Weppers freed 17-3
17 maart 2017Weppers moandei 20-3
20 maart 2017Haw jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl!
8:45 | SDS JO15-2 – SJO Broekster Walden JO15-2 | 3-6 |
8:45 | SDS JO11-1 – Franeker SC JO11-2 | |
8:45 | SDS JO11-3 – MKV’29 JO11-5 | 9-4 |
9:55 | SDS JO9-3 – Arum JO9-2 | 8-1 |
10:15 | SDS JO13-3 – QVC JO13-1G | 0-12 |
10:55 | SDS MO15-2 – Black Boys MO15-1d | 1-2 |
10:55 | SDS MO13-1 – Irnsum MO13-2 | 2-6 |
11:35 | SDS JO15-3 – ONS Boso Sneek JO15-3d | 1-2 |
12:30 | SDS 4 – Makkum 4 | g.n.t. |
13:05 | SDS JO17-2d – SJO Broekster Walden JO17-2 | 1-1 |
14:30 | SDS 3 – Franeker SC 2 | 2-2 |
15:00 | SDS 2 – QVC 2 | g.n.t. |
8:45 | Annaparochie St. JO11-2 – SDS JO11-2 | 5-3 |
9:00 | SC Bolsward JO15-1 – SDS JO15-1 | 1-2 |
9:00 | FVC JO13-2d – SDS JO13-1 | 0-10 |
10:00 | Franeker SC JO9-3 – SDS JO9-2 | 1-1 |
11:15 | Buitenpost MO15-1d – SDS MO15-1d | g.n.t. |
12:30 | Heerenveen JO17-2 – SDS JO17-1 | 4-0 |
14:30 | QVC 1 – SDS 1 | 0-0 |
14:30 | Drachten JO19-1 – ST SDS/Scharnegoutum’70 JO19-1 | 4-0 |
16:00 | Scharnegoutum’70 VR1 – SDS VR1 | 3-1 |
G.N.T.
SDS 2 en SDS 4 hoege hjoed net los. Te min spilers bij SDS 4 en bij OVC 2.
Ek de famkes fan MO15-1 meie thúsbliuwe, It fjild yn Bûtenpost is te wiet.
SDS 1
SDS 1 hat in bloedeleaze 0-0 spile yn Starum ? Of hie it ek oars wêze kinnen… Wij binne benijd.
SDS VR 1
Juster spilen de dames tsjin Skearnegoutum, der waard ferlern mei 3-1. Djoere punten, dat hie net hoechd. Miskien wurde we te makkelik, miskien siet it us ek net allegear mei. Yn de earste helte bepaalden wij it spul, hiene it meeste balbesit en fierwei de measte kânsen. Op’e peal, latte ensfh. Skearnegoutum sette it spul achterin goed op slot en fanút de earste en fuort lêste kâns yn de earste helte score sy de 1-0.
De twadde helte begjinne we fol energie mar it slagget net, it slagget allegear krekt net. Skearnegoutum set goed druk en begjint better as SDS te fuortbaljen, wêrtroch it uteindelik 3-0 wurdt. Dan sit alles fansels ek noch tsjin, bin je it net iens mei beslissingen fan de skeids etc., mar uteindelik is it ús eigen skuld. Oan it einde van de wedstriid makket Tjitske noch de 3-1.
Oare wike spylje we tsjin Aldegea, wer’t wy ferline kear ek fan ferlern ha. We sille us foar 300% ynsette om oare wike hopelik wer trije puntsjes te pakken.
SDS 3
Dochs wol kreas, sa’n âlde lullenploech fan SDS dat mei 2-2 gelyk spilet tsjin sc Franeker 2. Doelpunten fan de jongste “ouwelul” Tseard de Vries.
