Seleksjes sneon 9-11
7 november 2013Weppers snein 10-11
9 november 2013Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff_sds mei fansels ek.
Tiid | Thúswedstriden | útslach |
9:00 | SDS D4 – Oosterlittens D3 | 0-4 |
9:00 | SDS E2 – RES E3 | 1-7 |
9:00 | SDS E3 – ONS Boso Sneek E3 | 0-21 |
10:10 | SDS F1 – Joure SC F3 | 7-4 |
10:10 | SDS F3 – TOP’63 F2 | 8-0 |
11:00 | SDS C1 – RES C1 | 3-0 |
11:00 | SDS D2 – SJO Oudega/HJSC D1 | 0-0 |
12:15 | SDS A2 – Leovardia A2 | 1-3 |
12:30 | SDS MC1 – RES MC1 | 2-1 |
14:00 | SDS 3 – Woudsend 2 | g.n.t. |
14:30 | SDS 2 – Zeerobben 2 | 1-2 |
10:15 | MINI LEAGUE F Pupillen | |
Tiid | Útwedstriden | |
9:00 | Joure SC E6 – SDS E1 | 4-11 |
9:30 | Nieuweschoot D1 – SDS D1 | 3-2 |
10:00 | RES E4 – SDS E4 | 3-4 |
10:30 | Blauw Wit ’34 B2 – SDS B1 | 2-1 |
10:30 | Woudsend F1 – SDS F2 | 0-5 |
11:15 | SWZ C4 – SDS C2 | 5-0 |
11:15 | Dronrijp MC1 – SDS MC2 | 9-3 |
11:30 | ONS Boso Sneek D4 – SDS D3 | 8-1 |
12:30 | Heerenveen A3 – SDS A1 | g.n.t. |
12:30 | Emmeloord SC VR2 – SDS VR1 | 4-1 |
14:30 | Delfstrahuizen 1 – SDS 1 | 2-1 |
14:30 | Arum 2 – SDS 4 | 8-1 |
14:30 | Woudsend 3 – SDS 5 | 3-2 |
Delfstrahuizen 1 – SDS 1
Nei een lette lykmakker krige SDS dochs noch it deksel op de noas en sjoen de twadde helte wie dat ûnnedich.
It spul fan SDS begong aardich, mar dat sakke nei sa’n 10 minuten fier fuort. Troch ferkearde passes en net yngripen fan de SDS-ferdediging krige Delfstrahuizen moaie kânsen. Earst moast de peal rêding bringe, wernei Wietse Fopma oan de oare kant stuitte op de keeper. Nei een rits kânsen wer foar Delfstrahuizen krige SDS een terjochte penalty yn de 25e minut. In moaie mooglikheid om dochs op foarsprong te kommen, mar Dirk-Yde Sjaarda skeat de bal heech oer richting Tsjûkemar. In pear minuten foel it doelpunt foar de thúsploech, nei 2 missers koe der simpel binnen tikke wurde, 1-0. Flak foar de rêst draaide Dirk-Yde sich knap frij wernei hy pech hie dat syn skot op de peal belâne.
SDS begong skerper oan de twadde helte en wie de bettere ploech. Dit liedde noch net ta hiel grutte kânsen, mar de druk waard hieltiid grutter. Delfstrahuizen liet it mei twa mooglikheden nei om de foarsprong út te breiden. Healwei de twadde helte kamen der foar SDS 4 kânsen yn ien minút en it wie foar it hiele fjild een wûnder dat de bal der net yn gong. Op it skot fan Jelmer brocht de keeper hiel knap rêding, wernei een skot fan Tsjipke fan de line helle waard en dy fan Jacob-Klaas noch oanrekke waard. Út de corner kopte Jacob-Klaas dernei krekt oer. SDS krige dernei wer genoch mooglikheden, allinich de bal woe der net yn. Yn de 85e minút wie der opnij een penalty foar nodich. Wytze Lanting skeat wol rekke, 1-1. It waard in iepen potje, want beide ploechen woene de trije punten byskriuwe. Delfstrahuizen koe oanfalle nei balferlies en it foen de frije man foar de goal yn de 90e minút, 2-1. Troch in soad blessures kaam der in hoop tiid by en dat soarche nog foar kânsen. Delfstrahuizen koe eerst allinich op Jaap ôf, mar de ynfaller roen de bal oer de achterline. Yn de allerlêste krige Jelmer Posthumus dé mooglikheid op de lykmakker nog, mar syn skot gong fan hiel tichtby oer. Einstân, 2-1.
