Sneon 24-2-2018

SDS-League: Van der Pollen pakke wykpriis!
22 februari 2018
Weppers moandei 26-2-2018
26 februari 2018

Kantine net iepen

Om ’t allinnich SDS 1 hiel miskien fuotballet moarnteiddei is de kantine moarn net iepen.

SDS 1 nei TOP’63

De kâns dat SDS 1 sneon yn Toppenhuzen oan de ôftraap stiet, liket ús net grut. Ek bij TOP lykje se net hoapfol. Se wiene woansdei al op syk nei  in tsjinstanner foar in skaadwedstriid en hawwe alfêst keunstgers ynhierd yn Harns….. Wykels Hallum wurdt dan de tsjinstanner foar TOP.
Wy hawwe tongersdeitejûn noch wol efkes belle mei TOP as sy al wat mear witsen, mar sy koenen der noch neat oer sizze……..
De seleksje fan SDS 1:  Bauke, Erik, Ewout, Frank, Habtamu, Jaap, Jacob Klaas, Jelmer, Lourens, Marco, Matthijs, Pieter, Peter, Remco en Wiebe.

TOP 1 – SDS 1

Twa kear earder stiene TOP en SDS  tsjinoer elkoar yn Toppenhuzen.  In kear gelyk en  in kear winst foar SDS.  Sjoch hjir.

SDS VR 1

Harren wedstriid giet net troch. Sneon 31 maart sil it wol wêze tsjin Aengwirden/Akkrum.

SDS 2 oefent

SDS 2 sil sneon thús oefenje tsjin AVC  2. Om 11.45. De seleksje: Gertjan, Anne, Bote, Feite, Jesse, Jildert, Jort, Jurjen, Lieuwe, Marten,Sjoerd, Tjeerd, Wierd, Robin

SDS 4 net nei Snits

Op it programma stie ek de wedstriid WPB 6-SDS 4. Om 14.30 soe it los gean yn Snits. De seleksje wie:
Allert, Rick, Gertjan, Johan, Broer, Wj, Doede, Martijn, Johannes, Doede Douwe, Steffen, Tseard, Andries, Igor, Peter, Thomas en Sytse H.
De KNVB hat alle wedstriden yn de B-kategory ôflast. 

SDS 1 noch net nei De Wâlde

SDS 1 soe nije wike ynhelje út tsjin De Wâlde, mar dizze wedstryd is fersetten. De Wâlde mei nije wike no út ynhelje tsjin Willemsoord 1. De wedstryd De Wâlde 1 – SDS 1 wurdt no spile op sneon 28 april.

Jeugd  de seal

SDS JO11-1 en SDS JO13-1 binne noch dwaande yn de seal. Sij spylje sneon noch wat kompetysjewedstriden.

Foarlopich net yn de seal


Ek no hat Whatsapp wer in “foarsizzende” rol.  Johan Delfsma appt woansdeitejûn noch efkes mei Gerard van Asselt en Gerard jout sa as altiten in goeie rie: Nou denk om je enkels.
In oerke letter skuort Johan syn ankelbannen.
Betterskip Johan

Sneon 10 maart! No al nocht yn!

Mei de kommende winterske dagen yn it foarútsjoch binne wy bang dat der de kommende twa sneonen net folle fuotballe wurdt en sjogge dan ek út nei sneon 10 maart wannear ’t SDS 4 om 14.30 oere op it keunstgers fuotbalje mei tsjin Scharnegoutum 3 en SDS 1 om 17.00 oere ôftrapet tsjin Willemsooord 1. Gerrit Poortinga trapet om 19.00 oere ôf mei in alderaardichst stikje muzyk. Elkenien is fan herte wolkom!

Harsens derby (1992)

Dy sit…………………………..hast…………..