Ut- en ferslagen 19-9

Weppers freed 18-9
17 september 2015
Weppers snein 20-9
19 september 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!
 

       
09:00 SDS B2 SWZ Boso Sneek B3  0-8
09:00 SDS E1 SWZ Boso Sneek E3  8-2
09:00 SDS E2 Lemmer E1G  0-8
10:25 SDS VR2 Grootegast Fc VR2  5-3
10:30 SDS F2 Blauwhuis F1  11-7
10:45 SDS B1d Nijland B1d  2-4
11:25 Minileague Minileague. Arnout Meijer  
12:00 SDS D1 Franeker SC D2  2-6
12:30 SDS 4 Tzum 2  g.n.t.
13:20 SDS C2 SJO Dronrijp/Foarut C4  3-1
14:30 SDS 2 Nijland 2  1-0
14:55 SDS MC1 Oudega/HJSC/Heeg MC1  4-0
16:30 SDS VR1 SWZ Boso Sneek VR2  5-1
09:00 CVVO F7 SDS F3  1-11
09:00 Arum/Stormv’64 D1 SDS D2  5-5
10:00 Tzum MD1 SDS MD1  11-0
10:15 Blauwhuis E1 SDS E3  12-0
11:45 SWZ  Sneek C2 SDS C1  3-4
11:45 LSC 1890 F2 SDS F1  5-1
12:30 CVVO E5G SDS E4  14-1
13:30 SWZ  Sneek C5 SDS C3  2-5
14:00 MKV’29 A1 SDS A1  3-4
14:30 Mulier 1 SDS 1  0-2
14:30 Nijland 3 SDS 3  0-8

g.n.t.=giet net troch. 

Mulier 1 – SDS 1     0-2
Doelpuntenmakkers Erik Haitsma en Teun Heeres.

SDS 2- Nijland 2   1-0
It ferslach komt dizze kear út Nijlân. En dêryn lêze wij dat “de langharige spits” fan SDS 2 skoard hat.

Neffens Boudewijn is it sa gien:
’t 2e had de derby tegen Nijland op’t programma staan.
In een derby verwacht je strijd en passie, dat was er zeker, goed voetbal iets minder. Nijland kwam wat scherper uit de kleedkamer, al werd dat niet in kansen omgezet. Tot de rust geen doelpunten. 2e helft iets beter voetbal, maar weer geen hele dikke kansen, degene die zou scoren, zou waarschijnlijk ook de wedstrijd winnen. Tien minuten voor tijd, na een iets betere periode vam ons, een voorzet (of was het een mislukt schot) van Willem kwam voor de voeten van Wietse, die beheerst scoorde. Nijland zette nog even aan natuurlijk, maar na een paar hachelijke situties voor onze goal, bleven de punten, al dan niet verdient, in Easterein.
Boudewijn


Nijland 3 – SDS 3      0-8.
Dêr kinne je mei thúskomme, in 0-8 oerwinning op Nijland 3. Doelpunten wiene der fan Klaas, Wichard, Robert (3) en Harm Auke (3)

MKV A1 – SDS A1

De einstân stie al op in buordsje foardat it begong….

SDS VR1 – SWZ Boso VR 2  5-1
Doelpunten fan 5 ferskillende fuotbalsters: Hester, Gerry Edou, Tjitske, Sieta en Ilse (en dat ek noch wol op har jierdei).

SDS VR2 – Grootegast VR2     5-3
De earste oerwinning fan it seizoen foar it 7 tal fan VR2. De froulju út Grinslân waarden ferslein mei 5-3 troch 4 doelpunten fan Tjitske en 1 fan Jeska.

SWZ C2 – SDS C1   3    4
Us tredde kompetysjewedstriid ofrune sneon wie yn Snits tsjin Snits Wyt Swart. Ut de warming up die al bliken dat dizze mannen wol aardich in baltsje skoppe koene. Dochs wie it begjin foar us. Fuotbaljend en foaral fysiek better, krigen we in pear beste kansen. Mar de allerbeste kans wie foar SWZ. De earste de beste oanfal bedarre boppe Mark op ‘e latte. Mar it wie SDS die nei 15 minuten op foarsprong kaam troch in goal fan Stan. We begongen hieltiid makkeliker te fuotbaljen en nei 22 minuten krigen we in terjochte penalty. Sjoerd pakte de bal op en skeat him moai strak yn it hoekje. In prachtige kopbal van Hendrik nei in strakke foarset fan Sietze bedarre op ‘e latte. It wie dus einliks wachtsjen op de 0 – 3, mar dit barde net. In skot fan SWZ yn de 32e minut bedarre underkant latte en neffens us earlik flagjende grinsrjochter WH ut W, wie de bal 22,5 sintimeter oer de line, dus 1 – 2.  Krekt foar rest wie dit fansels wol in teloarstelling. Mar wy ha Sjoerd de Boer !!!  Die docht betiden dingen die hast net kinne. Sa skeat hy gelyk fanof de oftraap de bal snoeihurd yn ‘e krusing. Sa giene we dochs mei in ferskil fan 2 de rest yn. De twadde helte itselfde byld en nei 11 minuten makket Hendrik, mei in moai lobke,  de 1 – 4. Nei de 1- 4 slupt der dochs wer wat gemaksucht yn ‘e ploeg. En dan bliuwe we wol kwetsbar. SWZ makket yn ‘e 21 minut fia in penalty de 2 – 4. We komme in minut of 10 behoorlik under druk te stean en dan falt krekt foar tiid ek noch de 3  – 4.  Troch in omsetting  en hurd wurkjen koene we gelokkich de foarsprong festhalde. Konkluusje fan dizze wedstriid: In prima earste helte en in mindere twadde helte. Mar oan ‘t no ta stean we dochs mar moai boppe oan met 9 punten ut 3 wedstriiden. Nye wike Makkum C1 thus.   
Theo.

