Sneon 18-1-2020

Weppers freed 17-1-2020
17 januari 2020
Weppers moandei 20-1-2020
20 januari 2020

SDS 1 – Anjum 1

Om 14.30 koene wij de oefenwedstriid SDS 1 – Anjum 1 bijwenje.  It waard nei 6 minuten 1-0 troch Pieter Sytsma, de 2-0 kaam fan de foet fan Lourens van der Pol en neidat Anjum yn de 82ste minút tsjinskoarde bepaalde Steven van der Pol de einstân op 3-1

SDS 2

Se soene oefenje tsjin sc Franeker 2 mar dat giet net troch. De gasten hawwe ôfbelle.

SDS JO 13 yn de seal

SDS JO13-1 wint ook wedstrijd 5 en 6 van de zaalcompetitie. 1e wedstrijd met 3-1 tegen Franeker JO13-2 ging vrij soepel.
2e pot tegen Oosterlittens keken we na 5 min. tegen een 0-3 achterstand aan (een paar slordigheden werden meteen goed afgestraft). vervolgens uitstekend terug geknokt naar 4-3 en op miraculeuze wijze tot 3x toe de 4-4 voorkomen! Hierdoor na 6 partijen op 18 punten en alleen nog bij te halen door Franeker JO13-1, op 6 punten achterstand.

Volgende week nog 1 punt nodig uit 2 wedstrijden om kampioen te worden. Gr. Minne

Greidhoek JO17 toernooi

SDS JO 17-2 hat hiele goeie Fifa20 gamers want dat ûnderdiel wûnen sij justerjûn op it slagge Greidhoektoernooi.  Oer beide ûnderdielen (game en bûten fuotbalje) rekkene waarden se twadde. Scharnegoutum gie der mei de kombitaart fan troch.

Efkes Balje

Wat in spanning juster.
Dit hie neat west foar hertpasjinten, senuwpesen en stresskikkers.
It duorre mar en it duorre mar.
It begong him freedtemiddei al wat ôf te tekenjen yn de appgroep mei allegear tomkes dy’t nei ûnderen wezen. De sportklean hoechden net oan want om 18.58 oere, 32 minutem foar it begjin wiene der 6. Dêr kinne de lampen net foar brâne dus “it wurdt him net” wie de konklúzje op dat momint, want 8 is it minimum.
18.59 Bonne Wiersma, wylst hij drok dwaande is: at ik no nû 7 bin…….
19.02 Pieter de Boer, bij it spafak fan Jumbo: Sjen at ik it rêd…..
19.03 wij gean der foar
19.11 Folkert Rients: wij komme ek mei 2…….
19.12 Tik mar wat yn sei ik tsjin myn pakesizzer fan 3, dy’t tocht dat ik foarlêze soe.
Hjir haw ik gjin wurden foar: “Jgr crrwub” seach ik letter en dat lit him maklik lêze en útlizze.

In ideale tarieding dus wylst wij ús allegear yn sân hasten klear makken.
Fiif mei hes tsjin de wyn yn en 5 sûnder hes foar de wyn. It is in detail mar it kin it ferskil meitsje.
It wie in alderaardichste earste partij. Dy sûnder hes hiene Menno en dan sit it meast ticht efter. Dy hâldt syn ferdiigjende taak altyd yn it each en sa kounterden sij der betiden op los en mei sukses.
Sij mei hes (dy fan yn de wyn) kombinearden, sochten, tikten, skeaten mar lieten se efter te maklik rinne. In ein stân fan 8-5 wie it rissultaat. It wiene 5 blide winners dy sûnder hes.
De finale duorre net lang. Wouter skoarde foar de “foar de wyn fuotbaljende hesleazen” mar it wie Kerst mei in knal en Douwe Jan mei noch mear knal dy’t dy’t de beslissende 2-1 makke. Doe wiene der 5 blide hesdragenden.
Allegear wer in partijtsje wûn en bliid dat it trochgean koe.
Sûnder hes: Jurjen, Menno, Pieter de B, Wouter en Sipke
Mei hes: Bonne, Kerst, Douwe Jan, Folkert Rients en Aant