Sneon 13-10-2018

 

19:50 Warga VR1 SDS VR2 2-1
20:10 SDS VR2 Oosterlittens VR1 0-4
20:30 GAVC VR2 SDS VR2 freed
20:50 SDS VR2 Friesland VR1 freed
08:45 SDS JO13-1 Scharnegoutum’70 JO13-1 4-2
08:45 SDS JO12-1 Zeerobben JO12-2 7-2
08:45 SDS JO11-1 Oosterlittens JO11-1 4-2
10:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Franeker SC JO15-3 Nijlân
10:00 SDS JO11-2 SC Bolsward JO11-4 0-10
10:00 SDS MO13-1 Heerenveen MO13-2 2-3
10:10 SDS MO17-1 Blauw Wit ’34 MO17-1 1-4
11:15 ST SDS/Nijland JO15-3 SJO DFC JO15-3 2-2
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 Balk JO19-1 2-4
12:45 SDS JO17-2 Beetgum JO17-1 2-9
14:30 SDS 1 Walde De 1 4-1
14:30 SDS 3 Waterpoort Boys 4 6-1
09:00 Tzum JO12-1 SDS JO12-2 8-1
09:00 Leovardia JO9-2 SDS JO9-1
10:00 SJO DFC JO10-2 SDS JO10-1 3-11
10:00 SJO Warga WWS JO8-1G SDS JO8-1
10:30 Oldeholtpade JO17-1 SDS JO17-1 10-3
12:00 SC Berlikum 2 SDS 2 1-1
12:15 SC Berlikum MO15-1 SDS MO15-1 2-1
14:30 Hielpen 1 SDS 4 2-1
15:00 Scharnegoutum’70 VR1 SDS VR1 0-2
15:15 LSC 1890 JO19-2 ST SDS/Nijland JO19-2 8-3

SDS 1 – de Wâlde 1

In betide tsjingoal foar SDS 1. Nei 13 sekonden skoarde de Wâlde 1. SDS 1 krige in oantal grutte kânsen en de 1-1 fan Lourens van der Pol wie dan ek fertsjinne.
It útfallen fan de doelman fan de Wâlde nei in ûngelokkige botsing soarge der foar dat de wedstriid in skofke stillei. In fjildspiler moast syn plak oernimme.
Nei it skoft  in middenfjilder derút en in spits derbij bij SDS  soarge foar mear iepen kânsen. Earste wie it Erik Haitsma dy’t út in frije traap de 2-1 oantekene en dêr nei makke Hendrik de Jonge syn 100ste út de rebound fan in frije traap fan Lourens van der Pol.
Bij it 4de doelpunt yn de 90ste minút luts Bauke de bal prachtich werom op Habtamy en dy skoarde no wol. Einstân 4-1

Pupillen fan de wike

Tsjeard Witteveen en Reinder Bootsma mei Habtamu de Hoop

100

Lokwinsken foar Hendrik de Jong mei syn hûndertste SDS doelpunt

Berlikum 2 – SDS 2

Lange tiid mei 10 man spile en der in gelykspul útslepe. Kaartenpakker wie Jort S en doelpuntenmakker wie Arjen Los.

SDS VR 1 winne

Yn Skearnegoutum skoarde Jeska Terpstra de 0-1 en Femke Terpstra  de 0-2.

SDS 3 wint

SDS 3 starte juster stroef tsjin WPB 4, mar stiet nei 4 prachtige oanfallen mei de rêst mei 4-1 foar. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Dirk-Yde (2x), Robert en Tsjipke. Harm-Auke skoorde foar WPB mei in prachtige kopbal.
Yn de twadde helte makken Henk en Jeroen der 6-1 fan.

SDS 4 ûnderút

SDS 4 ferlear juster foar it earst dizze kompetysje. Sy gienen mei 2-1 ûnderút by Hielpen 1. Andries Lanting wie de doelpuntenmakker en de neisit wie dêr wol prima.

Fermissing

Ik woe graach in fermissing troch jaan,
Signalement: linker foutbal skoech
Foar it lest sjoen: sneon 13 Oktober om en nabij 10.00 oere
Wer: Boks 1 op sportpark De Skoalleseize yn Easterein.

Wolle jim helpe dizze fermissing op te lossen?

de fertrietlike rjochter skoech, hij mist syn wederhelft ontsettend.

Groetnis René

Jo15-2 better op dreef!