Grietzen
SDS 2 – Zeerobben 2 1-2
SDS 2 wie hjoed net yn syn beste dwaan. Sy krigen net folle kansen en hienen gelok dat de Harnsers it fizier yn de earste helte net hielendal op skerp hienen. 2 kear misten sy foar iepen goal. Dochs makken sy wol de 1-0. Ayanle wie it dy der foar de rêst noch 1-1 fan makke. Ek de twadde helte wie Zeerobben better en SDS slagge der mar net yn in knappe oanfal op de matte te lizzen.
Zeerobben makke der krekt foar tiid noch 2-1 fan neidat sy krekt dêrfoar noch in goal troch de noas board seagen troch in bûtenspulgefal. Úteinlik dus in terjochte 2-1, mar wat soer dat dit 2 minuten foar tiid barde.
Nije wike mei SDS 2 út nei de Friese Boys 2 út Kollumersweach.
Wâldsein 3 – SDS 5 3-2
Doelpunten fan Ronny Wagenaar en Jappie Wijnia
Efkes Balje
It Efkes Baljen spektakel is krekt de gewoane fuotbalwrâld. Sa as in fedette dy’t wat letter komme mei en de auto hast op it fjild parkeart, sa as de prachtige oanfallen dy’t foar it doel hopeloas ferprutst wurde, sa as de klutsballen dy’t mei gemak omsetten wurde yn eigen doelpunten, sa as de striid om net te ferliezen, sa as it genietsjen fan de prachtige doelpunten en sa as de fêste rigels dy’t tapast wurde moatte.
Team “mantsjeminder” moast hurder wurkje as team “mantsjemear”en dochs koene se maklik bijbliuwe. Se kamen foar mar ûntoplettendeheid fan de wedstriidlieder soarge der foar dat te let de ein fan de grutte partij oankundige waard. En krekt yn dy trije minuten te lang pakte team “mantsjemear” de oerwinning.
In poging om it winnende doelpunt wedsriidsje ta ien te beheinen slagge net fanwege de tonge op it lear bij ploech “mantjeminder”. Mar ploech “mantsjemear” hie gjin begrutsjen. It wie fedette Veenje (ja krekt dy fan de auto en te let) protestearde sa heftich dat ûnder dy druk der noch twa doelpunten befochten wurde moasten. Ploech “mantsjemear” wûn mar de blommen wiene foar ploech “mantsjeminder: Hendrikus, Marco, Wytze, Jan Bouke en Aant.
Ploech “mantsjemear” bestie út Pieter, Ferrie, Harrie, Tjerk, Bonne en Folkert Rients.
Blauw-Wit B2 – SDS B1
Vandaag moesten SDS B1 tegen Blauw-Wit B2, Dit zou een spannende wedstrijd worden omdat Blauw-Wit 2e in de competitie stond en SDS B1 3e.
De wedstrijd begon met de aftrap van Blauw-Wit B2, al snel scoorde Blauw-Wit de 1-0. De eerste helft liep op z’n end maar toch wist Matthijs de 1-1 te maken door met links mooi in te schieten. In de tweede helft begon de ellende met de scheidsrechter: er werden door Blauw-Wit veel overtredingen gemaakt inclusief 2x een sliding in de 16 zonder de bal te raken en 1x hands in de 16 dus 3x een penalty, maar de scheidsrechter gaf geen penalty in alle 3 gevallen. En toen moest het lot nog toeslaan om Blauw-Wit te laten scoren. 2-1 en daar bleef het bij. Als we thuis tegen Blauw-Wit moeten dan winnen we wel, daar hebben we tenminste goede scheidsrechters!
Wiebe en Habtamu
SDS C1 verliest met 0-3 van koploper
Na de telleurstelling van vorige week tegen de toen nog koploper ONS C2 waar we in de laatste minuut nog net met 2-1 verloren, moesten we het vanochtend opnemen tegen de nieuwe koploper RES C1.
We begonnen in de 4-4-2 opstelling die ons vorige week ook sterk deed voetballen, maar na zo’n 10 minuten kwam RES C1 met 0-1 voor te staan na een uitbraak van een van de sterke spitsen van RES.
