Ut- en ferslaggen 11-9

Seleksjes 11-9
9 september 2010
Weppers snein 12-9
11 september 2010

Mail útslach, in koart ferslach, foto’s, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen

    útslach
9:00 SDS C2 – Makkum C2  4-0
9:00 SDS D1 – Workum D1  8-2
10:30 SDS C1 – Harlingen C1  5-2
10:30 SDS E3 – VWC E2  12-0
10:30 SDS F1 – Oeverzwaluwen F1  5-3
11:30 SDS E1 – Mulier E1  6-1
11:30 SDS E5 – Akkrum E5  2-5
12:30 SDS 3 – Waterpoort Boys 2  0-0
12:30 SDS DA1 – Makkum DA1  12-0
14:30 SDS 4 – Olde Veste’54 6   g.n.t
15:00 SDS 1 – Broekster Boys 1  0-0
9:15 RES F3 – SDS F3  1-5
10:00 Oudehaske E4 – SDS E4  3-0
10:00 TOP’63 E2 – SDS E2  1-6
10:00 Waterpoort Boys F1 – SDS F2  12-2
10:15 Balk F5 – SDS F4  
10:30 Ouwe Syl 3 – SDS 6  3-3
10:30 Tzum D2 – SDS D4  1-9
11:00 Nieuweschoot D2 – SDS D3  6-4
12:15 Balk A1 – SDS A1  12-0
12:45 Makkum B1 – SDS B1  2-7
12:45 Oeverzwaluwen 4 – SDS 5  g.n.t.
14:30 Harkemase Boys 2 – SDS 2  2-1
14:30 Tzum DA1 – SDS DA2  1-0

SDS 1 Broekster Boys 1      0-0
At Harm Stremler de strafskop benut yn de twadde helte, wint SDS dan? Wij sille it net witte. De bettere kansen wiene foar de Boys. Mar miskien wie in lykspul wol terjochte.

Harkemase Boys 2 – SDS 2     2-1
SDS 2 rekkene op in drege middei en dat waard it. SDS 2 kaam al foar troch in knappe goal fan Wytze Lanting. Harkemase Boys krige in soad kânsen, mar skoorde mar ien kear foar de rêst. Yn de twadde helte bleaun it spulbyld gelyk al krige SDS 2 miskien wol de grutste kâns fan de wedstryd. Dizze waard mist en mei noch mar in pear minuten op de klok makken de Harekieten úteinlik dochs noch de 2-1.

SDS 3 – Waterpoort Boys 2 0-0
SDS 3 pakt knap in puntsje en herstelt him sa wat fan it ferlies yn de earste wedstryd tsjin NOK.
Klik hjir foar it útgebreide wedstrydferslach fan Jan Stenekes.

Ouwesyl 3 – SDS 6        3-3
Moai op tiid nei de Bildhoeke. Want 10.30 fuotbalje is wol hiel betiid. Mar it wie te sjen dat de jeugd fan SDS 6 en in kwartet fan SDS 5 juster it bier stean litten hiene. Want binnen 2 minuten wie it Bram Strubbe dy’t in skitterjende foarset fan Johan Postma tsjin it net kopte. Oare grutte kânsen waarden net benut, efter stie it as in hûs sadat de rêststân 0-1 wie. Nei it skoft kakte it efkes yn. In oantal ûngelokkige aksjes yn de ferdigening waarden ôfstraft: 2-1. Mar 10 minuten foar de ein kaam SDS dochs op 2-2. Bram wie wer de doelpuntenmakker op oanjaan fan de ienige burdaap. De bliidskip om de 2-2 duorre koart want Ouwesyl kaam 4 minuten foar de ein op 3-2. En wylst de Ouwesylsters harren al ryk rekkenen, wie it dochs wer SDS dat lâns side kaam. Johan Postma rommele en frommele op de râne fan it strafskopgebiet, tikke de bal nei rjochts en de pass fan de ienige lisfytser kaam bij Bram dy’t hearlik ynskeat.

SDS Da 1 – Makkum Da 1   12-0
Miskien wol de grutste oerwinning út de histoarje fan SDS Da 1. Amarins, Mirjam, Jildou, Rianne, Sieta (2) Tessa (2) en Jitske (4) skoarden.
Klik hjir foar it útgebreide wedstrydferslach fan Neeltje de Boer.

Tzum Da1- SDS Da2     1-0

“In moai potsje” sa hearden wij de froulju sizzen. Wol kânsen mar gjin skoare.

SDS D1 vermorzelt Workum
Kijk revanche nemen op jezelf loont dus wel: 8 – 2 in een lekker potje. Zowel alle boys in de aanval als twee derde van het middenveld wisten het net te vinden. Ook de achterhoede staat beter en het kan dus alleen nog maar beter worden! 
Tjerk

F3 wint op nij mei 5-1.

Sneon moast SDS F3 nei Boalsert tsjin RES F3. RES hie de earste wedstriid mei 8-0 wûn dat ús mannen stienen op skerp. Wy hienen in lyts oerwicht en it spul waard foaral spile op de helte fan RES. Doe’t de earste goal (fan Sjors) deryn lei wie it klear en foel ek al gau de twadde goal (fan Jeffrey). Achteryn wienen wy goed by de les en waard ek best keept, al makken wy it wolris spannend foar ússels troch foar de goal langs út te ferdigenjen. Nei de rest makke Giel fuort de 3-0 en wie it wol spile. Arjen makke noch de 4-0 en 5-1 nei in tsjingoal fan RES.
Karst