Sneon 16-12-2017

Weppers freed 15-12-2017
15 december 2017
Weppers moandei 18-12-2017
18 december 2017

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582

09:00 ST SDS/Nijland JO15-3 Oosterlittens JO15-1 gnt
10:40 SDS JO19-1 Makkum JO19-1  1-1
10:45 ST SDS/Nijland JO15-2 SC Bolsward JO15-2 gnt
12:30 ST SDS/Nijland JO15-1 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO15-3 gnt
12:30 SDS VR1 QVC VR1  3-1
15:00 SDS 1 Waterpoort Boys 1  1-1
16:50 SDS 4 Heerenveense Boys 5 g.n.t.
09:00 SDS MO17-1 Franeker SC MO17-1 4-2
10:00 Blauw Wit ’34 JO10-1 SDS JO10-1 10-1
11:20 SDS JO11-2 Frisia JO11-9 seal Grou
12:20 Frisia JO11-8 SDS JO11-2 seal Grou
14:30 Blauw Wit ’34 5 SDS 3 6-1

SDS 1- WPB: in boeiend slot levert 1 punt op

De freugde om it doelpunt fan SDS 1 yn de 88ste minút wie noch net ferstomd, of WPB makke yn de âlderlêste sekonde de gelykmakker.  Dat levere grutte freugde op bij alles wat foar WPB wie en grutte teloarstelling bij SDS. Want safolle kânsen wiene der net west om dizze derby te beslissen.
De earste helte hold net oer en de brilstân wie in logysk gefolch fan it gebrek oan doelripe kânsen foaral oan SDS side. Habtamu de Hoop kaam ien frij foar de keeper fan WPB mar skoarde net.
Doelman Jaap Toering moast noch al in twatal kearen syn net geringe kwaliteiten toane. It begjin fan de twadde helte socht WPB noch mear de oanfal en SDS hie muoite der út te kommen. Gefaarlik wie SDS alhiel net. Dat waard oars doe’t Lourens van der Pol der ynkaam. Hij sleepte en sleurde en   soarge foar mear driging.
Ien fan de útfallen fan SDS levere in doelpunt op mar de goed liedende skiedsrjochter karde it doelpunt ôf. Doelpuntenmakker Habtamu de Hoop rôp los, wêrtroch Hendrik de Jong oer de bal hinne stapte en dat skynt net te meien.
It bleau  spannend en it koe alle kanten út.  De ôfrin is beskreaun. Beide ploegen in punt en at ien no wol of net mear fertsjinne hie, docht er net ta.

Pengel

Ek op Pengel in ferslach fan SDS1 – WPB 1.  Sjoch hjir.

SDS VR 1 – QVC VR1    3-1

Se wiene der wer de froulju út Stavoren mei harren lûdboks. Muzyk skynt te  helpen om de goeie geast te pakken te krijen  foar de wedstriid, mar de deuntsjes fan  hjoed  wiene net goed genôch om SDS VR1 út te skeakeljen yn de beker.  Alissa Veenje en Sieta Tessemaker(2) wiene de doelpuntemakkers.

De froulju fan QVC woene ek dizze kear wol wer efkes op de foto nei ôfrin

Blauw-Wit 5 maatsje te grut foar SDS 3

SDS 3 is juster útskeakele yn de beker. Yn Ljouwert waard ferlern fan Blauw-Wit 5 mei 6-1. Blauw-Wit makke al nei 5 minuten de 1-0. , mar noch net in minút letter wist Robert Sijbesma der al wer 1-1 fan te meitsjen. It bleaun in skoftke 1-1, mar it wie wachtsjen op de 2-1 foar Blauw-Wit. Dat dizze úteinlik komme moast út in diskutabele penalty wie wat spitich. Foar de rêst waard it noch 4-1 en SDS wie der net rouich om dat it yn de twadde helte by 6-1 bleaun. Blauw-Wit 5 spilet in klasse heger as SDS 3 mei allegear âld-spilers fan Blauw-Wit 1 yn de gelederen. Sy stean boppe-oan yn de Reserve 4e-Klasse, hawwe alles noch wûn en winne alles gemiddeld mei 5-1. Dan is 6-1 noch net sa ’n gekke útslach 😉 Al hie âld-SDS-trainer Kees Jansen yn de lêste 10 minuten noch graach de 7-1 op it skoreboerd setten, mar hy slagge der net yn om Gert-jan te passeren.

SDS MO 17-1 troch yn beker

Fannemoarn om 9 oere stie de bekerwedstriid MO17-1- sc Franeker MO17-1 op it programma.  Nei in 0-2 efterstân wie it dochs SDS dat de skoare de goeie kaant útluts. It waard in 4-2 oerwinning en sa oerwinterje de fammen yn de bekerstriid.

Blauw wit JO 10-1 maatje te groot!

Vanmorgen was het dan zo ver de bekerwedstrijd tegen Blauw Wit 34 JO 10-1.

De buschauffeur had de bus net geparkeerd of de toppers stormde de bus uit zoveel zin hadden ze erin.
De kleedkamer in dan komt de coach binnen. De gespannen koppies keken me aan en luisterden hoe ik de tactiek en de opstelling voorstelde.
Op naar het veld waar de warming up werd ingezet op 3 na want

bij de kachel is onze warming up zeiden ze.
De 1e helft werd in gang gezet en toen bleek dat wij met 8 op het veld stonden en Blauw wit met 7 laat maar zo staan oké!
Het bleek al snel dat Blauw Wit hier ging winnen het werd snel 1-0 , 2-0 , 3-0 enzv.
Ik zag het aan en rende naar de bus want ik wou de bus voor de goal parkeren maar helaas hij reed net weg. Ruststand 7-0 voor Blauw Wit.
2e helft was het met een prachtige zeg maar een wereld aanval die door Sibrand werd ingezet door het midden hij dolt een speler
en hij speelt de bal naar rechts van Geert Jan en in de draai Goalllllllllllllllllllll 14-1 en de eer is gered.
Na afloop werd het bij de penalty’s een gelijk spel 2-2.

Toch met opgeheven hoofd naar huis.

Hun de 0 niet! En wij de eer
Penalty’s 2-2.
En super reis in de bus!
Trots op jullie.
Groet Dennis Vinke

Efkes Balje

De lêsten wiene noch net iens thús of de earste (Dennis) siet al oan it bier.  Dêr wie dan ek alle reden ta. Want yn de allesbeslissende finale wist hij it earste doelpunt te meitsjen en de oare Dútser yn it team it twadde. Dêr tuskentroch hie Pieter Veenje de lykmakker kreas yn it net lein, mar it wie hjoed foar him net de allerbeslissende goal.
De 5 mei hes hiene oars de grutte partij wol wûn. Wat er bij de 5 sûnder hes in meter oer of in heal meter neist gie, gien der bij  de 5 mei hes gewoan yn.  It wie in moaie lykopgeande striid, mar net in lykopgeande telling.  De 5 mei hes ( Frank, Sipke, Harrie, Pieter en Wiebren) koene it net better fine.  Mar, ja, klokslach 20.30 begjint it echt en doe wiene Klaas, Lieuwe, Aant op harren bêst en de twa Dútsers Ferrie en Dennis it deadlikst foar it doel…