Ut- en ferslaggen 12-12

Weppers freed 11-12
10 december 2015
Wintersealtrainen
12 december 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

De fuotballers fan de Mini-League fuotbalje om 10.00 de lêste ronde fan de Mini-League yn de sporthal.

Tiid Wedstryd   Útslach
10:00 SDS B1 LSC 1890 B5  3-0
10:00 SDS MC1 Balk MC1  1-3
12:00 SDS 4 Franeker SC 5  6-2
12:30 SDS C2 Tzummarum C1  0-14
14:00 SDS VR1 Balk VR2  1-2
12:30 Makkum C1d SDS C1  5-0
12:30 Waterpoort Boys 3 SDS 3  0-0
14:00 Joure SC 1 SDS 1  0-0

Fannemiddei is ek de lotting foar it EK fuotbal yn de simmer fan 2016 yn Frankryk. Der is noch altiten in hiele lytse kans dat Nederlân dochs meidocht oan it EK. Ruud Gullit docht namelijk de lotting………… 

SDS 1 – sc Joure 1 0-0
SDS 1 pakt in fertsjinne punt op ‘e Jouwer. De 0-0 wie in terjochte einstân, mar yn it lêste kertier krige SDS dochs noch in pear aardige kanskes foar Erik Haitsma en in knap ynfallende Almar Kramer.
SDS 1 hat no winterstop en mei op 23 jannewaris foar it earst wer los op it keunstgers fan Minnertsgea 1. De earste thúswedstryd is in wike letter tsjin Mulier 1.

SDS 4 – sc Franeker 5  6-2
Blide gesichten efter in wolfertsjinne gleske bier. It is ek net neat, winne fan de nûmer twa.
De winst wie ta te skriuwen oan in oantal saken. Gerrit Postma wie supporter, Thomas van der Meer hat it team al in oantal wiken oan de leie, der wiene in oantal maklik ynpasbere ferfangers fan fêste krêften en it wie prima fuotbalwaar.
Doelpuntenmakkers: Ruun, Eeltje, Rick, Lourens en Arjan (2)

SDS VR1 – Balk VR2   1-2
In pittich potsje mei in fersterkt Balk 2. In oantal goeie fuotbalsters bij de gasten makken it ferskil. De 0-1 efterstân, oprûn nei it skoft koe noch fuortwurke wurde troch in prachtich doelpunt út in fiere frije traap fan Hester, mar de 1-2 fan Balk wie al like moai.

Paul jout Sieta oanwizings, mar kin de earste nederlaach net foarkomme.
Foto Henk Bootsma

Waterpoort Boys 3 – SDS 3
Wij hawwe begrepen dat der in útblinkende assistent skiedsrjochter wie oan SDS side. Geert Hiemstra  ferfong de ek altyd útblinke Daan Boersma, dy’t troch spit gjin topprestaasje leverje koe.
Skoard waard er net.

Mini’s
Vandaag was er het zaalkersttoernooi voor de minileaque.
4 teams streden voor de punten. Er werden mooie acties gemaakt en ook leuke doelpunten gescoord!
Tevens was het erg spannend wie de wisselbeker van de minileaque zou winnen.
Pas in de allerlaatste minuut was het duidelijk wie de beker zou winnen!
De 1e prijs was voor Wytse Breeuwsma, de 2e voor Evan de Jong en de 3e voor Melle Smit.
De rest kreeg een mooie medaille!

Op de foto staan de moe maar voldane spelers van de minileaque.
Al met al een geslaagde ochtend.

Rinske

Makkum C1D – SDS C1   5  –  0
Sneon 12 desimber, de leste wedstriid foar it winterskoft tsjin koprinner Makkum. Nei it 1 – 5 ferlies tsjin dizze mannen yn de thuswedstriid, hiene we fansels noch wol wat rjocht te setten. Mei blessures fan Douwe Jan, Stan en Sietze giene we dizze wedstriid yn mei mar 1 fitte wiksel. De oftraap wie om 12.30 oere op it moaie kuenstgersfjild. Makkum begon goed en skerp en wy net. Nei 3 minnuten wie it dan ek al 1 – 0 foar de thusploeg. Makkum wie de bettere ploeg, mar dochs krigen we de earste helte in pear kansen. Makkum kaam yn de 18e minut op 2 – 0. In hiel makkelik june strafskop efkes letter wurde geweldich “oersjoen” troch Mark. Sa giene we dus mei 2 – 0 de rest yn. Der wie de twadde helte dus noch wol wat mogelik. Sa tocht Makkum der net oer. De twadde helte wie hielendal foar de thusploeg. In eltse linie hiele goeie fuotballers, koartom gjin swakke punten yn dit alvetal. Under oanfiering fan in  hiele snelle grutte jongen op de rjochtsbuten, wurde de skoare opfierd nei 5 – 0. Makkum is fierwei de beste ploeg yn us kompetysje, mar wy makken it hun ek wol hiel makkelik. At de tsjinstander better is, moat der bikkele wurde, en dan wie der no krekt net.  Undanks it ferlies ha we fansels ek wer in hiel soad goeie dingen sjoen. Buten de spylers die ik wol faker beneam, fun ik hjoed Merijn, Sander en foaral Tjerk hiel goed spyljen. Se komme no faak fysiek noch wat tekoart, mar dat is in kwestie fan tiid. Fuotbaljend kinne se in elts gefal hiel goed meikomme. We geane no it winterskoft mei in fjirde plakje.    
It tredde plak, efter de 2 dispensatieploegen fan Makkum en Easterlittens, jout rjocht op promotie.  
Hjir sille we om fjochtsje moatte mei ploegen as Leovardia, Frentsjer en SWZ.
Theo.