SWZ – SDS C3

Sneon 19 septimber moest SDS C3 tsjin SWZ BOSO SNEEK. Ungefear een ketier yn de earste helte sjit Gerben Gebrandy de bal foar ien syn fouten fourt en leit de bal yn de goal. Dan kreit SWZ wat power en doche se der alles oan om wer bij SDS te komme, mar dat slachet net want ûngefear yn de lêste pear minuten makket Giel Koenen de 2-0. Nei de rust hat SWZ de mût nog net yn de skoun trean en makket troch een frije trap 2-1. Mar dan set SDS wer oan en makket Giel troch in kopbal de 3-1. Dan ist nog net ôfrûn mei de goals. Nog wat letter yn de 2e helft wol Gerrit Gaastra sjitte mar dat gjit net hielendal goed omdat hij em noch een extra tikje jout. It wurd in pass nei Gerben en Gerben makket de 4-1. Dan komt SWZ wêr wat werom en makket in hiele moaie goal oan de rjochter kant en dan is het wer 4-2. Mar dan oan het einde fan de wedstriid komt Gerrit ien op ien en makket hij em mei wat gelok ôf. De eindstan is 5-2 foar SDS.
  Groetnis Gerrit Gaastra

SDS F3 boekt verdiende in Lemmer bij CVVO F7 1 – 11

De Boys and Girl van SDS F3 behaalde een verdiende 1 – 11 overwinning op CVVO F7 het hadden er meer kunnen zijn aangezien 4 x paal en een open kans op doel.
Maarja De wedstrijd was nog geen eens 1 minuut bezig en Henk jan liet de  Bas in de App groep los gaan 0 – 1.
 
Verder in de wedstrijd kregen we steeds meer grip en en dat het team goed van pas de ruststand werd met 0 – 4 ingegaan.
In de rust hebben we een paar kleine dingen besproken waar we op moesten letten en de 2e helft ging dat goed overspelen , strijd , passie en als een team er voor gaan werd beloond
met een 1 – 11 overwinning voor ze.


en dat vier je na de wedstrijd met z’n allen (zie Foto).
 
Volgende week speelt SDS F3 thuis ik hoorde gratis entree dus komt Allen. 
Score verloop.
 
0 – 1    Henk Jan
0 – 2    Tygo
0 – 3    Daniel
0 – 4    Henk Jan
Ruststand 0 – 4
0 – 5    Tygo
0 – 6    Daniel
1 – 6    CVVO
1 – 7    Sjoerd
1 – 8    Wouter
1 – 9    Daniel
1 – 10    Tygo
1 – 11    Tygo
 
Groet, 
Bas en Dennis

Efkes Balje
It soe yn Wommels, it waard Easterein. Samar op freed waard de switch fia de app bewurkmastere en de wurklike reden waard net dúdlik. Of soe it wêze dat guon it fjild yn Wommels sparje woene foar de hynders dy’t it dêr hjoed fertraapje en ûnderskite tidens de ringriderij fan de Donia’s. Der bleau it lytse groep dy’t de twivels hiene oer Easterein want wiene se tongersdei dit net tsjinkaam op it lytse trainingsfild?
Hawar der melden harren 11 en lit ús mar tinke dat de tolfde foar neat en allinne yn Wommels stie, omdat dy de webside net de hiele dei rieplacht.
Dy tolfde man waard no mist, want it bliuwt oer in oere mjitten altiten lestich mei 5 tsjin 6.
Lestich yn dit gefal foar de 6 want de 5 spilen gewoan in hiele goeie pot en hiene it fisyr op skerp. Yn beide partijen wiene se sij deadlik effektyf en makken de 6 hieltyd wer dúdlik dat er hjoed neat te heljen wie.
No moat er wol bij oantekene wurde dat de 6 bijelkoar selekteard wiene op basis fan fermiende krupsjes dy’t se fan fan te foaren oanjûn hiene.
De 5: Folkert Rients, Klaas, Harrie, Wouter en Bertus.
De 6: Theo, Ferrie, Aant, Remco, Tjerk, Chiel.
Aant