Seleksjes sneon 20-11
19 november 2010E3 hast kampioen
20 november 2010Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Oflast
Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
SDS 1 traint om 12.30 oere.
útslach | ||
9:00 | SDS C1 – AVC C1 | 2-2 |
9:00 | SDS E2 – Scharnegoutum’70 E2 | 3-2 |
9:00 | SDS E4 – GAVC E5 | 0-17 |
10:00 | SDS F3 – Workum F4 | 3-2 |
11:00 | SDS C2 – Arum C1 | 0-4 |
11:15 | SDS D1 – RES D1 | 1-5 |
14:30 | SDS 3 – NOK 2 | 2-2 |
12:30 | SDS DA1 – SDS DA2 | 5-2 |
14:15 | SDS D2 – Oeverzwaluwen D2 | 2-4 |
9:00 | Joure SC E5 – SDS E3 | 5-2 |
9:00 | Balk E5 – SDS E5 | 1-2 |
9:00 | Oudehaske F1 – SDS F1 | 1-2 |
10:15 | NOK D2 – SDS D3 | |
11:20 | Joure SC F12 – SDS F4 | 14-2 |
12:00 | Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2 | 1-2 |
12:00 | CVVO A1 – SDS A1 | 12-1 |
12:00 | SneekWit-Zwart B2 – SDS B1 | 0-3 |
12:30 | SDS DA1 – SDS DA2 | 5-2 |
13:45 | CVVO 6 – SDS 5 | 2-1 |
14:00 | Scharnegoutum’70 D3 – SDS D4 | 3-6 |
14:30 | Be Quick D 1 – SDS 1 | ôflast |
14:30 | Delfstrahuizen 4 – SDS 4 | |
14:30 | Zeerobben 5 – SDS 6 | ôflast |
Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2 1-2
SDS 2 kaam wol mei 1-0 efter mar doe’t de 1-1 foel, fielde de ploech dat der mear yn siet. Doelpunten fan Gerrit Flisijn en Hendrik de Jong.
SDS 3 – NOK 2 2-2
In fúleindige striid. Seker yn it lêst. Doelpunten fan Wytze Lanting en Mark Postma. Klik hjir foar it ferslach fan Hendrik Engbrenghof.
Delfstrahuizen 4- SDS 4 1-1
Doede Okkema gie sneontejûn net op op stap. Hij woe it ferslach fan SDS 4 meitsje. Wiene der mar mear dy’t sa tochten. In moai ferslach Doede!
CVVO 6 – SDS 5 2-1
SDS 5 heakket efkes ôf foar de kopposysje. Wol mei 1-0 foar troch in doelpunt fan Sipke Hiemstra, wol 80 % de bal, mar twa tsjintreffers.
SDS Da 1 – SDS Da 2 5-2
Wij hawwe allinne troch krigen dat de doelpuntenmakkers fan Da1 Jitske (3), Sieta en Jildou binne.
As flagger fan de thúswedstriden fan SDS Froulju 2 mocht ik dit kear in útwedstriid thús flagje….
De doelpunten fan Froulju 2 wienen neffens my fan Joutsen en ik wit seker fan Tineke Kamstra, in wrâldgoal!
Ut in foarset fan Joutsen folleyt Tineke de bal yn ien kear yn de fierste hoeke, 4-2!
Ek de 5-2 fan Jitske Plantinga wie trouwens in wrâldgoal. Allinnich al om it gefoel wermei sei de bal rekke.
Winner wie Froulju SDS DA1, die goed fuotbalje kinne, mei dus 5-2 (rêststân 3-0).
As we fierder nei de wedstriid sjogge dan:
– Foelen de tsjingoals (op twa nei) ûngelokkich foar Froulju 2
– Wienen Froulju 2 de twadde helte sterker
– Hienen Froulju 2 minimaal noch 3 kear skoare moatten
– Hienen Froulju 2 lykspylje kinnen en miskien …
Mar… moreel sjoen wie Froulju 2 seker de winner!
Wat in positive ynstelling en wille. Kompliminten!
Meast sportive dielnimmer oan dit barren: Pieter Veenje, die mei de wettersek beide teams fersoarge!
Klaas
SDS D2 – Oeverzwaluwen D2
Vandaag hadden de jongens de kans om de eerste punten te halen van het seizoen.
We moesten het opnemen tegen Oeverzwaluwen D2 die net zoals SDS mee onderaan staan.
Het werd een leuke en spannende wedstrijd waar beide teams veel strijd toonden.
SDS kwam al snel op een 0 – 2 achterstand maar Tom wist en vrije trap mooi achter de keeper van de tegenstander te krullen en bracht hiermee SDS mee terug in de wedstrijd.
Al vrij snel wist de ploeg uit Koudum weer te scoren. Uit een corner wist jacob te scoren en bracht daarmee de spanning weer terug in de wedstrijd.
In plaats van dat SDS de gelijkmaker wist te maken scoorde Oeverzwaluwen wel en zo ging de drie punten richting Koudum.
Met dank aan Luuk Wiard en Sjoerd van D3 die ons team versterkt hebben met hun kwaliteiten.
Willem Hazewindus
sc Joure E5 – SDS E3 5-2
De wedstriid wêr’t it der om gie. De Jouster hiene fysyk allegear wat oer en SDS stie yn de earste helte wol wat “stiif” fan de senuwen. It slagge gewoan net goed. Rêststân wie 3-1. Nei te skoft gie it fuotbaljend folle better, mar winst siet der net mear yn. Krekt net kampioen dus mar it prachtich twadde plakje yn de kompetysje is in lokwinske wurdich, want twadde plakjes telle sûnt dizze simmer goed mei.