Tuskentrochweppers

EK-League 21-6-2024
21 juni 2024
EK-League 22-6-2024
23 juni 2024

Nei de sneon

Ek de tradisjoniele sneinsklup Oosterlittens makket de stap nei de sneon.
Yn 2025-2026 stappe se horizontaal oer, miskien wol bij SDS yn…….

Yndieling?

Wij komme op X  (Mammoet-stats) tsjin hoe’t de yndieling foar SDS 1 der kommende jier útsjen kin.
SDS sit wat op de grins en dit is in yndieling nei boppen ta.

Sjoch hjir

X

Us twitter berjochten hjitte no X berjochten.
Dat is prima mar it is net leuk dat de berjochten op de side fan hiele âlde datum binne.
Wij hawwe it wat oanpast  sûnder spul te krijen mei Musk, de grutte baas fan X, dy’t graach wol dat wij betelje foar dit medium, wylst wij dat net fan doel binne.
Rjochts op de foarside kinne jim op it logo klikke en krije jim de nijste ynformaasje it earst. SDS folge op twitter kin fansels ek.

Oefenje

Kommende woansdei in nijsgjirrige oefenwedstriid op it SDS keunstfjild.
AZ MO17 – FC Groningen MO17
De jeugd fan AZ MO17 sil yn Easterein oefenje tsjin FC Groningen MO17.
Dan hoefe sy beide net sa fier te riden en kinne wy fêst in alderaardichst potsje fuotbal sjen.
De wedstriid begjint om 19.00 oere.