Ut- en ferslaggen 21-3

Weppers freed 20-3
20 maart 2015
Weppers snein 22-3
21 maart 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

09:00 SDS D1 Oosterlittens D1 0-1
09:00 SDS E2 SC Bolsward E3 4-2
09:00 SDS E5 LSC 1890 E10 5-2
10:00 Minileague
10:10 SDS MD1 Franeker MD1 2-1
10:25 SDS C1 LSC 1890 C2 2-1
11:30 SDS F1 Mulier F1 11-2
11:30 SDS F2 Workum F3
12:00 SDS A1 Makkum A1 0-1
12:45 SDS 4 Leovardia 6 4-3
14:30 SDS 1 SC Bolsward 1 1-1
14:45 SDS 2 Minnertsga 2 1-0
09:00 Frisia C6 SDS C2 3-3
09:00 Scharnegoutum’70 E4 SDS E3 1-4
09:00 NOK F2G SDS F3G 0-18
09:00 SJO Warga WWS MD1 SDS MD2 5-1
10:00 Workum B1 SDS B1 3-1
10:00 Heeg E2 SDS E4 4-3
10:15 SC Bolsward E1 SDS E1 5-5
10:30 GAVC B2 SDS B2 9-2
11:00 Arum VR1 SDS VR2 0-1
11:30 SC Bolsward D4 SDS D2 4-2
11:30 SWZ Boso Sneek D6 SDS D3 0-7
14:00 Scharnegoutum’70 VR1 SDS VR1 g.n.t.
14:30 Zeerobben 5 SDS 5 3-3

SDS 1 – sc Bolsward 1     1-1
Lang like it der op dat SDS trije punten bijskriuwe koe, mar dat slagget úteinlik net. Krekt foar tiid makke sc Bolsward de 1-1. Dat wie sjoen it spulbyld net ûnfertsjinne. Dat it fuotbal sneon net goed wie en dat de taskôgers harren net fermakken lit him ferklearje. Foar de fuotballers wie de fleachrige wyn de grutte spulbrekker en foar it publyk wie de kâlde wyn de tsjinstanner. Want it wie gjin aardichheid om lâns de kant te stean.
SDS kaam yn de earste helte op 1-0 troch Skelte Anema en hie ek noch wol wat kânskes op mear. Yn de twadde helte kaam SDS amper oan oanfallen ta en sc Bolsward besocht mei in soad ynset en ek matich spul de lykmakker te meitsjen. Dat it slagge wie lean nei wurkjen.

SDS 2 – Minnertsga 2 1-0
SDS 2 wie wol wer ris oan in oerwinning ta en pakte dy samar efkes tsjin nûmer 3 Minnertsga. Tseard de Vries hie miskien de 2-0 en 3-0 ek op de skoen, mar makke úteinlik allinnich de wichtige 1-0. Nije wike mei SDS 2 yn Boalsert tsjin SC Bolsward 2 probearje op ‘e nij 3 punten te pakken.

SDS 4 – Leovardia 6
Trije doelpunten fan Robert Sijbesma en ien fan Jan Simon Jelsma.

Zeerobben 5 – SDS 5
Yn minút 88 wie it noch 1-3 en nei de blessuretiid wie it 3-3. Teloarstelling dus bij de jonges fan SDS 5.
De doelpunten waarden makke troch Eeltje Postma, Eeltje Postma en Eeltje Postma. In strafskop, in frije traap en in ôfstânskot.

SDS A1 – Makkum A1
Gisteren een partijtje voetbal van A1 wat omschreven kan worden als ; zeer goede inzet, ietwat teleurstellend verlies van een fysiek iets sterker Makkum.
We begonnen goed, net als vorige week de 1e helft, met de linies kort op elkaar, Makkum weinig ruimte geven voor de opbouw, en zorgen dat de voorzet vanaf de sterke zijkanten van Makkum niet voor onze goal konden komen.
Enkele kleine kansjes aan beide kanten leverde tot aan de rust geen goals op.
Afgesproken om de 2e helft zo door te gaan, en scherp beginnen, want dat schort er soms wel’s aan bij ons.
Dat ging goed, en de beste kansen waren eigenlijk voor ons
, al had een voorsprong niet echt terecht geweest, het had gekund.
Helaas was het Makkum wat ietwat gelukkig op 0-1 kwam, na een klein half uur spelen in de 2e helft.
We hebben werkelijk alles uit de kast gehaald om de gelijkmaker te forceren, de prima fluitende Friso heeft alle extra tijd, bijna 8 min, terecht bijgeteld, maar helaas zat er niet meer in, zodat we ietwat teleurgesteld van het veld stapten, een gelijkspel had een betere weerspiegeling geweest van dit potje voetbal.
Boudewijn


