Sneon 12 juny fuotbalklinik foar de MO17 en famkes dy ’t it ek leuk liket

Weppers woansdei 2-6-2021
2 juni 2021
Efkes Ballers yn Oranje
4 juni 2021

Op de slotdei fan de SDS-jeugd op sneon 12 juny is der in klinik foar de famkes fan de MO17 troch de nije trainer en assistent-trainer fan SDS Vr.1, Johan Wittermans en Richard de Greef.
Neist de MO17 meie der ek famkes meidwaan dy ’t it leuk liket om ris te fuotbaljen.
Famkes kinne harren opjaan fia dit formulier. Ful dan efkes yn by team; overige.
Meidwaan is fergees!
It begjint fanôf in oer as 9.00 oere.