Sponserjûn op freed 22 maart mei John van Zweden

Sneon 16-3-2024
15 maart 2024
SDS-FIFA-toernoai tige slagge!
18 maart 2024

Kommende freed is de sponserjûn mei behingkening John van Zweden yn de SDS-kantine.

Alle stipers en Freonen fan SDS hawwe hjir in útnoeging foar krigen.

Mochten je noch net opjûn hawwe dan binne je noch altiten fan herte wolkom.

Programma:
20:00 ynrin mei kofje/tee
20:30 wurd fan wolkom troch foarsitter Helga Develing
20:35 lêzing John van Zweden ynklusief in ‘Haags vragenkwartiertje’
21:45 feiling shirt Swansea City
22:00 ynfoarmiel ferfolch mei in hapje en in snapke.

John van Zweden, súksesfol ûndernimmer mar benammen leafhawwer fan de fuotbalsport, kin omraak ferhalen fertelle. Hy sil ús op humoristyske wize meinimme yn téma’s, dy’t weromkomme yn
it bedriuwslibben en yn de sport.
John neamt himsels in ‘Haagse volksjongen’.
Hy is bekend as de ‘Behingkening’ en klom op fan supporter oant mei-eigner fan Swansea City. Hy kocht mei in oantal lokale supporters dizze klup, doe’t dizze op it ûnderste plak stie fan de leechste betelle fuotbalôfdieling yn Engeland. Sûnt dat momint gie it better en klom Swansea city omheech nei de Premier League, wûn de League Cup en dêrmei pleatsing foar Europeesk fuotbal.

Mei sportive groetnis,

It bestjoer fan vv SDS