Meinte Sixma tournoai tige slagge
16 oktober 2003Opstellingen 1e en 2e.
18 oktober 2003Der wurdt wat ôfklage de lêste wiken. Nei dat der in flinke periode gebrûk makke wurde koe fan it fjild yn Wommels, binne alle trainingen no werom yn Easterein.
Dat it trainingsfjild by de klaaiboksen altiten al min west hat, is gjin nij mear, mar dat it fjild efter de sporthal no ek betitele wurdt as “neat” jout te tinken.
Der wurdt yn de folksmûne al praten fan:
Littenseradiel: de pearel fan de greidhoeke
It trainingsfjild: de hel efter de Greidhoeke
It wurdt no echt tiid dat er wat bart: moandei 17 novimber ledengearkomst.