Twadde wepperkes tongersdei

Wepperkes (woansdei)
25 augustus 2004
De nije SDS League
27 augustus 2004

Tongersdei
It moat al raar komme, at er hjoed net mear wepperkes bykomme. Want tongersdeis dan traine alle senioren. Fan Floris oant Eddy. Se binne allegear aktyf. En och oer sa’n jûn is der altiten wol wat te melden. Of soe it allinne mar wêze om oan te jaan hoewfolle der op de training wiene.

SDS 4 nei Skylge
Kommend wykein giet SDS 4 op trainingskamp Yn it heech oanskreaune feteranentoernooi op Mislân leit de útdaging. De kwartiermakker. Klaas Overal is al op it eilân en hy hat al hjir en dêr wat reserveard. It programma wurdt wat geheimsinnich oer dien, mar wy hy dochs de hân witte te lizzen op in pear programmapunten. Sa stiet er neist it fuotbal, in huldiging, in museumrûngong, in Boskplaatrintocht, in bingojûn, in rollaterrace en in edukative fytstocht op it programma. Mooglik dat er ek noch efkes tiid oer is om in terraske mei te pikken.

Feteranenbeker
SDS 35 + docht ek wer mei yn de beker. De striid dy’t op it programma stiet is dy tsjin Heech. Troch it programma dit wykein wurdt de wedstriid útsteld nei 15 septimber jûns om 19.30 oere yn Heech. In ljochtwedstriid dus.

Kransen
Neidat wy bekind makke hawwe dat der noch kransen helle wurde kinne oant freed 3 septimber ta, reint it noch oanmeldingen foar de titel. Samar ynienen komt der berjcoht fan in konkurrint dat Marten Faber ek noch al wat kransen oan de muorre hingjen hat. 8 wol te ferstean.
Ek 8 kransen hingje der by de famylje Hiemstra yn Easterein. Wypkje die ús dat berjocht. Wy sille dit ûndersykje. At alles klopt wurde se opnommen yn it klassemint.
Fan de famylje Scheltema krigen wy noch efkes in warskôging binnen, rjochte oan de Haitsma’s en de Okkema’s. Sicco sil noch tenminste twa kransen winne. Wy binne benijd.

Supporter
Fan Hendrik Eringa krigen wy it berjocht dat fêste supporter út Spannum Ype de Vries opnommen is yn it sikenhûs. Wy winskje him betterskip.

Fuotbalje en keatse
It kin noch krekt dit wykein. Sneons om 18.00 fuotbalje yn Ljouwert tsjin FVC en sneins om 10.00 oere keatse yn Makkum by de earste klasse. 8 man fan SDS 1 dogge dat. Oer groepsgefoel praten. Dat Robert GertJan en Feite meielkoar keatse wie hieltyd al sa. Mar dat Skelte, Marten en Tsjipke Klaas elkoar no ek fûn hawwe moat de ynfloed fan de trainer, dy’t in protte hammert op it ploechwêzen, wêze.  Jacob Klaas en Dirk Yde hawwe oare maten fûn. Wa meldt him , sadat ek hjir wer in partoer foarme wurde kin.

Betterskip Dirk
Dirk de Jong is fannewike oan syn knibbel “holpen”. Sy hawwe de knibbel iepen makkke, efkes skjin spielt, sjoen dat de meniscus der moai útseach en dat syn foarste krúsbân oan grúzeleminten wie. Doe hawwe se de knibbel mar gau wer ticht metsele. Sy kinne der neat mear oan dwaan. Dirk hopet dat der no yn in oar sikehûs terjochte kin foar in nije foarste krúsbân want sa komt it ek net klear. Hy giet al gewoan wer fuotbaljen nei inkelde wiken bykommen en sjocht dan wol wer ’t syn knibbel belânnet. Dirk, betterskip!

SDS League
Ferjitte jimme net om dizze wike de SDS League yn te leverjen? Sjoch ûnder “SDS League” foar de noadige formulieren of sjoch yn de nijste Treffer.

Op fakansje
Ik(Willem) gean kommende wike mei Richt en Tom, op ‘e brommer en de tinte mei, in wike op fakansje. Hawwe jimme wat foar de side mail dan myn compagnon Aant op syn eameladres(hof.hol@planet.nl)
  

Autoparkeare
Ferline wike hiene wy noch alle lof foar in routinier fan SDS 1, dy’t broerke dea hat oan trainen. Hy hie twa keard traind ferline wike en wie ek noch wol op de fyts nei Wommels kaam. Hjoed wie der wol oanwúzich mar wierskynlik wat oan de lette kant. Gjin plak mear foar de auto op it parkearterrein. Dus ette je him gewoan op it fytserspaad nei it fjild ta. Want och hy wie sels ommers net op de fyts. Wy hawwe efkes in briefke ûnder syn rutewisser prutst. Dêr stiet op: Wolle jo jo auto wat sosjaler parkeare?

Reis nei Skylge
At je der 35 jier útsjogge of je fiele je 35 jier, at je noch nea op Skylge west ha of je ha der wolris west mar wolle der noch graach ris hinne, at je ea fuotballe hawwe, witte dat er lucht yn in bal sit en je prate Frysk, dan leit er in kâns te wachtsjen. De feteranen fan SDS moatte sa as it no liket mei 11 man in toernooi spylje. Sy sykje noch twa dielnimmers dy’t ree binne om efkes te fuotbaljen en efkes nei te sitten. Sneon fuort, snein werom. Skilje efkes mei Jacob Plantinga (332730)