Sneu ferlies fan SDS

Nije stân SDS League: wike 9
29 april 2003
Utslaggen 3 maaie
3 mei 2003

SDS 1 futsal hat it net op rêden tsjin Res. De twadde wedstriid gie ferlern mei 1-2.

It publyk wie massal opkommen mar koe net werom sjen op in goeie wedstriid. Deabenaud om in doelpunt tsjin te krijen, waarden berekkene oanfallen opsetten troch beide ploegen.

Der wiene wol wat wapenfeiten yn de earste helte:

8ste minut: Res tsjin de peal, 12de minut Willem latte, 20ste minut Res tsjin de peal, 20ste minut Harm tsjin de peal. Sa waard de rêststân 0-0

Yn de earste minut nei it wetter skoorde Res. 9 minuten letter skoorde Willem. in 1-1 stân wie neffens de gelearden oan de kant genôch, sadat it in spul waard fan útfuotbalje.

Dat gie mis. Yn de lêste minut skoorde Res. De teloarstelling wie ôf te lêzen op de gesichten fan: Willem Wijnia, Harm Stremler, Jan Simon Jelsma, Marco Reynhoudt, Jeroen Brouwer, Anne Stenekes en Tsjipke Klaas Okkema.