Sneon 19-1-2019

Weppers freed 18-1-2019
18 januari 2019
Keunstgers en kjeld
21 januari 2019

SDS JO17-1 soe tsjin ONS JO17-1 mar dat giet net troch
en SDS Vr.1 tsjin vv Heerenveen Vr.1, mar ek dit giet net troch.
It keunstfjild is noch keihurd.

Heeg 1 – SDS 1 giet net troch!

It fjild bliuwt keihurd, en SDS 1 – Makkum 1 giet fannemiddei dan ek net troch!

Hawwe jim wat leuks te melden, doch dat dan nei aant@vv-sds.nl en willem@vv-sds.nl of whatsapp nei 06-55117582.

Datum Tijd Thuisteam Uitteam wat
19-1-2019 14:30 V.V. Heeg 1 SDS 1 g.n.t.
19-1-2019 14:30 QVC 3 SDS 4 g.n.t.
19-1-2019 12:00 SDS JO13-1 Irnsum JO13-1 seal
19-1-2019 12:50 Frisia JO13-2 SDS JO13-1 seal
19-1-2019 13:40 SDS JO12-1 DWP JO12-1 3-1
19-1-2019 14:55 MKV’29 JO12-2 SDS JO12-1 0-7
19-1-2019 09:30 FVC JO9-3 SDS JO9-1 seal
19-1-2019 10:30 SDS JO9-1 Frisia JO9-5 seal
19-1-2019 14.30 Rottevalle 2 SDS 2 oefen
19-1-2019 14:30 SDS 1 Makkum 1 g.n.t.
19-1-2019 09:30 SDS JO17-1 ONS Sneek JO17-1 g.n.t.
19-1-2019 12:00 SDS VR1 VV Heerenveen g.n.t.

SDS JO12-1


SDS JO 12-1 mocht hjoed wer yn de seal oantrede. Sij diene dat mei sukses. Der waard wûn mei 3-1 fan DWP JO12-1 en mar leafst mei 0-6 fan MKV JO12-1

Efkes tûk balje

Freedtejûn wie de finale fan “de Slimste Mens”, it ienige programma op tv dêr’t ik regelmjittich nei sjoch. Mar freedtejûn is it Efkes Baljen en sa moast ik de boswachter (Arjan), de reedrider (Mark) en de prosintenekonoom (Peter Hein) harren striid útfjochtsje litte sûnder te sjen. It hjit net foar neat “slim” wêze. Yn it Frysk soene wij tûk sizze.
It wie net sa tûk justerjûn om foar te stellen dat miskien “sichtber jong” tsjin “sichtber âld” wol in opsje wêze koe. Dat sichtber jong is krekt efkes oars as de leeftyd as útgongspunt nommen wurdt. It omslachpunt lei sa’n bytsje at je de leeftyd fan de âldste dielnimmer omdraaie. Ferrie mocht him bij de jongeren melde foar in giel hesje en Johan fielde him noch folle jonger en fitter doe’t hij him jong neame mocht.
Sûnder de lieding fan Philip Freriks, mar wol ûnder de Philips led lampen en sûnder it altyd opbeurende kommmintaar fan de nasjonale prottelpot (Maarten van Rossum). De ferfanger út eigen kring wie dizze jûn net oanwêzich.
It stie nei in kertierke al 3-0 foar jong en nei 20 minuten wie it 5-1. Net sa tûk betocht, tocht ik efkes.
De kopbal fan Wouter (twapunter dus 5-3) wie de ommekear. Ald wist doe dat it oars koe en dat se tûker fuotbaljen moasten. Wat tichterbijelkoar, wat mear yn de kont (wat is dêr mis mei jong?) en hurd wurkjen bliuwe. It waard 5-4. 5-5 en sels 5-6.
Jong kaam noch op 6-6 mar it wie âld dat op 6-7 en 6-8 kaam.
In moaie striid mei de “slimste minsken” as winners.
Foar de finale noch efkes in “slimste mens”vraag foar Johan
En Johan: wat weet jij van hakkeeh…..
antwurd: dûnstijl, gabber, hardcore, Out of Space en……. Klaas
Hiel goed Johan, de priis is in wykje nei in waarm lân mei in tsjok inkel

De finale mei in maksimum tiid dizze kear wie lykopgeand, taktysk oan beide kanten goed besprutsen en nei de 1-1 waard it beslist troch in prachtich tûk doelpunt fan Lieuwe Vriesema dy’t fansels jong fertsjintwurdige. Sa luts jong yn de lytse finale oan it langste ein…..

Jong: Lieuwe, Johan, Menno, Frank, Wybren, Kerst, Syb
Tûker: Wouter, Ferrie, Theo, Harrie, Douwe, Klaas en
Aant

Nije wike

Nije wike hat SDS 1 syn earste kompetysjewedstryd thús yn 2019. Sy moatte dan om 14.30 oere tsjin Workum 1.