Sneon 25-3

Weppers freed 24-3 (mei seleksjes)
24 maart 2017
Weppers snein 26-3
26 maart 2017
9:00 SDS JO11-1 – Leovardia JO11-5  6-1
9:00 SDS JO11-4 – Blauw Wit ’34 JO11-11  0-11
9:45 SDS JO17-1 – Workum JO17-1  2-0
10:10 SDS JO13-1 – Franeker SC JO13-2  3-0
11:40 SDS JO15-1 – S.C. Stiens JO15-1  0-4
12:00 SDS/Scharnegoutum’70 JO19-1 – Drachtster Boys JO19-1  1-6
13:15 SDS JO17-2d – VCR JO17-1  1-3
14:30 SDS 1 – Oeverzwaluwen 1  1-3
16:45 SDS VR1 – Oudega VR1  2-3
8:55 Leovardia JO13-2 – SDS JO13-2d  8-0
9:00 SC Bolsward JO9-10 – SDS JO9-3  2-2
10:15 S.C. Stiens JO9-4 – SDS JO9-2  0-12
10:30 Marum MO15-1 – SDS MO15-1d  3-5
14:00 NOK 3 – SDS 4  Gnt
14:30 Heeg 2 – SDS 2  0-2

SDS 1 ferliest

Nei 90 minuten fuotbalje wiene freon en fijân it der wol oer iens. Oeverzwaluwen 1 gie fetsjinne mei de punten nei Koudum. SDS kaam tekoart. Op alle fronten.  De earste 10 minuten like it dêr net op, mar dêrnei pakten de gasten it goed oan. Krekt de poatsje der foar, krekt fysyk wat sterker, krekt wat mear fuotbal. Net dat it allegear kânsen wiene foar Oeverzwaluwen. Nee de earste de beste kâns wie foar SDS. Hendrik de Jong kopte neist.  Dat neist koppen dat dy de nû 4 fan Oeverzwaluwen net yn de 25 ste minút. Bij de twadde peal ferskalkte hij de ferdigening en doelman Jaap Toering. SDS woe wol nei foaren mar de tsjinstanner makke dat betiden ûnmooglik troch fel op de bal/man te sitten.

Yn de twadde helte wward SDS yn de 66ste minút op in 0-2 efterstân setten en al frij gau dêrnei de 0-3. Efkes waard der freesd foar de 0-4 (dat wie ek de einstân yn Koudum) mar Erik Haitsma die de SDS supporters der efkes yn leauwen mei in prachtige lob. In goed nommen frije traap fan Erik koart foar tiid waard fakkundich keard troch de doelman en sa bleau it 1-3.

De skiedsrjochter fluite in prima partij

Heeg 2 – SDS 2

Per seizoen heb je wedstrijden die je nooit meer vergeet omdat ze zo goed waren en je hebt er die je zo snel mogelijk wilt vergeten omdat ze het aanzien niet waard zijn.
Zo ’n laatste speelde SDS 2 vandaag in en tegen Heeg.
Geen excuses omdat er een aantal niet bij waren, als je bovenaan staat en dus kampioens aspiraties hebt, telt dat niet, dan moeten we het doen met wie er wel zijn.
Al in de 3e min kwamen we op 0-1, Tjeerd ging goed door op links, gaf een goede voorzet en Bote kon een goede assist geven op Gerrit, die hoog in de korte hoek een goede goal maakte.
In deze 1e helft zaten nog een aantal zeer goede minuten van ons, waar we eigenlijk de wedstrijd al kunnen beslissen, helaas lukt dat dan net niet. Het duurt tot de 43e min waarin Heeg ons helpt, een grote fout achterin, waarop Tjeerd goed reageert en heel koel en beheerst de 0-2 maakt.
De 2e helft kunnen we kort over zijn, niet leuk om te kijken en Heeg had absoluut vandaag geen power om het ons ook maar iets lastig te maken.
Een niet al te beste wedstrijd winnend afsluiten, vandaag telde alleen de punten, snel vergeten en op naar volgende week …. Uit naar H’veense boys.
Boudewijn Kramer

SDS VR1 – Oudega VR 1

De “kertier foar fiven” wedstriid einige yn it 2-3 nederlaach foar SDS VR1. Doelpunten fan Tjitske en Sanne Rixt

