Stoffel is stoarn

SDS League: De wike fan "Don’t Wari"!
5 maart 2014
Seleksjes 8-3
7 maart 2014

Stoffel

Stil en oandien binne wij troch it berjocht dat Stoffel Bouma ferstoarn is. Woansdeitemiddei ûnderweis op de fyts fan Snits nei hûs is hij net goed wurden en koart dêrnei is hij út de tiid rekke en help yn it sikenhús koe syn libben net mear rêde.
Stoffel Bouma stie altyd midden yn it libben mei belangstelling foar de natoer yn de breedste sin fan it wurd, it frysk damjen, de Fryske taal, it keatsen, it fuotbaljen en miskien noch wol mear.

Syn rol bij SDS wie folsiedich. Hij fuotballe, hij fluite, hij kalke de linen, hij soarge dat de mollen de fjilden net ferknoeiden en hij skreau earder mei oan it jubileumboek en oan de revue. Ek hie hij jierren lang syn fêste rubryk yn de Treffer ûnder de namme Bolke.
Wij sille Stoffel mei syn karakteristike laits misse.
Stoffel is 53 jier wurden.
Us meilibjen giet út nei syn frou Tine, syn dochter Tryntsje en syn soan Siebolt.

Willem en Aant

Stoffel (r) oan it damjen lâns it fjild bij de Fryske derby SDS-BCV yn de earste klasse