Sneon 18-11-2017
17 november 2017Weppers moandei 20-11
20 november 2017Ate Vellinga (18-4-1952 – 16-11-2017)
65 jier is hij wurden.
Ate Vellinga, ús allegear bekend, is tongersdeitemoarn betiid ûnferwacht stoarn. Wij holden allegear fan Ate, sa’t hij wie en wurden is. De sykte fan Parkinson hie him al jierren yn de macht en ek syn geast liet him so no en dan yn de steek. De lêste jierren gie it hieltyd minder. Mar at hij him goed fielde dan stie hij op de Bunnikside bij SDS 1.
Ate as ferdigener
Ate Vellinga hat yn de begjinjierren 70 in oantal jierren fuotballe yn it leechste alvetal fan doe. Ate wie in echte ferdigener. Meastal op rjochts stie hij syn mantsje. En wa’t tocht dat hij him foarbij wie, hie it mis. Der wie altiten noch in útstutsen foet…..Spikerhurd, dat wie myn kwaliteit, sa sei hij wolris.
Troch wurk yn de horeka koe Ate net lang fuotbalje mar hij bleau belutsen bij de klup. As supporter besocht hij der wol sa folle mooglik te wêzen.
Ate as koach
Yn 1987 sjogge wij him werom as koach fan SDS dames 1 yn de seal. Hij koachte en skreaun sels de ferslaggen ûnder de namme fan Ate de Wipper.
Ate as sportleafhawwer
Ate hold fan fuotbal. Hij wie altyd bij SDS 1 te sjen. Ek syn leafde foar scHearrenfean stuts hij net ûnder stuollen of banken. Hij wie ek ien fan de supporters dy’t meigie mei de stoarmeftige boat nei New Castle doe’t scHearrenfean dêr fuotbalje moast. En neffens de Treffer fan doe rûn hij dêr yn Ingelân ek noch in skoarsing op fan 5 wedstriden,
Ate Vellinga 5 wedstriiden
Ate Vellinga, dy’t yn eardere tiiden as meedogenloze back furore makke op ‘e fryske fuotbalfjilden, hat it wer ris oan de stok mei de tuchtkommisje.
Ate dielde oan’t twa kear ta in feninige por út yn de ribben fan syn buorman, dy’t nachts yn de bus fan Newcastle nei Harwich hast it hiele Rysterbosk omseage.
In spesjaal foar dizze gelegenheid by elkoar roppen tuchtkommisje (Anne Brouwer en Jan Oosterhaven) wie dúdlik. Fjouwer wedstriiden stiet der op in earmtakke. Anne Brouwer kaam mei in skikkingsfoarstel fan fiif wedstriiden. Ate oerweaget hjir tsjin yn berop te gean.
Ate en de muzyk
At je lâns de line stiene bij SDS 1 mei Ate dan gie it meast oer twa dingen; it fuotbal en de muzyk. Ate wie in echte muzykkenner en in grutte Stones leafhawwer. Meardere kearen hat er se live sjoen.
Fanmoarn op de radio wie in programma fan Omrop Fryslân. Hjir spilen sy in kwis mei twa persoanen oer de Rolling Stones. Fansels die ús eigen Rolling Stone Ate Vellinga hjir oan mei. Syn tsjinstanner kaam der net oan en ferlear dik fan Ate. Moarn (tongersdei) is Ate “de brêgewipper” Vellinga wer op Omrop Fryslân. Om ûngefear 10.15 oere docht dit lid fan de SDS-Bunnikside wer mei oan dit spultsje. Lústerje allegear.
Ate en de Bunnikside
Wij moatte ús al raar fersinne mar tinke mei sekerheid te witten dat Ate de grûnlizzer is fan de ferneamde Bunnikside.
Ate as wipper
De net-fuotbalsupporters kinne Ate fansels ek allegear as dé brêgewipper fan Wommels. Goed 20 jier hat er dat dien.
Ate as liftsupporter
Ate wie net allinnich in supporter fan SDS, mar ek liftsupporter en is ek bekend om syn legendaryske optreden op GPTV.
De wepmaster dy ’t Ate al kin fanôf syn jonge jierren hat in moai stik skreaun oer Ate op syn eigen webside. Jim kinne it hjir lêze.
Ate wurdt tiisdeitemiddei kremearre yn Marssum.
Wij sille him misse !