SDS League: De wike fan "Don’t Wari"!

Weppers tongersdei 6-3
5 maart 2014
Stoffel is stoarn
6 maart 2014

It wykein koe foar Ralph Wariman net stikken. Ajax wûn fan Feyenoord, hy pakt de wykpriis mei “Don’t Wari” en dêrmei de kopposysje yn de SDS League.
It mei dúdlik wêze dat Ralph dus in goed team opsteld hat en net in team mei skoppers. Al wie de namme fan syn team dan wol “Badr Wari” west fansels………….


Ralph wiis mei Ajax en de wykpriis!

“Bymekoar raapt soatsje” fan de famylje Bervoets docht al 3 wiken aardich mei boppe-yn. Ynmiddels steane sy twadde mei 7 punten efterstân op “Don’t Wari”.

It liket derop dat je better de kopposysje net pakke kinne. No falt “We gaan JUICHEN” fan Hendrik de Jong wer yn in raar gat. Hy sakket fan it 1e nei it 28e plak.

Koprinner fan it rjochterrijtsje is no “Foar de kofje net eamelje” fan Thor Ruiter. Hy hat likefolle punten as “hast heit” Jaap Toering mei “Torpedo Toering”.

Rients de Boer giet noch altiten foar de dûbel. De titel foar Ajax en de poedelpriis foar him.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 3.