Wij brachten het niet verder dan een paar kleine kansjes in de eerste helft ondanks ons sterke spel. De verdediging van RES stond als een huis. Een 2e goal voor RES kon niet uitblijven, met 0-2 als ruststand tot gevolg.
Na de rust gingen we meteen fel van start om te proberen de wedstrijd naar onze hand te zetten. Helaas smoorde elke aanval en elke diepe pass van ons in de ijzersterke verdediging van RES, Onze centraal spelende spitsen waren kansloos.
Onze keeper Niels wist het ene na het andere schot van RES uit de goal te houden, maar kreeg helaas door een handsbal een penalty te verduren. Deze werd ijskoud ingeschoten door een spits van RES. 0-3 was de eindstand na een wedstrijd waar we ondanks het verlies ons niet voor hoeven te schamen. Met andere woorden: Ook al hebben we verloren, we hebben super gespeeld jongens! Volgende week pakken we weer 3 punten!!!
Luuk v/d Schaar
Nieuweschoot D1 -SDS D1 3 -2
Vandaag de eerste nederlaag in de competitie voor D1. In een leuke wedstrijd werd door beide teams goed gespeeld. Nieuweschoot was in de eerste helft net even wat slimmer en oplettender. Dit resulteerde al snel in de 1-0.
Onze linkerkant is nog wel eens wat te lief voor de tegenstander. De Engelse mentaliteit, buiten het veld een gentleman, maar in het veld rücksichlos, is nog een bijschaafpuntje.
Gelukkig maakte Hendrik uit een fraaie aanval over rechts de gelijkmaker. Hierna was het alleen maar Nieuweschoot en 3 – 1 was de terechte ruststand. Tweede helft veel beleving. Leuk voetbal, mooie goal en toen hield het geluk op. Een randje buitenspelgoal werd afgekeurd, een zware overtreding op Hendrik, randje 16 meter, werd vervolgd met een scheidsrechterbal. Verder deed hun keeper wat hij moest doen en zorgde dat de drie punten in Heerenveen bleven. Verlies, maar lekker gevoetbald met elkaar.
Tjerk
SDS D2 – HJSC/Oudega D1: 0 – 0
SDS D2 hie sneon wer in drege tsjinstander. Forige wike tsjin de nummer 1, no tsjin de nummer 3. Us eigen keeper Jeffrey hie in blessure oan ‘e finger en koe dus jammer genoch net keepe. As ferfanger hiene we Mark Klijnsma op ‘e goal. De earste helte hiene we foar de wyn. Beide ploegen wiene oan elkoar weage en der kamen dan ek net grutte kansen. Sa dwaande gongen we de rest yn mei 0 – 0. De twadde helte dus tsjin de wyn ien. Dit fuotbalde in stik moeiliker en Oudega/HJSC waard sterker. In pear kear kamen we der noch gefaarlik ut, maar it wie Oudega/HJSC die de measte en beste kansen krige. Mar troch in geweldiche ynset fan alle jongens en een fantastisch keepende Mark koene we it op 0 – 0 halde. Betiden hiene we ek wat gelok, mar gelok moat je ek ofdwinge Nei de wedstryd fielde dit lykspul dan ek as in oerwinning. Wer in prima teamprestaasje, gjin geseur, keihurd wurkje foar elkoar en it fuotbal dat elke wike better wurd. Koartom; in moaie sneontemoarn en twa tefreden coaches.
Theo.
SDS E4 wint yn Boalsert
Fannemoarn mocht it goed draaiende E4 it opnimme tsjin it op papier like sterke RES E4.
SDS gong sterk fan start en de earste goal foel nei san 10 minuten nei in goed opsetten counter.
Sa foel it 2e en de 3e goal, tsjin it sterke RES E4. RES scoarde nog in goal yn e earste helte mar de skeids hie al fluite foar in oertreding fan RES , dus dizze telde net.
Wol dúdlyk wie dat dat de wedstryd noch net beslist wie mei de rêststân van 0-3.
Om skea fjirder te beperken hie RES yn e rêst in spiler ‘lient fan in oar team en dizze knaap skoarde 2 kear mei in prachtig ofstânskot op keeper Rico. En sa stie it dus sa mar 2-3!
Nei in corner skoarde RES nog in kear mar lokkich genôch foar ús yn syn eigen goal. Ús bern wiene kapot , der siet gjin fuotbal mear yn en RES skoarde nog in kear. De sterke ferdediching van E4 ferkaam erger en de einstân bleaf lokkich genôch stekken op 3-4.