Hoi allegeare, wat prachtig waar hjoed bij de thuswedstriid yn Nijlân tsjin Franeker Jo15-3. We hiene de 3 J’s blesseert op de bank. Jelmer, Jasper en Jetse. Dan bliuwe der noch 11 oer. Lokkich dat Tiemen fan Jo15-1 mei dwaan koe. Top!
We setten fel útein. Skerp op de bal en fair yn de duels. De ôfronding koe eerst better. Trije kânsen op rij waarden mist. Mar dernei kaam dochs de eerste goal. Sije makke út in prachtige djippe bal de 1-0. Dernei begûn it te rinnen. Mooi oerspyljen en snelle útfallen fan Pieter B soarchen dat we snel op 4-0 sieten. De lêste 5 minuten foar de thee namen de mannen gas werom, mocht Franeker komme, wêr troch Lennert oan de bak moest. Dat die der súper. Hij hold de nul!
Twadde helte wie de schroom hielendal fuort en spielen de mannen de mooi op los. De opdracht wie rust oan de bal en dat ha se goed útfiert. De folgende goals kamen der oan: 5-0 Pieter, 6 Sije, 7 Joop, 8 en 9 Pieter, 10 in ED en 11 Redmer. En de 2 counters fan Frentsjer wiene foar Lennert. Super!
Tsja, dan geane je noflik it wykein yn.
Nije wyke binne we frij. Dat we geane lekker trainen, de blessures kinne dan mooi herstelle en we melde ús wer de 27e!⚽️
Groetnis fan Tseard, Hans, Jelmer en Gosse

Wat een prestatie in Easterein!

Vooraf de wedstrijd vroeg de coach of iedereen vrijdagavond na sesamstraat en

de fabeltjeskrant of ze vroeg hun oogjes dicht en snaveltje toe wouden doen want het was een vroege thuiswedstrijd tegen Vv Oosterlittens.

In de beker werden we verslagen met 4-2 daar dus vandaag revanche!
Voordat

Arnout Meijer floot voor de toss gingen we hem in het kader van de week van de scheidsrechter in het zonnetje zetten doosje merci en nee geen geld bedragen

omkoop schandalen zoals in België.
De 1e helft was af en toe😧. Een onoplettendheid op het middenveld en helaas 0-1 achter.
In de rust en wat de supporters ook eiste van de coach geef ze een donderpreek!
Ik stond met een rechte rug en een boze blik voor ze. 2e helft begon waar supporters rijen dik voor de koffie corner nog stonden begonnen we gewoon en tik tak 1-1 supporters renden naar buiten en zagen de 2-1 nog gelukkig op het nippertje. De time was er en ik liet ze mijn briefje zien daar stond op geschreven 2-1 ik wil de 3-1 en gaf ze een compliment over de eerste 15 min van de 2e helft. En jahoor daar stond onze gouden wissel sander velzen op het juiste plekje 3-1💪.
Door een foute ingreep werd het nog 3-2 maar was het Wiebren mede door een team prestatie die 4-2 maakte en het was over en uit!
Winst in de streekderby!
Groetjes Dennis

Efkes Balje

At jim tinke dat it Efkes Baljen in bezichheid is fan fuotballers dy’t wat oan it ôfbouwen binne, dan sitte jim der hielendal neist.
Eltse Efkes Baller hat nei alle wierskynlikheid sa syn eigen yndividueel ûntwikkeltema en hoe’t dy der útsjogge witte se meast net fan elkoar. Dat soarte dingen hawwe se it net oer.
Sa tink ik dat der ien wurket oan mear krêft (de bikkel), in oare oan mear taktysk ynsicht en in tredde yn it oangean mei it falen fan it skoarend fermogen.
Juster waard ek dúdlik dat ien him totaal ûntwikkelje wol en dat lekte juster út.

It kollektyf wie justerjûn fan betinken dat se dêr as kollektyf oan mei wurkje woene.
Mei 3 tsjin 4 jout dat wat minder mooglikheden mar foar ien ûnderdiel koe prima beoefene wurde: blokkeare.
En sa wiene der justerjûn samar 7 blokkearfriezen dwaande en koe de totaalûntwikkelder dat ûnderdiel ôfstreepje. Want der waard wat ôf blokkearre.
Rigels waarden juster ek fleksibel ynsetten om de spanning der yn te hâlden.
Neidat alle geastlike blokkades der wer útballe wiene koe de balâns opmakke wurde.
Blokkear3: Frank, Harry en Johan  sij woene de earste partij
Blokkear4: Menno, Folkert Rients, Wybren en Aant sij woene de twadde partij