Tarieding kandidaten kenniskwis(1)

Útslagen oefenwedstriden
25 januari 2004
Nije sponsor
27 januari 2004

Op tongersdei 12 febrewaris wurde 5 SDS-ers testen op harren fuotbalkennis. Robert, Willem, Pieter, Durk en Wichard sille stride om de heechste eare.

De kandidaten riede harren op hiel eigen wize ta.

v     Yn de bibliotheek fan Wommels is net in fuotbalboek mear te finen. Der wurdt sein dat Durk Okkema yn Wommels sinjaleard is.

v     Robert Sijbesma skynt  op in geheime lokaasje twa sparringpartners ynhierd te hawwen dy’t him de hiele snein oerheare. De bruorren Marco en Robert wurde fertocht

v     Willem Wijnia hat by de direksje fan it sikenhûs 2 wike  nachttsjinst oanfrege, sa kin hy rêstich alle fuotbalsiden trochnimme.

v     Pieter Kamstra joech tongersdei it iene nei it oare rûntsje oan de organisatoren Freddy en Aant yn de hoop de tongen fan de hearen wat los te krijen.

Wichard Deinum ferwachtet op routine te winnen en docht gjin fierdere tarieding