Urk út: altyd lêstich

SDS League: De ideale elf
10 maart 2004
Goed nijs foar SDS 6
11 maart 2004

SDS1 futsal op wei nei it kampioenskip live te folgen op dizze side. Us ferslachjouwer Skelte Anema is oanwêzich by de ploech en hy sil ferslach dwaan oan de studio yn Wommels.

18.45: In reedlike foltallige ploech ferlit Easterein. Tsjipke Klaas Okkema sil net mei dwaan, want hy skynt in harsens skodding te hawwen. “In lichte” dat moast er foaral by sein wurde.

19.30: De rotonde fan de Jouwer is bedwongen sûnder dat de sjoffeur in rûntsje jûn hat. Mooglik dat er op de weromreis wol in rûntsje jout, mar dan op in lytsere rotonde.

19.35: Willem Wijnia is yn sliep fallen. It is de fraach at se him wekker krije kinne yn Urk.  Oars sil Skelte meidwaan moatte en krije wy gjin ferslach.

20.00: Om in goed groepsgefoel te krijen, sjouwe se efkes mei in boat om. Willem is gelokkich wol wekker wurden, mar hy levert skraachoan in bydrage by it sjouwen. Oare Willem sjout foar twa.

20.10: Nei it gesleep mei de boat, kinne se de sporthal opsykje. Dat is noch in hiele toer. De bussjoffeur hat syn lêsbril net op. Gelokkich binne der plattegrûnen.

20.15:  De seal leit er noch ferlitten by.

20.16: Yn de kantine is it lykwols al drok. Wat wolle je ek mei dy 8 supporters út de Greidhoeke.

Tusken 20.16 en 20.25 : De senuwen begjinne op te spyljen. Se aktiveare foaral de termen. Wêr is it húske?

20.30 oere: It stiet noch 0-0

20.45 oere: Pear goeie kansen foar ús, mar Urk komt foar mei 1-0

20.50 oere: Foutsje Harm, 2-0 Urk

20.54 oere: Clarence makket syn fout in pear sekonden foar it skoft in bytsje goed: 2-1

20.55 oere: Grrrrr 3-1 foar Urk

Skoft

21.05 oere: In âlderwetske oanfal: Feite 3-2

21.07 oere: In kounter fan Urk : 4-2 

21.11 oere : Robert 4-3

21.15 oere: Urk skoort 5-3

21.24 oere: It wurdt in lange reis werom: 7-3 foar Urk

21.30 oere: Der wurdt frege om in ……..

21.45 oere: it is net echt gesellich yn de kantine

21.50: De (kuenst)blommen kinne nije wike ek noch brûkt wurde.

woansdei 17 maart om 21.00 oere

yn ‘e sporthal yn Easterein 

de kampioenswedstriid

SDS  –
 ZVVS

Kom allegear