Opstelling SDS JO 19-1
SC BOLSWARD JO15-1 – SDS JO15-1 : 1 – 2
Tsjin de wyn op fuotbalje mei in frij straffe wyn sa as hjoed is oer it algemien frij dreech, mar neat wie hjoed minder wier. SDS spile de earste helte tsjin de wyn op. It ienige wêr’t de ploech muoite mei hie wiene de doelskoppen. Wiltsje kriig de bal mar muoisum tsjin de wyn op en hie der sichtber muoite mei. Gelukkig krige it middenfjild in protte romte fan Boalsert en wist de bal prima op te fangen. Troch dizze romtes wie der romte foar kreativiteit op it middenfjild.
Der waard prima kombineerd en de bal waar’t oer links jûn, oer rjochts jûn of der waar’t ris in stekbaltsje troch de midden jûn. We spilen meastentiids op de helte fan Boalsert en wiene soms gefaarlik foar de goal. Boalsert spile traag en wie slordig yn de kombinaasjes. Hun spelhervattingen wiene traag en hun opbou efteryn wie betiiden frij maklik troch SDS te ûnderskeppen. Der wiene kânsen mar de bal woe der noch net ien.
Sa healwei de earste helte bedarre in prima foarset mei in protte faart yn de bal fan Luka op de holle fan Tjitse. Tjitse wist de bal prima yn ‘e hoeke te pleatsen en liet de keeper kânsleas. In fertsjinne 0-1. Boalsert kaam der de earste helte net echt oan te pas. In pear kear wiene se foar ús goal, mar de prima defensy fan SDS koe de earste helte frij maklik de nul hâlde.
De twadde helte foar de wyn joech kâns om dizze foarsprong fjierder ut te wreidzjen… tocht eltsenien… Mar dit pakte efkes oars út. Boalsert spile noch steeds traach en it like wol as SDS hjir in bytsje muoite mei begong te krijen. It tempo gie der by SDS ek in bytsje út. It middenfjild makke ferkearde keuzes en der waar’t wat te folle kapt, draait en ûnsorchfuldich passed wêrtroch der in protte balferlies wie. Boalsert makke hjir dankber gebrûk fan en wist gefaarlik foar de goal te kommen. In echt goede spits hiene se net om de klus te klearen, mar nei sa’n tsien minuten yn de twadde helte kaam in wat heal skot fan Boalsert wat raar foar ús keeper Jeffrey del. Ik tink dat hy de bal wat ferkeard ynskatten hat mar mei in goede refleks wist hy de bal nog krekt fuort te stompen. Helaas rekke de bal de latten en stuitte wer werom it fjild yn, wêrtroch der in frij maklikke rebound foar Boalsert wie, 1-1.
Efkes wiene der in pear negatieve wurden rjochting keeper. Gelukkig wist de lieding fan hjoed, Ferry en Harry, dit al gau de kop yn te drukken wêrtroch de sfeer yn it fjild positief bleaun. Kop omheech en wer fuotbalje! Mar toch woe it op de ien as oare manier net mear sa goed. Ja, Boalsert hie no yn de wyn en wie seker de better fuotbaljende ploech. Helaas foar hun beleanen se sichself net genôch. Of kaam dit dochs troch de defensy fan SDS dy’t der keihurd foar wurkjen bleaun? En doe, sa’n 7 of 8 minuten foar tiid, wie der in counter fan de snelle Merijn, dy al in goede wedstriid sjen litten hie. De keeper fan Boalsert twyfele in bytsje tusken útkommen of net, mar Merijn twyfele net in sekonde en skeat de bal feilloos yn. 1-2. Nei noch efkes bikeljen efteryn wie dit ek de einstan.
Komplimenten foar dizze ploech en hun lieding. Nei de winterstop trije oerwinningen op rij en fan plakje 7 nei plakje 4. Knap, op dit niveau. It moaie fan dit niveau is, dat de wedstriidlieding faak ek fan goed niveau is. De skiedsrjochter fan hjoed fluite in puike wedstriid. Dizze jonge knaap fluitte dúdlik en resoluut, wêrtroch der gjin twyfel en diskusje op it fjild ûntstiet. Ien wêrfan dast net yn de gaten hast dat der in skeids yn it fjild is en dat de wedstriid dochs prima ferrint.
