Toernooi D-E-F pupillen

Liftweppers
25 december 2010
SDS League: Team Klaas wint!
27 december 2010

Op 15-1-2011 is der foar de D,E, F jeugd in nijjiers seal fuotbaltoernooi. It opjaan kin no fia de webside dien wurde. Hoe dogge jim dat:

1. Klik op it plaatsje hjir ûnder.

2. Der iepent him in opjefteformulier.

3. Do moast 4 dingen opjaan. Dy foarnamme, dyn efternamme, dyn team en dyn emailadres.

4. Dan drukst op “versturen” en it is klear. 

Fansels rekkenje wij der op datst dy mar ien kear opjoust. In oantal dagen foar 15 jannewaris sille wij de hiele list in kear pleatse op dizze webside sadatst kontroleare kinst ast der wol op stietst. Let wol ast dy opjûn hast dan rekkenje wij der op datst der ek bist.

En sis it ek efkes tsjin de oaren want it soe leuk wêze at jim der allegear binne.

Slagget it dij sels net dan is der fêst immen dy’t dij helpe wol.