Ut-en ferslaggen sneon 25-10

Weppers freed 24-10
24 oktober 2014
Weppers snein 26-10
25 oktober 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen e-n skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

      útslach
09:00 SDS D1 Mulier D1  8-0
09:00 SDS E2 Franeker SC E5  19-1
09:00 SDS E4 Heeg E2  4-1
09:10 SDS F1 Frisia F7  13-2
10:00 SDS D3 ONS  Sneek D4  4-4
10:25 SDS C1 Mulier C1  9-0
11:20 SDS B2 TOP’63 B1  0-2
12:00 SDS A1 SC Bolsward A1  1-1
13:00 SDS 4 Blauw Wit ’34 8 g..n.t.
14:30 SDS 1 Delfstrahuizen 1  1-1
14:00 SDS 2 Franeker SC 2  1-3
       
08:45 Franeker SC D5 SDS D2  4-7
09:00 Workum E2 SDS E1  1-9
09:00 Oudega/HJSC E2G SDS E5  9-1
09:00 AVC F2 SDS F2  1-2
11:15 Annaparochie  C2 SDS C2  1-5
12:00 Leovardia MD1 SDS MD1  0-3
12:30 Leovardia B1 SDS B1 g.n.t.
14:00 Warga VR1 SDS VR2 g.n.t.
14:30 Heeg 3 SDS 5  2-1
14:30 Oosterlittens VR1 SDS VR1  1-5


SDS 1 – Delfstrahuizen 1     1-1
Om oansluting te krijen mei de top wie in oerwinning needsaaklik. Dat siet er dizze middei lykwols net yn. Dat er noch in punt út it fjoer sleept waard, wie moai meinommen. Delfstrahuizen wie de iets maklik fuotbaljende ploech, mar kreearde net folle kânsen. Dat die SDS ek net. Dirk Yde Sjaarda kaam ien kear allinne op de doelman ôf en krekt foar it skoft hie hij in reedlik frije kopkâns dy’t hij net goed op wearde ynskatte. Ynstee fan yn te koppen liet hij de bal mear op de holle falle.
Bij SDS wie net elkenien binnen de linen hielendal fit. Dirk Yde Sjaarda (foel letter út mei in fikse ankelblessure), Dirk de Jong (nei 25 minuten der al út) en Erik Haitsma dy’t mear as in ideale skoansoan spile as normaal.
Bij it skoft 0-0. Dat hie ek net in frjemde einstân west, sjoen it oantal kânsen. Dochs kaam de ploech út Delfstrahuzen en Ichtenerbrêge troch in snelle útfal op 0-1. SDS moast op syk nei in gelykmakker en dat resultearre noch net gelyk yn it soad kânsen.
Jacob Klaas Haitsma gie mei nei foaren en hij wie it dy’t de 1-1 oantekene. In moaie dei foar Jacob Klaas want hjir mei rêde hij in punt en hij gie boppedat mei in “draaiend rêd” rollade nei hús. Dat de iene punt noch yn Easterein bleau wie foaral ek noch te tankjen oan Jaap Toering. Hij kearde krekt foar tiid in libbensgrutte kâns fan de gasten.
Skiedsrjochter van Tuinen fluite in prima wedstriid en hie gjin kaarten nedich neffens mij.
(ah)

SDS 2 – sc Franeker 2    1-3
It hie allegear best wol oars rinne kind at….. SC Franeker skoarde trije kear en SDS 2 moast it dwaan mei in doelpunt fan Feite de Haan. Ek SDS 2 miste hjoed in strafskop.  Snein de dieder bij de weppers.

Heeg 4 – SDS 5    2-1
In gelykspul hie der wol ynsitten en hie mooglik ek wol terjochte west. Mar it wie ferlies. Doelpunt fan Broer Jacob Greidanus

Oosterlittens Vr1 – SDS Vr1
At it histoarysk is wit ik net, mar de kearen dat SDS fan Littens wûn hat mei frouljus teams is net sa grut. It waard no in grutte oerwinning mei 3 doelpunten fan Tjitske Heeres en dêr is se wer Kirsten Hiemstra, dy’t twa kear skoarde.