Nije wike tsjin de nûmer 2. Dat wurd in dreech potsje, mar as je der yn lieuwe…….?
Herman
SDS MO15-2 – Black Boys MO15-1D
In de eerste helft van de competitie hadden de meiden van SDS al een keer tegen de meiden van Black Boys gespeeld. Dat was toen een behoorlijk pittige, fysieke en verbale wedstrijd. De meiden gingen dan ook met die gedachte in het achterhoofd het veld op om 10.55 uur.
Maar de eerste helft van de wedstrijd liet een heel ander beeld zien dan de vorige keer tegen Black Boys. Er werd over en weer leuk gevoetbald, wat resulteerde in kansen aan beide kanten. Een vrije trap van Siegrid ging net over de lat, een schot van Black Boys via de paal naast en af en toe werd er door SDS mooi gecombineerd. Silke schoot net naast wat het hoogtepunt van de eerste helft opleverde: in al mijn enthousiasme bij de gemiste kans verloor ik mijn evenwicht en ging als een “stervende zwaan” onderuit, tot grote hilariteit van alle ouders langs de zijlijn! In de 28e minuut werd het harde werken van SDS beloond: Een prachtige aanval over rechts via Anieke e Nynke werd vakkundig afgemaakt door Silke. Helaas kon SDS niet lang genieten van de voorsprong want 5 minuten later scoorde Black Boys na een snelle counter en met 1-1 gingen de meiden de rust in.
Na de rust werd het spel van Black Boys weer fysieker en verbaler en de meiden van SDS hadden daar moeite mee. Ze werden regelmatig onderuit geduwd en konden daardoor het goede spel van de eerst helft niet vasthouden. Na een kwartier in de tweede helft werd de druk te groot voor SDS en scoorde Black Boys de 1-2. SDS bleef het proberen maar helaas werd hun harde werken niet beloond en gingen de drie punten naar Black Boys.
Groet,
Aukje Schellens
(regelmiep)
Mini league
It trainingsfjildsje is weer iepen foar de wedstriden yn de mini-league. Sneontemoarn koe it wer los mei 5 tsjin 5 ûnder lieding fan in spullieder
Efkes Balje
Je sjogge soms dat in betelle fuotballer in grutte weromfal hat yn syn prestaasje. Wiken oan ien goed prestearje en dan slûpt er ynienen ûnsekerheid yn it spul. Ek komt it foar dat in spiler frij ûnferwacht in “fantastyske” wedstriid spilet út it neat wei en dan kin it samar sa wêze (at je bij Ajax sitte) dat je oproppen wurde foar Oranje. De betelle fuotballer dy’t ynienen wat minder yn syn spul sit, hat meast oare dingen oan de holle en dat giet faak om it kontrakt, saakwaarnimmer, ferlinge en jild.
Gelokkich hawwe de Efkes Ballers dêr gjin lêst fan. Sij hawwe de hiele wike hurd wurke en in inkele hiel hurd net wurke. Mocht er wol wat omdangelje yn de kop dan wolle se dat just fuortspylje: de kop moat leech.
Sa dus ek juster. Foarôf in kollektive kontraktbesprekking en ferlinging en doe koe it los yn de rein dy’t hieltyd hurder foel. It wie suver unyk justerjûn omdat der foar dizze iene kear net ien te min of net ien tefolle wie.
Unyk wie ek dat de grutte partij, dy’t it oansjen mear as wurdich wie, einige yn in gelykspul (5-5). Dat de Efkes Ballers goed nei Monaco- City sjoen hiene wie yn de finale hielendal goed te sjen: in boeiend skouspul, spannend en it koe alle kanten op, allinne wie it skoaren lestich. De winnende twa woene mar net falle dus waard it in gelykspul. Ja, in gelykspul yn de finale. It moat net gekker wurde.
Ploechje 7: Theo, Johan, Sytse, Ferrie, Wybren, Pieter, Wouter
Ploechje 7: Marco, Frank, Robin, Aant, Harry, Douwe Dirk, Menno
(Aant)