Workum B1-SDS B1
Dit seizoen moesten wy al 2x hjearder tsjin de mannen ut Workum spylje. Yn de beker in 2-1 oerwinning en thus yn de kompetysje in 3-1 oerwinning. Dus ek hjoed moesten der 3 punten pakt wurde om oanslûting te halden mei de middenmoot.
1e Helte;
Fanôf de eerste minuut waarden wy folledig oerrûn troch de tsjjnstander. In gebrek oan inzet soarge der foar dat we de hele helte niks te sizzen hieden. Troch de hurde wyn wie it in earste helte mei in te soad lange ballen wer by wy bijna elk duel ferlearden. Krekt foar ruste skoarde Workum dus ek terocht de 1-0 ut in korter.
2e Helte:
De helte begon foar us hiel goed. Der waard in soad druk setten, meer duels wûn en der wy wer in glimp fan ûs. possisjespul. Dit soarche al snel foar in kans. Nei in goeie oanfal oer de rjochter kant kaam Yward foar de keeper te staan. Helaas wist hij him krekt net yn it hoekje te prikken. Der wie troch us oanfallende spul wol in grut gefaar, de counter. Nei in kertier skoarde Workum helaas de 2-0 ut de counter. Undanks dat gongen we gewoan troch mei ûs spul en hoopten op in snelle oansluttingstreffer. Deze waard dan ek terocht makke, Matthijs wy de rest te slim ôf yn de 16, nei in frije trap fan Frank 2-1. Mar it siet hjoed net mei Workum skoarde binnen 2 minuten troch in solo fan harren midmid, 3-1. Net folle letter wie de wedstriid dyn. In teleurstellende pot, werby wy in dramatische earste helte net herstellen koene. In soere nederlaag.
Habtamu de Hoop

SDS D1    Easterlittens D1   0   1
Om oansluting te halden mei Skearnegoutum en Heeg moasten der hjoed trije punten pakt wurde. Dit moast barre tsjin Easterlittens D1. Dizze mannen hiene twa wedstryden spyle en hiene dizze beide ferlern. It begjin fan ‘e wedstriid wie foar SDS. Wy fuotbalden krekt wat makkeliker, mar us spitsen hiene it hiel dreech troch hun snelle ferdiedigers. Geandewei de earste helte kaam Easterlittens better yn ‘e wedstriid. Us spitsen sakken net genoch yn en us ferdiedigers sluten net goed by. Hjirtroch unstie in hiel grut/lang fjild, wat us middenfjilders net berinne koene. De earste helte waard, undanks de kansen oan beide kanten, net mear skoart. De twadde helte einliks itselfde byld. Twa gelykwaardiche ploegen mei grutte kansen oan beide kanten. De twadde helte miskien wol de grutste kansen foar Easterlittens. Dochs wiene hun spitsen ek net skerp en Jeffrey hald der noch in pear best ut. Tot twa minuten foar tiid. Wer kriig Easterlittens in grutte kans en no wie it wol raak, 0 – 1.  Dit wie ek de einstan. Undanks it ferlies hjoed in moaie, sportieve wedstriid  tusken twa ploegen die oan elkoar weage wiene.   
It is no saak, om ek by ferlies, de kopkes omheech te halden. Dizze kompetysje is hiel sterk, dus de mannen fan SDS sille eltse wike fol oan ‘e bak moatte. Mar dat wolle we graach en der wurde de jongens allinich mar better fan. Nye wike tsjin Workum D1.

