E3 hast kampioen

Ut en ferslaggen 20-11
19 november 2010
Weppers snein 21-11
21 november 2010

It hie sa moai wêze kind juster. E3 hie ien kear gelykspile en de rest fan de wedstriden wûn. Mar se moasten noch tsjin sc Joure E5. En dy hiene alles wûn.  Sneontemoarn om 9.00 oere moast it barre. Oan de foto’s fan de famylje Hazewindus is te sjen dat der in echt kampioenskipsfearke oanwêzich wie.


De jonges fan E3 koene hjir noch in doelpunt foarkomme mar moasten wol 5 kear belies jaan. 


De supporters út Wommels (wat dêr komme se allegear wei) hiene in echte beker makke en de Jousters seagen jaloers nei dit prachtige eksimplaar 


SDS skoarde ek twa kear


En Sander Hazewindus mocht de “krektnetkampioenskipsbeker” yn ûntfangst nimme.  


En de Jousters snapten der neat fan. SDS de beker, SDS op de foto, wa is hjir kampioen wurden?

Lieder Wiebe Stoffelsma mei:
steand: Lars, Sjoerd, Kent, Steven, Wessel
sittend: Sander, Remco, Sietse Marten, Falco