moast it begjin wurde fan in stoarm op de goal fan Zeerobben. Zeerobben profiteare fan de romte foaryn en stie samar 2-5 foar. Wichard Deinum makke der úteinlik noch 3-5 fan.
IJVC 2 – SDS 3 1-1
Mei in man mear op it lêst hie der mear yn sitten foar SDS 3. Doelpunt fan SDS 3 waard makke troch Gerlof Obed Veldstra. Klik hjir foar it ferslach fan Wouter “Baresi” Hylkema.
Tsjom 3 – SDS 5 2-1
SDS 5 sit yn in djippe krisis. Want in kear ferlieze maote kinne mar ferlieze fan Tsjom dat mei nea. At jim echt dit drama lêze wolle, klik dan hjir.
SDS 6 – SC Joure 6 1-6
Jammer genôch fertsjinne ferlern. Hielendal sjoen de twadde helte. In knappe goal fan Gerlof-Jan Hofstra koe hjir neat oan feroarje.
SDS A1 – CVVO A1 5-1
In knappe oerwinning fan SDS A1, al wie der miskien al in bytsje flatteard. Redmer, Jelmer(2x) en Feiko(2x) makken de goals.
SDS B1 – Zeeroben B1 1-1
SDS B1 spile hoed thús tsjin Zeerobben in 1-1 lykspul.
Foar de objektive taskoger miskien wol terjochte mar winst wie neffens ús wol fertsjinne west.
Op basis fan ynset en kânsen hie dat wol mochten.
Johan wie werom nei syn blessuer en dat liet der ek sjen.
En dermei wolle we de oare spilers net tekoart dwaan want it wie best jonges!
Jort makke de bal nei in kluts út in korner.
Klaas Pompstra
Klik hjir foar Klaas syn útgebreide ferslach.