Wer trije punten! Klasse jonges en famkes!!
Hans
SDS F1 – sc Joure F3
De hearen wiene der wer klear foar. Gjin trainingen hân, toch wer balje, it waar wie prachtich. Joure hie noch net wûn dus de kans op winst wie grut, mar de bal is rûn. En dat blykte al gau want binnen 5 minuten hie Arjen al 2 om de earen, 2-0 efter! Dit koe fansels net en SDS gie fol goede moed nei de 2-1 of syk. Dit slagge al gau troch in goal fan Redmer W troch in moaie oanfal troch de midden. Doch kaam Joure fia in yndraaiende corner op 3-1. SDS wer mei 2 goals efter! Dernei SDS wer mei 2 goals fan Redmer W nei de 3-3. Doe kantele de wedstriid en SDS krige de oerhân en rûn troch goals fan Redmer S en Jesmer út nei 5-3. REST.2e helte hie SDS foar de wyn en soe it wurde. Jesmer op’e goal en Arjen op it midden. Dit begûn net sterk want Joure makke de 5-4. Dernei duorre it wol 10 minuten dat it beide kanten út koe, de 5-5 foar Joure of de 6-4 foar SDS.
Gelokkich krige SDS yn de leste 10 minuten troch 2 assist fan Arjen en goals fan Redmer S en Redmer W de 6-4 en de 7-4 op it skoreboerd. Foaral de lêste wie in plaatsje, beste foarset dy’t knap troch Redmer ynkopt waard.
Beste pot fan it hiele team!! Nije wike mar wer!
FolkertR
De jongens fan F2 dienen de namme SDS ear oan: Sterk Door Samenspel setten se de tsjinstander fuortdaalks swier ûnder druk en al gau kamen der dan ek kânsen. As earste benutte Sybo op syn nije fuotbalskuon dêr ien fan en ek de oare spits Jildert en rjochtermiddenfjielder Jalko slaggen dêr yn. Foar it skoft skoarde Jildert noch in kear en wie dêrmei topskoarder fan de dei. Nei de tee solearre Jochem, prachtich mei in djiptepass frij spile, nei de einstân 0-5. Woudsend spile wol wat gemeen en hurd. De jongens hawwe ferskate skopkes en botsinkjes fernearre moatten, dat wie minder leuk.
De coach fan F2
SDS F3 – Top’63 F2 (8-0)
Hjoed nei de ranglist sjoen net in hiele drege wedstriid foar de boeg. Mar ja, je witte it nooit!
Elts wie moai op ‘e tiid yn de boks en gau yn ‘e klean. Earst mar efkes ynspielje op it trainingsfjild. Dat falt nog net mei.
De wedstriid gie om 10.10 oere los. Wy hiene foar de wedstriid goed ôfpraten dat wy goed ús posietsjes oan hâlde soene. Mar as de tsjinstander op in klútsje foutballet dan giest sels ek al gau meielkoar op de bal ôf. Nei tsien minuten spieljen kaam dêr feroaring yn. D’r waard wer oerspiele en dan sjochst dast gelyk de better ploech bist. Sels doe de lieder fan Top by mei kaam om te freegjen as sy mei in spieler mear spielje mochten. Doelpunten foelen al frij gau en mei 5-0 giene de rêst yn.
De twadde helte begong sterk en al gau waard d’r wer skoard. Moaie aksjes en moaie passes. Sa healwei de twadde helte wie de druk fan de tsjettel en kakte it allegear wat yn. Sa wie it betiiden ek wol interresant hoe de wedstriid op it oare fjild d’r oan ta gie. Foar my de taak om de oandacht d’r by te hâlden. Mei de einstân fan 8-0 besletten wy de wedstriid. Nog efkes penaltysjitte yn de drek en gau ûnder de douche.
Folgjende wike mar wer derfoar…
Herman
SDS MC1 – RES MC1 2-1
SDS kaam mei 0-1 efter mar wist goed werom te kommen. Beide doelpunten wiene fan Tjitske Heeres.
Emmeloord Vr1 – SDS Vr1 4-1
De polderfroulju wiene gewoan better. Se wiene sels sa goed dat se ek noch in kear yn it eigen doel trapen sadat de einstân 4-1 waard. Manon Travaille skoorde foar SDS.