SDS A1- sc Bolsward A1
A1 moest gisteren tegen Bolsward A1, een “belangrijk” potje, immers, wij hebben 3 punten en nog niet gewonnen, Bolsward heeft 2 punten en ook nog niet gewonnen dit seizoen.
De meeste jongens kennen elkaar van school o.i.d. en anders kennen ze wel de voorzitter die hun leraar is of ga zo maar door….
Vandaag, na overleg met de hoofdtrainer, besloten om “het heel anders” te gaan aanpakken en 1-4-4-2 te gaan spelen, met Pieter de V als ‘aanvallende” rechtsback waardoor je veel meer aanvallende mogelijkheden krijgt en iets meer rust op het middenveld.
Dat is allemaal makkelijker gezegd dan gedaan, en stuit in eerste instantie op veel weerstand, maar reken er maar op dat dit zijn vruchten gaat afwerpen in het verdere verloop van deze competitie.
Als iedereen er wat vertrouwen in krijgt, niet gelijk alles weer willen veranderen en wat minder commentaar als het in onze ogen niet gelijk loopt zoals iedereen hoopt, komt het helemaal goed.
De eerste helft verliep zoals verwacht, beetje onwennig, maar verreweg het meeste balbezit, en Stephan heeft alleen in de eerste 5 min een bal gezien, Bolsward creëerde daarna geen enkele kans. Maar het vele balbezit en het redelijk verzorgde spel bij ons bracht ons ook geen enkele kans.
Onze 2 spitsen moesten vreselijk wennen aan de opstelling en maakte soms de verkeerde keuzes in loopakties.  
In de rust heeft Frans nog een verduidelijking gegeven hoe te spelen in dit systeem, maar helaas wordt daar dan te weinig mee gedaan en naar geluisterd, of konden we even niet beter, feit was dat de 2e helft rommeliger oogde dan de 1e.
De beide spitsen voetbalden wel iets anders en dat leverde een paar kleine kansjes op, maar de keeper van Bolsward werd niet echt getest. Ondertussen kon Stephan wel een stoel gebruiken, want die had weinig tot niets te doen, en toch was het geen saaie wedstrijd.
Tot aan de 31e min, een scrimmage voor onze goal, Stephan werd, volgens eigen zeggen, behoorlijk vast gehouden en gehinderd, maar je zal het zien, 0 kansen en toch 0-1 voor Bolsward.
Toen werd het een echte wedstrijd, wij vol voor de gelijkmaker en Bolsward loerend op een counter.
Het werd wat “gremitiger” en hier en daar werden een paar behoorlijke overtredingen gemaakt, maar ach, dat hoort in een derby.
Hier en daar vallen ook wat rare uitspraken richting bank, dat hoort niet, en iedereen die gewisseld werd was het er niet mee eens, maar ach, dat hoort ook bij voetbal.
Toen iedereen eigenlijk niet meer in een goede afloop geloofde was daar plotseling toch een opleving. In de 40 e min scoort Almar werkelijk een fantastisch doelpunt,een snoeihard schot, heerlijk en perfect geraakt, iets wat we als ploeg ff nodig hadden,  en komen we op de zeeeeeer verdiende gelijkmaker.
Daarna nog wat kleine kansjes, maar een overwinning zat er weer niet in. Al waren wij toch de ploeg die er het meeste recht op had, ik denk dat iedereen vrede heeft met de 1-1.
Volgende week nieuwe kansen in alweer een derby, Makkum, aanvang 15.00.
Boudewijn.

SDS E2 – Franeker E5
Nei 4 wedstriiden en 2 punten, moasten de hearen hjoed oantrede tsjin Franeker E5. Yn de beker moasten we tsjin E3 en dat wie in drege wedstriid dy’t we ferlearen mei 3-2. 
Dochs hiene we in soad fertrouwen op in goede ofrin hjoed, om’t de mannen wike yn wike ut sjen litte dat se geweldich fuotbalje kinne!
Hjoed dus der fol op en mei in nije spits Thomas Oane. En wat foar in spits, hij makke der hjoed 9. Jim sille tinke wat wie de utslag dan, no dat wie 19-1!! Ik kin der in hiel ferhaal fan meitsje mar, it spul wie wer tige fersoarche sawol yn de 1e as yn de 2e helte. Allegear ha de hearen skoart hjoed, behalve Tiemen. Dit is opsich utsonderlijk om’t hij oan’t no ta hast alle wedstriiden al skoard hie. Hjoed stie der ek in helte op keep. 
Nije wike tsjin de koprinner AVC en dit is foar trainer Hans en spiler Sije in speciale wedstriid om’t der famylje yn de ploech sit. We geane foar de winst! 
FR

