Weppers freed 19-1-2018
19 januari 2018Weppers moandei 22-1-2018
22 januari 2018SDS 1- AVC 1 1-1
Om 14.30 in oefenwedstriid tusken SDS 1 en AVC 1. It fjild is ynmiddels ûntaaid, dus der kinne fuotballe wurde. De wedstriid eindigt yn in 1-1 gelykspul. AVC kaam wol op 0-1 foar mar Arjen Los kopte SDS foar it skoft noch op in gelikense stân.
Yn de twadde helte in iepen wedstriid mei mear romte mar skoard waard er net mear. Doelman Gert Jan Bootsma (SDS) hie krekt foar tiid noch in oantal moaie reddingen.
Moai wie it dat Pieter Sytsma en Ewout de Boer wer meidiene nei in langduorjende blessure en dat Peter Hoogerwerf syn earste minuten wer makke foar SDS 1.
Tiisdei om 20.15 sil SDS 1 it opnimme tsjin sc Scharnegoutum 1. De wedstriid begjint om 20.15 oere.
SDS 4 – sc Bolsward 4
Om 12.00 oere soe der in oefenwedstriid wêze…..mar fanwege beferzen fjild giet it net troch.
SDSJO 15-2 – SDS JO15-3
Om 10.00 oere soe der in oefenwedstriid west hawwe. Mar dy gie net troch…
Efkes Balje
Itensers en Hinnaarderlingen binne altyd goed fertsjintwurdige bij it Efkes Baljen op freed. Ik haw sels begrepen dat se troch oare Itensers en Hinnaarderlingen dan ek mei alle respekt oansjoen wurde as topsporters. At dat allegear wol wier is lit ik mar efkes yn it midden. Se binne der hast altyd en bringe wol wat mei: de wil om der te wêzen en de wil om te winnen. En dat allegear mei in relativearjende knypeach.
Faak striden se yn wikseljende gearstallingen tsjinelkoar mar juster mochten de fiif bijelkoar, oanfuld mei ien dy’t fanút de 19de ieu konneksjes hat mei Hinnaard en oanfuld mei in spits mei Dútske kwaliteiten sadat de twa Itensers dy’t
in Dútske stêd as namme hawwe, hielendal tefreden wiene.
De fiertaal yn it fjild wie noch krekt net Dúts.
De sân yn giele hesjes kleurde 2 doarpenploech moast it opnimme tsjin de 8 út Wommels en Easterein en dat wiene seker net de minsten.
It gie earst moai lyk op en it hoe alle kanten út mar Wommels/Easterein fergeat te skoaren en sa wie it maklik foar Itens/Hinnaard om út te rinnen. Wat langer it duorre wat mear de grutte doarpenploech itidee hie of rûnen se tsjin
in giele muorre oan.
Mei in einstân fan 8-4 kaam de ferlossende klokslach fan 20.30 en dat fielde as de befrijding op 5 maaie.
Yn de finale mei twa winnende doelpunten moast Itens/Hinnaard it dwaan mei in giel hesje spiler minder. Eigenwiis at se wiene gongen se de striid mei harren seizen oan tsjin de 8 fan Wommels/Easterein.
Spannend dat wol mar it waard úteinlik in oerwinning foar dy lju sûnder hesje út Wommels en Easterein, nei in ferwoestende úthaal fan Wybren.
Allegear wer in kear wûn, op ien of oare wize is dat faak it rissultaat fan in jûntsje Efkes Balje.
Wommels/Easterein: Wouter, Menno. Pieter de Earste, Pieter de Twadde, Robin, Luca, Wybren
Hinnaard/Itens: Lieuwe Vriesema, Frank Rijpma, Harry Kooistra, Ferrie Korbach, Stan Korbach. Dennis Vinke en
Aant