SDS JO15-1 – sc Stiens JO15-1

As je der yn liuwe……., wiene myn lêste wurden foarige wyke. Foar de wedstriid frege ik Ferry as hy de hjoed yn liuwde. Winne fan de nûmer 2, wer’t we út 8-1 fan ferlen hiene en dy’t hast twa kear safolle punten as ús ha. Taktisch sei hy: “Het wordt een hele kluif”. Mar fanôf minuut 1 koe ik sjen dat de spilers der hjoed yn liuwden. Yn tsjinstelling mei foarige wike siet der hjoed fjoer yn.

Bliikber wurd der better spiele as de tsjinstander ek better is. Mei in defensy fan 5 man en in middenfjild dy’t in protte duels wûn, puur troch striidlust en trochsetten, hie Stiens der in hiele kluif oan. SDS kaam mei it forderjen fan de earste helte hieltiid mear op de helte fan Stiens te spieljen. Der waard goed foarút spiele, allinnich misten we hjoed in man dy it ôfmeitsje koe. Hieltiid krekt ien te weinig foar de goal. Mar dat is ek logisch. As je in defensy fan 5 man delsette om mar net in tsjindoelpunt te krijen, dan moatte je ergens oars iets opofferje. En dat wie dus foaryn.

De earste helte wie goed en pakte út mei in 0-0 rêststân. Stiens koe sich ris efter it ear skraabje… Yn de kantine hjearde ik fan Stienser minsken al de earste eksuses foar it útbliuwen fan hun sukses “Wy ha nogal wat blessures en binne hjoed net op ús sterkst”. No ja, ús team hat itselfde probleem, tocht ik. Lit mar eamelje. De twadde helte begong gelyk wer sterk, mar al frij gau glipte in frij hege bal wat twyfelachtig fia de hannen fan Jeffrey yn de goal. Ah, dat wie efkes in tsjinfaller. Mar noch gjin man ferlen. It wie wol dúdlik dat Stiens better oan de twadde helte begong. De waard folle mear druk setten en de defensy fan SDS waard faker op in ferkeard spoar setten en passeert. Foaral de linksbûten fan Stiens hie in ekstra fersnelling beskikber.

Meardere kearren rûn hy mei gemak ús defensy foarby. In lyts ferdiegigingsfoutsje waard ús inkele mominten letter fataal. 0-2. Flak dernei waard der wiksele en nochris wiksele en it waard allejear wat ûnrêstig efteryn. In twadde ferdiedigingsfoutsje in skofke letter waard wer ôfstraft. 0-3. Nee, foutsjes koene we ús hjoed absoluut net permitearre. Jammer, want foaral it middenfjild hie de touwtsjes toch nog wol aardich yn hannen, al waarden de ballen foarút hjir ek wat minder. Ek sy krigen hieltiid faker op hun donder, mar de striid wie noch absoluut net opjoun.

It betiiden hurde mar wol op de bal rjochten fuotbal waard troch de skiedsrjochter soms wat platfluitte. Nei in pear wurden fan ûnbegrip en in ûnnedich tikje tsjin de bal fan ús kant waard beboet met giel. Absoluut net nedich! Ek de spilers fan Stiens wiene it dêr oer iens. Flak foar tiid kaam der ek nog de 0-4. Dit kear út in prima oanfal fan Stiens dy’t behearst ôfmakke waard. Einstân: 0-4.

Wedstriiden sa as hjoed binne foar it publyk, ondanks it ferlies, in lust foar it each. Net sa sear om it moaie fuotbal, mar mear om de striidlust en it liuwen yn in oerwinning. Nog hieltiid op plakje fjouwer… al komt nûmer 5 wol akelig tichtby. Folgende wike winne fan Workum, want dan moat de nûmer 5, ONS út Snits, tsjin Stiens (!). Kâns om it gat wer wat grutter te meitsjen. Ik hoop dat deselde striidlust der ek dan is…
Herman

Gie net troch

Wat in ellinde foar SDS 3 en SDS 4. Tsjinstanners AVC en NOK hiene te min entûsjastelingen dus gie it net troch.