Theo.

SDS E5 – LSC E10 (5-2)
Fannemoarn om 9 oere moasten wy los. Healwei njoggenen begûn it te sto-reinen en wie it kâld. In goede warming up wie dus wol op syn plak.
De stemming wie goed en ik hie sy goed ynprenten om gelyk folút te gean.
En dat diene sy. Fanôf de earste minuut spielen sy yn in de heechste fersnelling. Sy sieten der yn elk duel boppe op en dat resultearde faak yn balbesit. En as sy d’r net trochhinne komme koene, waard de bal efkes werom tikke wernei in oare spieler wer de romte opsykje koe.
Alderaardichst moai om te sjen. Yn de earste 10 minuten in soart kânsen, mar wer wie it de tsjinparty dy’t, folledig ûnfertsjinne, de goal makke.
Nei de ôftraap gelyk wer d’r boppe op en wer in protte kânsen. Dit kear slagge it wol en makke Milan de gelykmakker. Mei dizze ruststân nei de klaaibox. De twadde helte wie allinich mar better. Mar ek no kamen wy op in wat sneue manier op 1-2 efterstân. Us lytse spits, dy’t de lêste tiid moeilik skoare kin, hie sich hjoed folgens my foarnommen om hjir feroaring yn te bringen. Hy moest en soe hjoed skoare. En dat die hy.
Dik fertsjinne makke hy de 2-2. No siet de winning mood d’r hielendal yn en wiene wy einliks allinich mar op de helte fan LSC te fienen. Wer in protte kânsen troch goed opbouwend fuotbal fanôf it middenfjild. Ruben (de bewuste lytse, snelle spits) wrotte him troch hun ferdiediging en makke de 3-2. Omdat no achteryn net safolle drieging wie woe Pieter (achteryn ús rots yn de branding) ek wolris op avontoer. Fanôf it middenfjild socht hy in wei nei de goal. En as hy net om de man hinne kin, dan mar d’r dwers trochhinne (!). In knap skot op de goal, en ja hjer 4-2. As toetje wist Ruben nog de 5-2 te meitsjen en hie hjirmei in hattrick te pakken. Al dizze goals hiene net makke wurde kinnen as de ek de rest d’r net sa hurd foar wurke hie. Sommige fan de famkes sizze wolris tsjin my dat sy de duels wolris wat eng fiene. No, dêr wie hjoed neat fan te merken. Ik tink dat sy de measte duels wûn hawwe en faak troch slim fuotbal oan it begjin fan in moaie opbou stiene.
Herman


0-18

SDS F3G hat oan no ta in suksesfolle kompetysje. Trije wedstriden 9 punten. Sneon wûnen se mei 0-18 fan NOK yn Aldemardum.

Efkes Balje
De skriuwer fan dit stikje twivele juster lang at er wol fuotbalje soe. Syn hert sei dat er nei
Raketkanon moast yn Ljouwert mar syn gefoel luts him nei de fuotbalskuon.
Dus dochs mar nei Easterein om mei te dwaan mei de Raketten tsjin de Kanonnen. 5 fan de iene en 5 fan de oare. Alteast sa begong it. Healwei foel raket Tjerk út en troch de foarsprong fan de kanonnen moast kanon Pieter Gitaar omtovere wurde ta raket. Ek dêryn wie hij deadlik effektyf.
Mar it geskut hie swier te lijen yn de drege omstannichheden en kanon Remco moast ek belies jaan.
De handichheid om Pieter om te bouwen wie oefene dus ek no mocht hij wer transferfrij nei de kanonnen.
It wie in gelok dat de klok fan Easterein úteinlik ien kear sloech want de munysje wie hast op. Noch ien kear de reservetroepen derbij en úteinlik rûnen de raketten yn de hynderlaach fan de kanonnen en wie it skerpskutter F.K te Y dy’t it lintsje fan heldenmoed te mjitte sjen kin.
Lokwinsken foar kanonnen Harrie, Ferrie, Pieter, Remco en Chiel fan de raketten Wouter, Pieter, Tjerk, Hendrikus en Aant