Oudega-HSJC E3 – SDS E5 (9-1)
Toch omstandigheden wiene wy wat letter fuort as de bedoeling wie mar wy hiene rom de tiid en moai op ‘e tiid stoppe de spilersbus fan de famylje Orsel yn De Hommerts.
De froulje fan it team hiene de efterbank foar hunsels en hiene it, sa die blyken doe sy útstapten, prima nei hun sin hân. Mei in goede stimming yn it team op nei de klaaiboxen en dernei gau it fjild op om de gebrûklike tariedings foar de wedstriid te dwaan. D’r skalde musyk oer it fjild en de sinne prebjeare al aardich troch te kommen. Koartom, in prima sfeerke om in potsje te fuotbaljen.
Njoggen oere los en nei in pear minuten al in goal tsjin. Bliksem! Hjir siet wol kracht en snelhied yn dizze tsjinstander. In bytsje oerdondere stiene wy de earste fiif minuten allinich mar frij paniekerig te ferdiedigjen. It twadde tsjindoelpunt foel ek al frij gau. Hjir wie fysiek troch ús net fan te winnen. Dit koe allinich troch “slim” te spieljen. D’r foar soarchje dat wy eltse kear wer krekt op tiid passe en sadwaande nei foaren komme kinne. De earstfolgjende aksje fan ús gie dan ek precies sa. Prachtige passes op it júste momint en in lêste pass troch Elbrich op Tobias wertroch op sa’n tsien meter foar de goal Tobias trochrinne koe en sich net lang betocht en hiel goed ynskeat. 2-1. Miskien joech dit wat moed! Mar al gau wiene wy allinich mar wer oan it ferdiedigjen. Us keeper hie it dus swier te foarduren en wie nei mien idee (en dat fan inkele taskôchers) noch net hielendal wekker. Hjirtroch foelen d’r wol inkele tsjingoals dy’t nei mien miening net nedich binne. 6-1 giene wy de rêst yn. Nog mar wer ris oanjoen dat elst better syn posiesje hâlde moat en troch oerspieljen hun wol te slim ôfwêze kinne. De twadde helte gie inderdaad better. De tsjinstânder kriech iets minder vat op it spul. Mar echt trochbrekke koene wy net. Wy ha dan ek net mear grutte kânsen hân. Mar it siet wol folle better yn elkoar. Ek ús keeper wie op ien rare misser nei folle better en hat de betiiden hurde pegels fan de tsjinstânder prima keare kinnen. Einstân: 9-1. Hjoed behoorlik op ús donder krigen mar ek in soart leart. Ek ik, want it trochwikseljen bringt betiiden wol wat ûnrêst en ferwarring op it fjild. Toch wol ik dat de spilers let langer as fiif minuten op wiksel stean en elts sa folle mooglik spielje kin. It ferlies wie alwer snel fergetten want op de weromreis diene de bern “ïk zie, ik zie, wat jij niet ziet…” en waarden d’r alwer boartersôfspraken foar de middeis makke.
Herman

SDS F1 – Frisia F7  13-2
Nei twa ferliespartijen, wêrûnder ien yn de bekerstriid, slagge F1 der wer ris yn om in wedstriid te winnen. En hoe. Frisia F7 kriich leafst 13 goals om’e earen. F1 sette fanôf it begjin druk op de tsjinstander en koe mei goed kombinaasjespul faaks foar de goal fan Frisia komme. Net iens alle kânsen wurden benut. Topskoarder Yke makke 6 fan de 13 goals, Jesper en Jesse 2 en Niels, Stern en Timen elk ien.

Efkes Balje
Der binne   twa dingen yn it libben dy geane altyd troch. Alder wurde en it Efkes Baljen. In moai droech hoekje mei in wiet rântsje. Ploech “baltsje rûnspylje” hie 73 % balbesit en skoarde regelmjittich. Ploech “hurdwurkje” skoarde ûnregelmjittich en fierde elk doelpunt as it winnen fan in kup. Ploech “baltsje rûnspylje” mei Chiel, Remco, Ferry, Klaas en Theo koe om 20.30 mei in Ajax gefoel de finale yngean. Wij binne de besten en sille ek no wer dominant wêze.
De finale in fúleindige striid, mei de fanselssprekkende 1-0 foarsprong. Mar dat wie te min. Dat dominante. rûnspyljende systeem koe net op tsjin de twa doelpunten fan it totaal útbluste hurdwurkjende “hurdwurkers”. In foldien gefoel foar Wouter, Johan, Aant, Harrie en Folkert Rients. De winnende fan Folkert Rients bliuwt harren it langst bij. Noch krekt gjin platte wein, mar hij dy der stien dan…… (ah)